Springe nei ynhâld

Olympyske Winterspullen 2006

Ut Wikipedy
XXe Olympiade
holden yn Turyn, Itaalje
jier 2006
dielnimmende lannen 80
dielnimmende atleten 2.633
eveneminten 84 yn 7 sporten
iepeningsseremoanje 10 febrewaris
slutingsseremoanje 26 febrewaris
edysjes
foarige 2002 Salt Lake City
folgjende 2010 Vancouver
Temaside  Sport

De Olympyske Winterspullen 2006, ek wol de XXe Olympiade neamd, waarden yn 2006 hâlden yn de Italjaanske stêd Turyn fan 10 oant en mei 26 febrewaris.

De Spullen fûnen úteinlik op twa ferskate lokaasjes plak. Alle iissporten en de iepenings- en slutingsseremoanje fûnen yn en direkt rûnom Turyn plak. De metro fan Turyn wie dêrfoar oanlein. De oare sporten fûnen plak yn de omjouwing fan Sestriere, yn de bergen westlik fan Turyn (op sawat oardel oere riden). Dêrom wiene der meardere Olympyske doarpen om atleten te hûzjen, sawol yn Turyn as yn de bergen.

Kaart fan Turyn en omjouwing
Plak Akkkommodaasje Ynformaasje
Turyn
Medal Plaza Medalje-útrikking
Olympysk doarp Underkommen atleten
Olympysk Stadion Iepenings- en slutingsseremoanje
Oval Lingotto Reedriden
Palasport Olimpico Iishockey
Palavela Shorttrack, Keunstriden
Torino Esposizioni Iishockey
Bardonecchia
Melezet Snowboarden
Olympysk doarp Underkommen atleten
Cesana Torinese
Cesana San Sicario Biatlon
Cesana Pariol Bobslydzjen, rodeljen, skeleton
San Sicario Fraiteve Alpineskyen
Pinerolo
Palazzo Polifunzionale del Ghiaccio Curling
Pragelato
Pradzalà Skânsspringen, Noardske kombinaasje
Pragelato Plan Skyrinnen, Noardske kombinaasje
Sauze d'Oulx
Jouvenceaux Freestyleskyen
Sestriere
Olympysk doarp Underkommen atleten
Sestriere Borgata Alpineskyen
Sestriere Colle Alpineskyen

Op de Spullen fan 2006 stiene sân sporten op it programma en 84 ûnderdielen ferdield oer 15 dissiplines.


 Plak  Lân NOK Goud Sulver Brûns Totaal
1 Dútslân Flagge fan Dútslân GER 11 12 6 29
2 Feriene Steaten Flagge fan de Feriene Steaten USA 9 9 7 25
3 Eastenryk Flagge fan Eastenryk AUT 9 7 7 23
4 Ruslân Flagge fan Ruslân RUS 8 6 8 22
5 Kanada Flagge fan Kanada CAN 7 10 7 24
6 Sweden Flagge fan Sweden SWE 7 2 5 17
7 Súd-Korea Flagge fan Súd-Korea KOR 6 3 2 11
8 Switserlân Flagge fan Switserlân   SUI 5 4 5 14
9 Itaalje Flagge fan Itaalje ITA 5 0 6 11
10 Frankryk Flagge fan Frankryk FRA 3 2 4 9
Nederlân Flagge fan Nederlân NED 3 2 4 9

Fryske medaljes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Medalje Namme Sport Underdiel
Sulver Sven Kramer Reedriden Manlju, 5 km
Brûns Sven Kramer Reedriden Manlju, team
Brûns Ireen Wüst Reedriden Froulju, 1500 m
Goud Ireen Wüst Reedriden Froulju, 3 km

Dielnimmende lannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Dielnimmende lannen. Grien: minder as 10, blau: 10-49, oranje: 50-99 en read: mear as 100 atleten.

In rekordoantal fan 80 lannen die mei oan de Spullen. Dat wiene der trije mear as by de foarige edysje. Albaanje, Etioopje en Madagaskar debutearren. Algerije, Kosta Rika, Lúksemboarch, Noard-Korea, Portegal en Senegal makken harren rentree. Yn ferliking mei de foarige edysje diene Fidzjy, Jamaika, Kameroen, Meksiko, Puerto Riko en Trinidad en Tobago net mei.


Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Olympyske Spullen
Simmerspullen: Atene 1896 | Parys 1900 | St. Louis 1904 | Londen 1908 | Stokholm 1912 | Antwerpen 1920 | Parys 1924 | Amsterdam 1928 | Los Angeles 1932 | Berlyn 1936 | Londen 1948 | Helsinki 1952 | Melbourne 1956 | Rome 1960 | Tokio 1964 | Meksiko (stêd) 1968 | München 1972 | Montreal 1976 | Moskou 1980 | Los Angeles 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 (2021) | Parys 2024 | Los Angeles 2028 | Brisbane 2032
Winterspullen: Chamonix 1924 | Sankt Moritz 1928 | Lake Placid 1932 | Garmisch-Partenkirchen 1936 | Sankt Moritz 1948 | Oslo 1952 | Cortina d'Ampezzo 1956 | Squaw Valley 1960 | Innsbruck 1964 | Grenôble 1968 | Sapporo 1972 | Innsbruck 1976 | Lake Placid 1980 | Sarajevo 1984 | Calgary 1988 | Albertville 1992 | Lillehammer 1994 | Nagano 1998 | Salt Lake City 2002 | Turyn 2006 | Vancouver 2010 | Sotsji 2014 | Pyeongchang 2018 | Peking 2022 | Milaan en Cortina d'Ampezzo 2026
· · Berjocht bewurkje