Finlân
Suomen tasavalta (Finsk) Republiken Finland (Sweedsk) | |
Folksliet: Maamme (Finsk) Vårt land (Sweedsk) | |
Haadstêd | Helsinki |
Offisjele taal | Finsk |
Sweedsk | |
Erkende streektaal | Samysk |
Steatsfoarm | Parlemintêre republyk |
- presidint | Sauli Niinistö |
- regearlieder | Petteri Orpo |
Unôfhinklikheid | 1917 |
Oerflak | 338.424 km² |
- wetter | 10% |
Ynwennertal | 5.509.717 (2017) |
Befolkingstichtens | 16 ynwenners/km² |
Muntienheid | Euro (EUR) |
Tiidsône | EET (UTC+2) |
- simmertiid | EEST (UTC+3) |
Nasjonale feestdei | 6 desimber |
Ynternetdomein | .fi |
Telefoan | +358 |
ISO 3166 | FI, FIN, 246 |
Finlân is in Skandinavysk lân yn Noard-Jeropa. De haadstêd fan Finlân is Helsinki. De republyk hie mei Tarja Halonen sûnt 2000 de earste froulike presidint. Mei de oare Skandinavyske lannen hat Finlân in sterke histoaryske en kulturele bân, mar ek organisatoarysk is Finlân lid fan de Noardske Ried.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Finlân wurdt begrinzgje troch:
- Noarwegen yn it noarden;
- Ruslân yn it easten;
- de Finske Golf yn it suden;
- de Eastsee yn it súdwesten;
- Sweden en de Botnyske Golf yn it westen.
De Ålandseilannen foarmje in autonome provinsje fan Finlân.
Finlân wurdt wol it lân fan de tûzen marren neamd. Foaral yn it súdeasten fan it lân lizze talleaze marren en markes. It noardlikste part fan Finlân heart by Laplân, wêr de Lappen of Saami wenje.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Finlân hat in koel mar gemiddeld klimaat. It klimaat fan Finlân wurdt beynfloede troch de Golfstream, dy't waarme wetter nei it noarden fan Europa oanfierd. Dat makket dat it klimaat fan Finlân wat mylder is as oare parten fan Europa dy't op deselde breedtegraad lizze. Yn 'e winter is it yn Finlân frij koel, mei temperatueren dy't faak ûnder it friespunt lizze. Yn 'e simmer is it yn it suden fan Finlân relatyf waarm, mei temperatueren dy't gauris om 'e 20 graden Celsius hinne lizze. Yn it suden fan Finlân leit de jierlikse delslach sa likernôch tusken de 600 en 700 mm.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de skriftlike boarnen fan de Romein Tacitus wurdt der foar it earst ferwiist nei de Fenni, in folk yn it noarden fan Finlân, mar hy hied er likegoed de Samy mei bedoele kind. Foar de Wytsingen wie Finlân sawol om de hannel as om plonderingen bekend.
Finlân hearde fan 1200 ôf by Sweden oant it yn 1809 troch Ruslân ferovere waard. Finlân ferklearre himsels ûnôfhinklik yn 1917, en waard yn 1918 erkend. De kommunisten en konservativen bekampen inoar yn de Finske Boargerkriich. De konservativen, stipe troch it Dútske ryk, wûnen de kriich en foarmen in demokrasy. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard Finlân op 'e nij oanfallen troch Ruslân dy't Kareelje beset hold.
Wilens de Kâlde Kriich wie de ynfloed fan de Sowjetuny yn Finlân navenant grut, mar wie dêrfan net in satellytsteat. Mei troch de ein fan de Sowjetuny yn 1991 lei Finlân him mear ta op gearwurking mei West-Jeropa. Yn 1995 waard Finlân lid fan de Jeropeeske Uny en krige yn 2002 de euro. Finlân hat him op 4 april 2023 oansletten by de Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Finlân hat sa'n fiif miljoen ynwenners wêrfan it grutste part yn it suden wennet, ien/fiifdepart fan de ynwenners wennet yn of om de stêdekloft Helsinki. Yn Laplân is de befolkingstichtens minder as 2 ynwenners de km². Finsk en Sweedsk binne de offisjele talen yn Finlân. Likernôch 5% fan de befolking hat it Sweedsk as foarste taal, wêrfan it meastepart yn it (súd-)westen wennet. Op de autonome Åland eilannen is de fiertaal Sweedsk. Lykas ek yn Noarwegen en Sweden wenje der yn Finlân de Samy. It Samy is in minderheidstaal mei likernôch 25.000 sprekkers.
De grutste stêden fan Finlân binne:
- Helsinki: De haadstêd fan Finlân en de grutste stêd fan it lân mei in befolking fan mear as 656.920 ynwenners yn 'e stêd en mear as 1,3 miljoen ynwenners yn 'e stêdekloft.
- Espoo: 292.796 ynwenners.
- Vantaa: 237.231 ynwenners.
- Tampere: 219.624 ynwenners.
- Turku: 184.190 ynwenners.
Polityk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Finlân is in parlemintêre demokrasy en syn grûnwet stamt út 1919. Alle Finnen dy't 18 jier of âlder binne hawwe stimrjocht. It Finske parlemint, de Eduskunta, is ferantwurdlik foar it meitsjen fan wetten en it bestjoer fan it lân. It parlemint bestiet út 200 sitten dy't alle fjouwer jier keazen wurdt. De Eduskunta kiest de premier fan it lân. De premier jout lieding oan it Finske regear hat de politike lieding oer it lân. De Finske presidint is ferantwurdlik foar it ûndertekenjen fan wetten dy't troch it parlemint oannommen binne en foar it ûnderhâlden fan bûtenlânske ferhâldingen. De Finske presidint is ek de heechste befelhawwer fan it Finske leger.
Finlân is sûnt 1955 lid fan de Feriene Naasjes, sûnt 1989 fan de Rie fan Jeropa, sûnt 1995 fan de Jeropeeske Uny en sûnt 2023 fan de Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Finlân is in lân mei in moderne ekonomy. It is in lân mei in hege leefstandaard en in lân mei in grutte middenklasse. De wichtichste sektoaren yn 'e ekonomy fan Finlân binne de masinebou, de elektronika-yndustry en de tsjinstesektor. De wichtichste eksportprodukten fan Finlân binne masine-apparatuer, elektronika en auto's. Dêrneist hat Finlân ek in protte súksesfolle bedriuwen yn 'e ynformaasje- en kommunikaasjetechnologysektor. Finlân hat relatyf in protte ynvestearringen dien yn 'e ûntwikkeling fan duorsume enerzjyboarnen lykas wynenerzjy en biomassa.
Transport
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste seehavens fan Finlân binne Hamina, Helsinki, Kokkola, Kotka, Naantali, Pori, Raahe, Rauma en Turku. Helsinki hat it grutste fleanfjild fan Finlân. De maksimum snelheid op de autodyk is 100 of 120 km/h.
It Finske spoarnetwurk wurdt beheard troch it bedriuw VR Groep en it bedriuw hat in protte treinen dy't ferskate dielen fan it lân tsjinje. Finlân hat ek in ferskaat oan fleanfjilden, wêrûnder in oantal ynternasjonale fleanfjilden. De grutste lofthaven fan Finlân, Helsinki-Vantaa Airport, ûnderhâldt ferbiningen mei in grut tal bestimmingen yn Europa en oare dielen fan 'e wrâld.
Toerisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Finlân is in populêre toeristyske bestimming foar minsken út oare lannen dy't graach de natoer en de kultuer fan it lân ûnderfine wolle. It lân hat in protte te bieden oan toeristen, wêrûnder prachtige landskippen, moaie strannen, in rike kultuer en skiednis. Yn 'e simmer binne de strannen en eilannen fan Finlân in populêre bestimming foar badgasten en wettersporters. Yn 'e winter binne de sky-gebieten fan Finlân in populêre bestimming foar wintersportleafhawwers dy't graach skyë of snowboarde wolle. Finlân hat ek in protte musea en kulturele sintra dy't nijsgjirrich binne foar toeristen dy't mear witte wolle oer de skiednis en de kultuer fan it lân. De haadstêd Helsinki is ek in populêre bestimming foar toeristen, mei in protte winkels, restaurants, en oare toeristyske attraksjes.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jeropeeske Uny | ||
---|---|---|
Lidsteaten: Belgje • Bulgarije • Denemark • Dútslân • Eastenryk • Estlân • Finlân • Frankryk • Grikelân • Hongarije • Ierlân • Itaalje • Kroaasje • Letlân • Litouwen • Lúksemboarch • Malta • Nederlân • Poalen • Portegal • Roemeenje • Syprus • Sloveenje • Slowakije • Spanje • Sweden • Tsjechje | ||
Ultraperifeare regio's: Frankryk: Frânsk-Guyana • Gûadelûp • Majot • Martinyk • Réunion • Sint-Marten Portegal: Azoaren • Madeara Spanje: Kanaryske Eilannen | ||
Kandidaat-lidsteaten: Albaanje • Bosnje • Georgje • Moldaavje • Montenegro • Noard-Masedoanje • Oekraïne • Servje • Turkije | ||
· · |
Noardske Ried | |
---|---|
Lannen: Denemark • Finlân • Yslân • Noarwegen • Sweden | |
Autonome gebieten: Ålâneilannen • Fêreu-eilannen • Grienlân | |
· · |