Springe nei ynhâld

Olympyske Simmerspullen 1980

Ut Wikipedy
XXIIe Olympiade
holden yn Moskou, Sowjetuny
jier 1980
dielnimmende atleten 5.217
eveneminten 203 yn 21 sporten
iepeningsseremoanje 19 july
slutingsseremoanje 3 augustus
edysjes
foarige 1976 Montreal
folgjende 1984 Los Angeles
Temaside  Sport

De Olympyske Simmerspullen 1980 ek wol de XXIIe Olympiade neamd waarden yn 1980 yn Moskou, de Sowjetuny hâlden.

 Plak  Lân NOK Goud Sulver Brûns Totaal
1 Sowjetuny Flagge fan de Sovjet-Uny URS 80 69 46 195
2 East-Dútslân Flagge fan East-Dútslân GDR 47 37 42 126
3 Bulgarije Flagge fan Bulgarije BUL 8 16 17 41
4 Kuba Flagge fan Kuba CUB 8 7 5 20
5 Itaalje Flagge fan Itaalje ITA 8 3 4 15
6 Hongarije Flagge fan Hongarije HUN 7 10 15 32
7 Roemeenje Flagge fan Roemeenje ROM 6 6 13 25
8 Frankryk Flagge fan Frankryk FRA 6 5 3 14
9 Grut-Brittanje Flagge fan Grut-Brittanje GBR 5 7 9 21
10 Poalen Flagge fan Poalen POL 3 14 15 32

Fanwege de ynfal fan de Sowjetuny yn Afganistan yn de lêste wike fan desimber 1979 (Afgaanske oarloch 1979-1989), stelde de Amerikaanske presidint Jimmy Carter in ultimatum oan de Sowjetuny: de Feriene Steaten soene net oan de Spullen yn Moskou meidwaan as de Sowjet-troepen har net weromlutsen hiene foar 20 febrewaris 1980. Dat ultimatum wie alhiel tsjin de Olympyske gedachte, dy't foarskriuwt dat sport en polityk strikt skieden bliuwe moatte. Op 21 maart waard de offisjele boycot bekind makke.

Presidint Carter oefene druk út op ferskeidene lannen om it Amerikaanske foarbyld te folgjen. De regearingen fan in oantal befreone lannen, bygelyks Grut-Brittanje en Austraalje, stipen de boycot, mar lieten de kar om ôf te reizigjen oan de yndivyduele atleten oer. De Amerikaanske atleten krigen dizze kar net, Carter drige sels it paspoart yn te lûken fan eltse atleet dy't nei de Sowjetuny ôfreizigje soe. Uteinlik soene 65 lannen de útnûging om diel te nimmen oan de Spullen net oannimme; 45 oant 50 diene dat yn alle gedachten yn ferbân mei de boycot.

De Nederlânske regearing ûnder lieding fan Dries van Agt woe dat Nederlân ek mei die oan de boycot. De Nederlânske sportbûnen fielden dêr lykwols neat foar. Sy fregen har ôf wêrom't de sport opdraaie moast foar it falen fan de ynternasjonale polityk. De Nederlânske delegaasje naam lykwols gjin diel oan de iepeningsseremoanje.

Boycotsjende lannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]



Dielnimmende lannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Dielnimmende Lannen Olympyske Simmerspullen 1980

80 lannen diene mei oan de Olympyske Simmerspullen yn Moskou. It leechste oantal dielnimmende lannen sûnt Melbourne 1956. Dat wie foaral te witen oan de Amerikaanske Boycot.


Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Olympyske Spullen
Simmerspullen: Atene 1896 | Parys 1900 | St. Louis 1904 | Londen 1908 | Stokholm 1912 | Antwerpen 1920 | Parys 1924 | Amsterdam 1928 | Los Angeles 1932 | Berlyn 1936 | Londen 1948 | Helsinki 1952 | Melbourne 1956 | Rome 1960 | Tokio 1964 | Meksiko (stêd) 1968 | München 1972 | Montreal 1976 | Moskou 1980 | Los Angeles 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 (2021) | Parys 2024 | Los Angeles 2028 | Brisbane 2032
Winterspullen: Chamonix 1924 | Sankt Moritz 1928 | Lake Placid 1932 | Garmisch-Partenkirchen 1936 | Sankt Moritz 1948 | Oslo 1952 | Cortina d'Ampezzo 1956 | Squaw Valley 1960 | Innsbruck 1964 | Grenôble 1968 | Sapporo 1972 | Innsbruck 1976 | Lake Placid 1980 | Sarajevo 1984 | Calgary 1988 | Albertville 1992 | Lillehammer 1994 | Nagano 1998 | Salt Lake City 2002 | Turyn 2006 | Vancouver 2010 | Sotsji 2014 | Pyeongchang 2018 | Peking 2022 | Milaan en Cortina d'Ampezzo 2026
· · Berjocht bewurkje


Olympyske Simmerspullen 1980

Atletyk | Baanhurdfytsen | Basketbal | Bôgesjitten | Boksen | Dykhurdfytsen | Follybal | Fuotbal | Gewichtheffen | Gymnastyk | Hânbal | Hynstesport | Hockey | Hurdsilen | Judo | Kanofarren | Keunstdûken | Moderne fiifkamp | Roeien | Sjitsport | Skermjen | Swimmen | Wetterpolo | Wrakseljen