Springe nei ynhâld

Brazylje

Ut Wikipedy
República Federativa do Brasil
Flagge fan Brazylje Wapen fan Brazylje
Flagge Wapen
Lokaasje fan Brazylje
Offisjele taal Portugeesk
Haadstêd Brasilia
Steatsfoarm Federale republyk
Presidint Lula da Silva
Gebiet
% wetter
8.511.965 km²
0,65%
Ynwenners (2005) 186.405.000
Munt Real (BRL)
Tiidsône UTC -2 oant -5
Nasjonale feestdei 7 septimber
Lânkoade BRA
Ynternet .br
Tillefoan 55

Brazylje, sûnt 1964 offisjeel de Federative Republyk Brazylje, is in lân yn Súd-Amearika. De haadstêd is Brasilia en de presidint fan de republyk is sûnt 2023 Lula da Silva.

Brazylje wurdt begrinzge troch:

Brazylje is it op fjouwer nei grutste lân op ierde en it grutste lân fan Súd-Amearika en nimt hast de helte fan it wrâlddiel yn. De eastgrins wurdt foare troch de Atlantyske Oseaan, dêr't de smelle kuststripe fan tichtbefolke is. Yn it noarden wurdt it lânskip bepaald troch tropysk reinwâld dy't har nei it suden útstrekt ta it Amazoneleechlân. Dat gebiet is it biotoop fan ûntelbere soarten bisten mei in unyk ekosysteem. De grutste rivier fan Brazylje is de Amazône. It lân is ryk tabedield my boaiemskatten.

Brasilia is de haadstêd fan it lân. Foar 1960 wie dat Rio de Janeiro en noch earder wie it oant 1763 Salvador. Oare grutte stêden binne: São Paulo, Belo Horizonte, Fortaleza, Curitiba, Manaus, Recife, Porto Alegre, Belém en Goiânia.

Alde kaart fan Brazylje út 1519

Brazylje waard al yn it 8e millenium f.Kr. bewenne troch Yndianen. Om-ende-by 1500 arrivearren de earste Jeropeanen yn de kustgebieten, dy't yn de 17e iuw Portegeesk besit waarden.

Yn 1807 flechte it Portegeeske keninlik hûs foar de legers fan Napoleon nei Brazylje. Fan dat stuit ôf waard Rio de Janeiro de facto de haadstêd fan it Portegeeske ryk. De nasjonale bibleteek waard oprjochte en de earste universiteiten stiften. Doe kening Johan IV yn 1821 nei Portegal werom kearde bleau syn soan Peter efter yn Brazylje. Yn 1822 proklamearre hy de ûnôfhinklikens fan it memmelân en ferkleare himsels ta keizer Peter I. Trije jier letter waard de ûnôfhinklikens erkend. Yn 1831 waard keizer Peter I opfolge troch Peter II. Mei de eksport fan kofje begûn de ekonomyske bloei. Yn 1889 brocht de nije elite fan kofjebaronnen de monargy ten fal en stelde in federale republyk yn.

Yn 1961 gripe de militêren de macht dy't oant-en-mei de earste ferkiezings fan 1982 it lân regeare. Yn 1985 krijt Brazylje syn earste boargerpresidint en yn 1988 in nije grûnwet. It leger hat lykwols noch hieltyd in soad ynfloed op it regear.

It lân wurdt troch in protte lytse etnyske groepen bewenne, dêr't de oerspronklike yndiaanske befolking fan de lytste groep foarmet.

De rike opbringsten fan de lânbou soargje foar in protte ynkomsten. Utsein de feefokkerij wurdt benammen kofje, kakau, soja en sûker, tabak, stynske weet en katoen ferboud. De autoyndustry en taleveringsbedriuwen domineare it sterk yndustraliearre lân.

It BYP per persoan is $9.500 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 5,5% lânbou, 28,7% yndustry en 65,8% tsjinsten.

Commons Commons: Brazylje – foto, fideo en harktriemmen