2004
jier
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Jierren: | 1999 | 2000 | 2001 | 2002 | 2003 | 2004 | 2005 | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
2004 MMIV |
Ab urbe condita | 2757 |
Armeenske kalinder | 1453 ԹՎ ՌՆԾԳ |
Etiopyske kalinder | 1996 – 1997 |
Hebriuwske kalinder | 5764 – 5765 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 2059 – 2060 |
- Shaka Samvat | 1926 – 1927 |
- Kali Yuga | 5105 – 5106 |
Iraanske kalinder | 1382 – 1383 |
Islamityske kalinder | 1425 – 1425 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4700 – 4701 庚未 – 辛申 |
2004 is in skrikkeljier dat begjint mei in tongersdei. (Gregoriaanske kalinder foar 2004.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 2000-er jierren.
Foarfallen
bewurkje seksje- jannewaris
- 3 - It ferkearsfleantúch Flash Airlines-flecht 604 stoart foar de kust fan Egypte del yn 'e Reade See, wêrby't alle 148 ynsittenden omkomme.
- 4 - It Mars Exploration Rover-projekt fan 'e Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA giet fan start as de Spirit as de earste fan 'e 'rovers' súksesfol it oerflak fan 'e planeet Mars berikt om dêr ûndersyk te dwaan.
- febrewaris
- 4 - De Amerikaan Mark Zuckerberg rjochte it sosjaal medium Facebook op.
- 26 - De Masedoanyske presidint Boris Trajkovski komt om as syn fleantúch delstoart yn 'e neite fan 'e Bosnyske stêd Mostar.
- 29 - By in steatsgreep yn Haïty wurdt presidint Jean-Bertrand Aristide ôfset. Neitiid wurdt in interim-regear oansteld ûnder lieding fan Gérard Latortue.
- maart
- 2 - By in rige bomoanslaggen op sjiïtyske moslims dy't yn 'e Iraakske stêd Karbala de Asjoerabetinking hâlde, komme mear as 140 minsken om.
- 11 - By inkele bomoanslaggen, troch islamistyske terroristen op in trein yn 'e Spaanske haadstêd Madrid, komme 192 minsken om.
- 19 - De Kanadeeske provinsje Kebek fiert it homohoulik yn.
- 22 - Sjeik Achmed Jassin, de oprjochter en geastlik lieder fan 'e militante Palestynske Hamas-beweging, wurdt yn 'e Gaza-stripe fermoarde troch de Israelyske Loftmacht (mei ynset fan in gefjochtshelikopter).
- 28 - De orkaan Catarina, de earste tropyske sykloan ea registrearre yn 'e súdlike Atlantyske Oseaan, komt yn 'e Brazyljaanske steat Santa Catarina oan lân, feroarsaket dêr 11 deaden en rjochtet grutte skea oan.
- 29 - Estlân, Letlân, Litouwen, Slowakije, Sloveenje, Roemeenje en Bulgarije wurde lid fan 'e NATO.
- april
- 8 - Under ynternasjonale druk tekenje it regear fan Sûdaan en twa rebellegroepearrings de Oerienkomst foar in Humanitêr Sjitferbod, dy't foar in skoft soargje moat yn 'e Oarloch yn Darfoer.
- 17 - Mei raketten ôfsketten út helikopters op in konfoai fan auto's yn 'e Gaza-stripe fermoardet it Israelyske leger Abdel Azyz al-Rantisi, in foaroanman fan 'e militante Palestynske Hamas-beweging.
- 18-25 - it wrâldkampioenskip keatsen wurdt holden yn 'e Italjaanske stêden Alba en Imperia.
- 24 - By de referinda oer it Annanplan foar de weriening fan Syprus en Noard-Syprus stimme de Syprioatyske Turken yn Noard-Syprus foàr, wylst de Syprioatyske Griken yn Syprus it plan fersmite.
- maaie
- 1 - Estlân, Letlân, Litouwen, Poalen, Tsjechje, Slowakije, Hongarije, Sloveenje, Malta en Syprus wurde lid fan 'e Jeropeeske Uny.
- 1 - Yn Nederlân geane de Nederlânsk-Herfoarme Tsjerke, de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân en Evangelysk-Lutherske Tsjerke yn it Keninkryk fan de Nederlannen op yn 'e nije Protestantske Tsjerke yn Nederlân (PKN).
- 10 - De Frjentsjerter Dave Steensma, sersjant by de Nederlânske Loftmobile Brigade, komt om by in oanslach yn Irak.
- 17 - De Amerikaanske steat Massachusetts fiert it homohoulik yn.
- 31 - Keatsen: Berltsum wint foar de 4e kear de Bûnspartij foar Senioaren. Troch dizze oerwinning wurdt Auke van der Graaf de 12de keatser dy't it Klaverke Fjouwer wint.
- juny
- 6 - De 1.000e side fan Fryske Wikipedy wurdt skreaun: Fryske flagge.
- 12 - Yn Fryslân wurdt de twadde edysje fan 'e Slachtemaraton holden.
- 28 - De ynternasjonale koälysje dy't Irak beset, laat fan 'e Feriene Steaten, draacht de macht yn it lân oer oan it Iraaksk Interimregear.
- 30 - Yn Irak begjinne de tariedings foar de rjochtsaak tsjin 'e eardere diktator Saddam Hoessein, dy't oanklage wurdt foar oarlochsmisdieden en misdieden tsjin 'e minsklikheid.
- july
- 1 - De ûnbemanne romtesonde Cassini-Huygens berikt de planeet Saturnus.
- 1 - Fuotbaltrener Foppe de Haan stoppet nei hast 20 jier by de Fryske klub SC It Hearrenfean. Gertjan Verbeek folget him op.
- 4 - De Fryske band De Kast hâldt syn ôfskiedsoptreden yn de Teatertún yn Riis.
- 14 - It Kanadeeske territoarium Yukon fiert it homohoulik yn.
- augustus
- 4 - Johan Abma, Pieter Scharringa en Daniël Iseger winne de 147e edysje fan de PC-keatspartij yn Frjentsjer.
- 11 - Makkum wint de 100e Freulepartij yn Wommels.
- 13-29 - De Olympyske Simmerspullen wurde yn holden yn 'e Grykske haadstêd Atene.
- 22 - Wapene oerfallers stelle ferskate skilderijen út it Munch Museum yn 'e Noarske haadstêd Oslo, wêrûnder De Skreau.
- 24 - Nei ôfreis fan de Ynternasjonale Lofthaven Domodedovo, yn Moskou, eksplodearret it ferkearsfleantúch Volga-AviaExpress-flecht 1303 yn 'e loft boppe de Russyske provinsje Tûla, wêrby't alle 43 ynsittenden omkomme. Inkele minuten letter eksplodearret in oar ferkearsfleantúch, Siberia Airlines-flecht 1047, boppe de provinsje Rostov, wêrby't alle 46 ynsittenden omkomme. It regear fan Ruslân ferklearret neitiid dat de ûntploffings feroarsake binne troch froulike Tsjetsjeenske selsmoardoanslachdoggers.
- septimber
- 1-3 - By de Gizelingskrisis fan Beslan hâlde islamistyske terroristen yn Beslan, yn 'e Russyske Kaukasus, in hiele skoalle yn gizeling. As it Russyske Leger oergiet ta in bestoarming fan it skoalgebou, wurde dêrby tanks, raketten en oare swiere wapens ynset, mei as gefolch dat mear as 385 minsken omkomme, wêrûnder 186 skoalbern en 148 oare gizelders.
- 7-18 - De orkaan Ivan feroarsaket yn it Karibysk Gebiet en oan 'e Amerikaanske kust fan 'e Golf fan Meksiko 124 deaden en rjochtet foar $23,3 miljard oan skea oan.
- 16 - De Kanadeeske provinsje Manitoba fiert it homohoulik yn.
- 17-28 - De Paralympyske Simmerspullen wurde yn holden yn 'e Grykske haadstêd Atene.
- 24 - De Kanadeeske provinsje Nij-Skotlân fiert it homohoulik yn.
- 24 - Yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert komt Manuel Fetter by in stekpartij om troch sinleas geweld.
- oktober
- 8 - By twa bomoanslaggen yn it Egyptyske baaiplak Taba, op it Sinaï-skiereilân, komme 34 minsken om en reitsje 171 oaren ferwûne. De slachtoffers binne foar it meastepart Israelyske toeristen.
- 16 - Meindert Talma & the Negroes winne yn Fryslân it lietsjesfestival Liet 2004 mei it nûmer Dûnsje, Wyldekat, Dûnsje.
- 29 - De regearingslieders fan 'e lidsteaten fan 'e Jeropeeske Uny ûndertekenje yn Rome in oerienkomst oer in takom jier yn te fieren Jeropeeske Grûnwet.
- novimber
- 2 - By Amerikaanske presidintsferkiezings wurdt George W. Bush werkeazen as presidint fan 'e Feriene Steaten.
- 2 - De Nederlânske regisseur Theo van Gogh wurdt yn Amsterdam fermoarde troch de islamistyske terrorist Mohammed Bouyeri.
- 5 - De Kanadeeske provinsje Saskatchewan fiert it homohoulik yn.
- 22 - Begjin fan 'e Oranje Revolúsje yn 'e Oekraïne, nei't by presidintsferkiezings de pro-Russyske kandidaat Viktor Janûkovitsj mei gebrûk fan stimbusfraude de pro-Westerske kandidaat Viktor Jûsjtsjenko ferslein hat.
- desimber
- 14 - Yn Frankryk wurdt it Millau-fiadukt oer de Delling fan 'e Tarn iepene, de heechste brêge fan 'e wrâld.
- 19 - Sven Kramer fan Aldskoat wurdt yn Thialf Nederlânsk kampioen reedriden oer-alles.
- 21 - By in bomoanslach op 'e Amerikaanske basis Marez, by de Iraakske stêd Mosûl, komme 22 minsken om.
- 21 - De Kanadeeske provinsje Nijfûnlân en Labrador fiert it homohoulik yn.
- 26 - Nei in seebeving fan 9,3 op 'e skaal fan Richter wurde de kusten fan 'e Yndyske Oseaan troffen troch de Aziatyske Tsûnamy. Benammen noardlik Sumatra, yn Yndoneezje, en fierders Tailân, Maleizje, Birma, Sry Lanka, de Maldiven, Yndia en Bangladesj wurde slim troffen, hoewol't sels yn Somaalje noch deaden falle. Yn totaal komme der 230.000 oant 280.000 minsken om yn 14 ferskillende lannen.
- 30 - By de brân yn de República Cromañón-nachtklub yn 'e Argentynske haadstêd Buenos Aires, komme 194 minsken om.
- 31 - Yn 'e Taiwaneeske haadstêd Taipei wurdt Taipei 101 iepene, de heechste wolkekliuwer fan 'e wrâld, mei in hichte fan 510 m.
Berne
bewurkje seksje- 27 novimber - Jet Jurgensmeyer, Amerikaansk akteur
Ferstoarn
bewurkje seksje- jannewaris
- 17 - Ritske Numan, Frysk sjonger (* 1921)
- 27 - Harry Verbeke, Frysk muzikant (* 1922)
- febrewaris
- 10 - Kees Vrijling, Nederlânsk politikus (* 1914)
- 14 - Marco Pantani, Italjaansk hurdfytser (* 1970)
- maart
- 9 - Albert Mol, Nederlânsk akteur en skriuwer (* 1917)
- 20 - keninginne Juliana fan de Nederlannen (* 1909)
- 31 - Anne Hellinga, Frysk skriuwer (* 1931)
- april
- 11 - Lászlo Zalai, Hongaarsk fuotballer en fuotbaltrainer (* 1929)
- 15 - Martha van Wichen-Schol, Skylger wurdboekgearstalster en dichteresse (* 1946)
- 18 - Cees Bijlstra, Frysk redakteur en komponist (* 1946)
- 24 - Gertruud Geertje Faber-Hornstra, Frysk bestjoerder (* 1911)
- 29 - Ap Sok, Nederlânsk grafikus en yllustrator (* 1917)
- maaie
- 5 - Thea Beckman, Nederlânsk berneboekeskriuwster (* 1923)
- 10 - Dave Steensma, Nederlânsk militêr (* 1967)
- 19 - Mary Dresselhuys, Nederlânsk aktrise (* 1907)
- 19 - Auke Hettema, Frysk byldhouwer (* 1927)
- 25 - Ethel Portnoy, Nederlânsk skriuwster (* 1927)
- 30 - Annie van der Meer, Frysk hurdrydster (* 1928)
- juny
- 5 - Ronald Reagan, presidint fan 'e Feriene Steaten (* 1911)
- 10 - Ray Charles, Amerikaansk sjonger (* 1930)
- 27 - Fred Ramdat Misier, Surinaamsk politikus (* 1926)
- july
- 1 - Marlon Brando, Amerikaansk akteur (* 1924)
- 8 - Albert H. Friedlander, Joadsk-Amerikaansk rabbyn en skriuwer (* 1927)
- 11 - Haije Kramer, Frysk skaker (* 1917)
- augustus
- 3 - Antoon van Hooff, Nederlânsk dieretúndirekteur en presintator (* 1937)
- 16 - Burnu Acquanetta, Amerikaansk aktrise (* 1921)
- 18 - Lieuwe Heine Bouma, Frysk oersetter (* 1919)
- septimber
- 23 - André Hazes, Nederlânsk sjonger (* 1951)
- 24 - Manuel Fetter, Frysk slachtoffer fan sinleas geweld (* 1972)
- 27 - Bernard Slicher van Bath, Frysk histoarikus (* 1910)
- 27 - Harry de Groot, Nederlânsk muzikant (* 1920)
- 27 - Pieter Jan Leeuwerink, Nederlânsk follyballer (* 1962)
- 28 - Werner Goldberg, Dútsk politikus (* 1919)
- 29 - Ernst van der Beugel, Nederlânsk politikus (* 1918)
- oktober
- 3 - Frits van Turenhout, Nederlânsk programmamakker en sjonger (* 1913)
- 8 - Jacques Derrida, Frânsk literêr kritikus en filosoof (* 1930)
- 16 - Klaas Jacob van Douwen, Frysk politikus (* 1917)
- 18 - Henk de Wilde, Frysk politikus (* 1917)
- 27 - Jan Bruin, Nederlânsk fersetsstrider (* 1923)
- 31 - Willem Augustin, Nederlânsk reedrider en alvestêdeleginde (* 1923)
- novimber
- 2 - Gerrie Knetemann, Nederlânsk hurdfytser (* 1951)
- 5 - Donald Jones, Amerikaansk dûnser (* 1932)
- 11 - Hendrik Kuipers, Frysk bestjoerder (* 1913)
- 11 - Jasser Arafat, Presidint fan Palestina (* 1929)
- 13 - Ol' Dirty Bastard, Amerikaansk muzikant (* 1968)
- 19 - Piet Esser, Nederlânsk byldzjend keunstner (* 1914)
- 23 - Johannes Swierstra, Frysk yngenieur en bestjoerder (* 1920)
- 28 - Anne Koopmans, Frysk skriuwer (* 1933)
- 29 - Johannes Boersma, Nederlânsk wiskundige (* 1937)
- desimber
- 1 - prins Bernhard van Lippe-Biesterfeld, prins-gemaal fan 'e Nederlannen (* 1911)
- 2 - Kevin Coyne, Ingelsk muzikant, skriuwer en skilder (* 1944)
- 27 - Hilda Neihardt, Amerikaansk abbekate en publisiste (* 1916)
Literatuer
bewurkje seksje- romans
- Jim Butcher, Blood Rites
- Guy Gavriel Kay, The Last Light of the Sun
- Elizabeth Moon, Moving Target (ek bekend as Marque and Reprisal)
- novelles
Films
bewurkje seksje
Jierren: | 1999 | 2000 | 2001 | 2002 | 2003 | 2004 | 2005 | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 |
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|