23 septimber
datum
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 septimber | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 |
<< | Septimber | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | ||||||
2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 |
9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 |
16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 |
23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 |
30 | ||||||
2024 |
23 septimber is de 266e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 267e). Der folgje noch 99 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
bewurkje seksje- 1617 - Samuel Coster, P.C. Hooft en Gerbrand Adriaensz. Bredero stiftsje de Eerste Nederduytsche Academie yn Amsterdam.
- 1805 - It (earste) Ferdrach fan St. Peters wurdt sletten tusken de Feriene Steaten en de Eastlike Dakota-Yndianen.
- 1806 - De Ekspedysje fan Lewis en Clark keart werom yn St. Louis nei in súksesfolle oerlânske tocht nei de westkust fan 'e Feriene Steaten.
- 1846 - De planeet Neptunus wurdt ûntdutsen troch de Frânske astronoom Urbain Le Verrier en de Britske astronoom John Couch Adams. De ûntdekking wurdt ferifiëarre troch de Dútske astronoom Johann Gottfried Galle.
- 1862 - De Dakota wurde troch Amerikaanske troepen definityf ferslein yn 'e Slach by Wood Lake. Hjirmei komt in ein oan 'e Dakota-Oarloch fan 1862.
- 1868 - Porto Riko ferklearret him ûnôfhinklik fan Spanje.
- 1884 - Herman Hollerith patintearret syn meganyske optelmasine.
- 1868 - Puerto Riko ferklearret him ûnôfhinklik fan Spanje.
- 1932 - It keninkryk Hedjaz en it sultanaat Nadjd wurden byinoar brocht ta it keninkryk Saûdi-Arabië.
- 1973 - Juan Perón nimt fannijs de macht oer yn Argentinië.
- 1990 - Frederik Willem de Klerk giet nei de Feriene Steaten. Hy is de earste Súd-Afrikaanske presidint dy't dat lân besiket sûnt de ynfiering fan de apartheid.
Berne
bewurkje seksje- 63 f.Kr. - keizer Augustus fan it Romeinske Ryk († 14)
- 1158 - hartoch Godfryd II fan Bretanje († 1186)
- 1555 - Louise fan Coligny, Frânsk ealfrouwe en de fjirde frou fan Willem fan Oranje († 1620)
- 1596 - Joan Blaeu, Nederlânsk kartograaf († 1673)
- 1713 - kening Ferdinand VI fan Spanje († 1759)
- 1854 - Cornelis Lely, Nederlânsk wetterboukundige en politikus († 1929)
- 1865 - Emma baronesse Orczy, Hongaarsk-Ingelsk skriuwster († 1947)
- 1913 - Carl-Henning Pedersen, Deensk keunstskilder († 2007)
- 1930 - Ray Charles, Amerikaansk sjonger en pianist († 2004)
- 1934 - Per Olov Enquist, Sweedsk skriuwer († 2020)
- 1938 - Romy Schneider, Eastenryksk aktrise († 1982)
- 1938 - Jean-Claude Mézières, Frânsk auteur († 2022)
- 1949 - Bruce Springsteen, Amerikaansk sjonger en lietsjeskriuwer
- 1972 - Harley Raine, Amerikaansk pornoaktrise
- 1982 - Shyla Stylez, Kanadeesk pornoaktrise († 2017)
- 1989 - A.J. Applegate, Amerikaansk pornoaktrise
Ferstoarn
bewurkje seksje- 1213 - kening Peter II fan Aragon (* 1174)
- 1738 - Herman Boerhaave, Nederlânsk dokter, anatoom en skiekundige (* 1668)
- 1939 - Sigmund Freud, Eastenryksk psycholooch en psychiater (* 1856)
- 1963 - Hein Buisman, Frysk bûterkeapman en natoerbeskermer (* 1904)
- 1973 - Pablo Neruda, Sileensk dichter en Nobelpriiswinner (* 1904)
- 1981 - Dan George, Kanadeesk opperhaad, dichter en akteur (* 1899)
- 1988 - Teartse van der Zee, Frysk heechlearaar filosofy (* 1906)
- 1988 - Tibor Sekelj, Kroätysk ûntdekkingsreizger (* 1912)
- 2004 - André Hazes, Nederlânsk sjonger (* 1951)
16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 septimber | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|