Lászlo Zalai (Békéscsaba, 1929 - Almelo, 11 april 2004) wie in Hongaarsk fuotballer en fuotbaltrainer. Yn 1956 flechte Zalai fan Hongarije nei Nederlân. Hjir wie hy ien fan de earste diplomearre trainers.

Laszlo Zalai (1967)

Yn desimber 1970 folge Zalai Pim van de Meent op as trainer by PEC Swol. Hjir soe hy trainer bliuwe oant it seizoen 1972/1973. Nei dat seizoen waard Zalai trainer fan SK It Hearrenfean. By dizze klup wie hy ek al trainer yn it seizoen 1965/1966. Doe waard hy ûntslein omdat der in ferskil fan miening hie mei it bestjoer oer ûnder oare it tal trainingen dat yn in wike plak fine moasten. Yn syn twadde perioade by SK It Hearrenfean soe Zalai yn totaal fjouwer jier bliuwe. Ek yn dizze twadde perioade hie Zalai in protte wurden mei it bestjoer en spilers. Oan de ein fan 1977 waard hy ûntslein neidat hy yn de parse sein hie dat it bestjoer net diedkreftich handele. Dochs hat Zalai, hoewol't hy in protte kommentaar hie op minsken fan de klup, in wichtige trainer fan SK It Hearrenfean west. Nettsjinsteande dat de klup net folle sinten hie helle It Hearrenfean goeie resultaten ûnder syn lieding, benammen troch de tige grutte ynset fan Zalai. Assistint Jan Teunissen wie de opfolger fan Zalai by SK It Hearrenfean.

Zalai hat ek noch in skoftke haadtrainer west fan DOS, út Utert.

Op earste Peaskedei 2004 ferstoar Zalai op 75-jierrige leeftyd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: