Berltsum is in doarp dat yn de gemeente De Waadhoeke leit. Fan âlds wie it in flekke, in doarp mei merkrjocht. Berltsum leit noardlik fan Menaam, eastlik fan Wier, westlik fan Bitgum en Bitgummole en besuden Sint-Anne. De doarpskearn bestiet út ferskate strjitten eastlik fan de Koepeltsjerke.

Berltsum
Eardere Hemmemapoarte
Eardere Hemmemapoarte
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Waadhoeke
Sifers
Ynwennertal 2.695 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 7,19 km², wêrfan:
- lân: 7,04 km²
- wetter 0,16 km²
Befolkingsticht. 371 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 14' N 5° 38' E
Offisjele webside
webstee fan Berltsum
Kaart
Berltsum (Waadhoeke)
Berltsum

Sûnt 1963 heart de buorskip Kleaster Eanjum ek by Berltsum. Earder wie Tutgum ek in buorskip, mar Tutgum is no part fan it doarp sels.

Berltsum hat 2.695 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Berltsum is oan it begjin fan de jiertelling as in terpdoarp ûntstien . Yn de midsiuwen lei it plak oan de trachtermûning fan de Middelsee. De flekke hat him út twa doarpen foarme, Tutgum en Berltsum, dy't nei inoar ta groeiden, wat laat hat ta in tige lange Buorren. Berltsum ûntwikkele him as in langhalich doarp, it Berltsumer Wiid bylâns.

Yn de 19e iuw hie it doarp in tramstasjon fan de NTM oan de line Ljouwert-Sint Jabik.

Berltsum leit yn in ikkerbougebiet en wie yn de Planologyske Kearnbeslissing (PKB) en de Fyfte Nota Iepenbiere Romte (2001) oanwiisd as konsintraasjelokaasje foar glêstúnbou. Ein 2004 besleat de Rie foar it Lanlik Gebiet lykwols dat ekstra finansjele stipe fan de ryksoerheid net nedich wie en dat de glêstúnbou konsintrearre wurde moast yn de "greenports" Westland, Oostland, Aalsmeer en omkriten en Venlo.

Sûnt 2018 leit Berltsum yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Menameradiel.

Kleaster Eanjum

bewurkje seksje

Yn de midsiuwen stie yn 'Aningum', doe in tsjerkedoarp oan De Rie by Berltsum, it kleaster Eanjum. Dêr stie boppedat in proasdij fan Augustiner Koarhearen, stifte yn 1256 en in susterkleaster dat nei de wetterfloed fan 1287 (wêrby't 14 nonnen ferdronken) ûntromme waard. It manljuskleaster, geastlik en stoflik meastentiids yn goede tastân, begûn yn 1423 mei kleasterherfoarmingen yn Lúntsjerk en sluet him oan by de kongregaasje fan Windesheim (1429). �� 1520 folgen inkele kanunniken de lear fan Maarten Luther. Yn 1572 wie it kleaster in steunpunt fan Caspar de Robles tsjin de geuzen. Yn 1580 is mei de ynfiering fan de reformaasje it kleaster opheft.[3]

Koepeltsjerke

bewurkje seksje
 
Berltsum ein 18e iuw
  De Wikipedy hat ek in side Koepeltsjerke (Berltsum).

De âlde oarspronklik oan Sint-Michael wijde midsiuwske krústsjerke út 1348 waard yn 1777 ôfbrutsen. De âlde tsjerke hie in swiere toer mei sealtek yn de foarm fan de tsjerke fan Wânswert. De earste stien waard lein troch de soan fan de grytman, baron Georg Wolfgang thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, doe't dy sân jier âld wie. Twa jier letter waard de tsjerke yn gebrûk nomd ûnder it bestjoer fan baron George Frederik thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, grytman fan Menameradiel, en Evert Annes Nauta as tsjerkefâd, kastlein yn herberch “Het wapen van Vriesland”. Syn herberch stie op it plak fan it lettere tramstasjon. Yn de tsjerke is ek by de grutte restauraasje fan 1970 in midsiuwske stien ynmitsele, dy't yn 1951 út de Menamerfeart fiske waard. De stien lit in tsjerke sjen en it Laam Gods, dat ek yn it wapen fan Berltsum foarkomt.[4] Fierder is der yn de tsjerke noch in tinkstien fan de bou fan de skoalle op it stee dêr't no 't Centrum stiet (neist de tsjerke).

It doarpshûs fan Berltsum hjit 't Heechhout' en de doarpskrante "Op 'e Roaster" ferskynt ek yn Wier. De Stifting "Berltsumer Belangen" set him yn foar de promoasje fan Berltsum en it ferbetterjen fan de leefberens. Eartiids waarden de bewenners fan Berltsum útskolden foar hûnefretters.[5]

 
Koepeltsjerke
 
Fermanje
 
Buorren

Ferienings en stiftings

bewurkje seksje

(Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside)

 
De Kamp

Berlingastate is in opfang foar de âlderein en bestiet út 22 (soarch-)apparteminten, fjouwer libbensrinbestindige wenningen en fjouwer wenten oan de Buorren.

"It Piipskoft" is de Berltsumer jeugdsoas. Berltsum hat in regionale funksje wat it útgeanslibben oangiet. Der is in superdiskoteek, The Dance Factory, en in bar-dancing Sans Souci. Der is spesjaal diskoferfier om it útgeanspublyk wer thús te bringen.

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2004
Ynwenners 1310 2445 2315 2329 2269 2148 2350
Jier 2015 2020
Ynwenners 2575 2550

Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2015 en 2020: Alle Cijfers. Oare jierren sûnder boarnefermelding oernommen fan de besteande ynformaasje yn it artikel)

 
Skoallestrjitte

Berne yn Berltsum

bewurkje seksje
Tolfde stêd?

De Alkmaarske gemeentesiktaris Joost Cox makke op 9 febrewaris 2005 bekend dat Berltsum yn de 14e en 15e iuw stedske skaaimerken hân hat. Dêrmei soenen der gjin alve, mar tolve stêden yn Fryslân lizze. Neffens Cox hat Berltsum yn 1355 himsels stedsrjochten takend, mei meiwitten fan de riedsleden fan Westergoa en waard it yn 1470 yn in brief fan de Dútske Hânzestêd Lübeck in stêd neamd. Berltsum lei doe oan de Middelsee. In dokumint mei de ferliening fan stedsrjochten hie Cox lykwols net fûn. Syn bewearing waard tsjinsprutsen troch histoarikus Hans Mol fan de Fryske Akademy. Neffens Mol hie Berltsum him destiids net ta stêd ûntwikkele troch't it te ticht by Ljouwert lei.

Alle strjitten yn Berltsum.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Brouwer, J. H. e.o., Encyclopedie van Friesland, 1958. Anjum, b.
  4. PKN-gemeente Berltsum, oproppen 20 jannewaris 2023
  5. List mei skelnammen, útjûn troch de AFUK yn de jierren 1980 mei ferwizing nei in jierboekje fan de Fryske Akademy, skreaun fan Ph.H. Breuker