De Brêge fan Millau (Frânsk: Viaduc de Millau) is in mearfâldige toaikonstruksje oer de rivier de Tarn, yn de gemeenten Millau en Creissels yn it departemint Aveyron yn Frankryk. De brêge, op 14 desimber 2004 troch doetiidsk presidint Jacques Chirac iepene, is de heechste brêge fan de wrâld: ien fan de pylders is 343 meter heech, justjes heger as de Eiffeltoer. De maksimale hichte fan it brêgedek wurdt allinnich troch de Royal Gorge Bridge (321 meter - Kolorado, Feriene Steaten) oertroffen. De brêge koste 394 miljoen euro.

Fiadukt fan Millau
autowegen noard-súd
Bou fan de brêge yn 2004

De 2460 meter lange brêge draacht de autogongwei A75/E11 (La Méridienne). De wei ferbynt Clermont-Ferrand yn it noarden mei Béziers en Montpellier yn it suden. Foardat de brêge der wie, moat alle ferkear fan Parys nei Perpignan troch Millau, of in omwei nimme nei it easten fia Lyon, 912 of 850 km (autogongwegen A6 en A7) of nei it westen fia de A20 Toulouse-Brive-Limoges-Vierzon, 800 km.

It fiadukt bestiet út acht oerspanningen, ûnderstipe troch sân betonnen pylders. De middelste stikken oerspanne 342 meter, de uterste oerspanningen 204 meter. De brêge leit op 270 meter boppe de rivier de Tarn. Der binne sân mânske brêgepylders boud, wêrfan't de heechste 343 meter de loft yn rikt. Dat is de heechste brêgepylder fan de wrâld. It brêgedek is 32 meter breed, en hat twa rydstripen en in flechtstripe yn beide rydrjochtings.

It fiadukt is de grutste rydreaubrêge yn de wrâld, hast twa kear sa grut as de eardere Europeeske rekordhâlder, de Europabrücke yn Eastenryk. Wat brêgedekhichte oanbelanget komt it fiadukt nei de Royal Gorge Bridge yn Kolorado.

Spesifikaasjes

bewurkje seksje
  • Totale lingte fan it weidek: 2460 m
  • Oantal pylders: 7
  • Hichte fan pylder 7, de koartste: 77 m
  • Hichte fan pylder 2, de langste: 336 m (245 m op it nivo fan it weidek)
  • Hichte fan pilonnen: 87 m
  • Oantal keabels: 154
  • Tsjokkens fan it weidek: 4,20 m
  • Breedte fan it weidek: 32,05 m
  • Totaal folume fan brûkt beton: 127.000 m³
  • Totaal gewicht fan stiel: 19.000 ton
  • Totaal gewicht fan de brêge: 290.000 ton
  • Maksimale wynfaasje: 220 km/o (150 km/o maksimaal ea mjitten yn Millau)
  • Temperatuergrinzen: -35 °C - +45 °C
  • Totale krimp- of útsetlingte: 2,2 m
  • Helling fan it weidek: 3%
  • De brêge beskriuwt (foar in part) in sirkel mei in striel fan 20 km, sa like de brêge ûneinich lang.

Keppeling om utens

bewurkje seksje