1970-er jierren
De 1970-er jierren, ek oantsjut as de santiger jierren en de jierren ’70, wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1971 en duorre it oant en mei 31 desimber 1980, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1970 oant en mei 31 desimber 1979. Yn dit desennium gie de Kâlde Oarloch troch, mar kaam der in ein oan 'e Fjetnamoarloch. De Feriene Steaten rekken yn opskuor troch it Watergate-skandaal, dêr't presidint Richard Nixon úteinlings troch twongen waard om ôf te treden. Yn it Midden-Easten waard frede sletten tusken Egypte en Israel, wylst by de Islamityske Revolúsje yn Iraan de sjah ôfset en ferdreaun waard. Yn Kambodja rjochten de Reade Kmer de Kambodjaanske Genoside oan. De wrâldekonomy rekke ûnderwilens, foar in part troch de Oaljekrisis fan 1973, yn 'e nederklits, mei oanboazjende wurkleazens ta gefolch.
1970-er jierren | ||
De Autoleaze Snein yn Nederlân, fan 4 novimber 1973, y.f.m. de Oaljekrisis. | ||
<< 1960-er jrn • 1970-er jrn • 1980-er jrn >> | ||
1970 • 1971 • 1972 • 1973 • 1974 1975 • 1976 • 1977 • 1978 • 1979 |
Oersjoch
bewurkje seksjeDe 1970-er jierren wiene it fjirde desennium fan 'e Kâlde Oarloch tusken de kapitalistyske Feriene Steaten en de kommunistyske Sovjet-Uny. Hoewol't it gefaar fan in direkte militêre konfrontaasje tusken dy beide supermachten geandewei it desennium ôfnaam, giene de yndirekte konfrontaasjes sûnder skoftsjen troch. Foar de Feriene Steaten waard it begjin 'e santiger jierren behearske troch de slepende Fjetnamoarloch, wêrfan't hieltyd dúdliker waard dat dy net te winnen wie. Begjin 1973 waard mei it kommunistyske Noard-Fjetnam it Ferdrach fan Parys sletten, ûnder de kêsten wêrfan't de Amerikanen har út 'e oarloch weromloeken. Sûnder Amerikaanske stipe koe Súd-Fjetnam it net bolwurkje, en nei de Fal fan Saigon, yn 1975, folge de ienwurding fan Fjetnam ûnder in kommunistysk regear. Oan 'e ein fan 'e santiger jierren stoarte de Sovjet-Uny him yn syn eigen 'Fjetnam' doe't it mei de ynfal yn Afganistan de Russysk-Afgaanske Oarloch begûn.
Foar de Feriene Steaten stiene de santiger jierren fierders benammen yn it teken fan it Watergate-skandaal, wêrby't oan it ljocht kaam dat de Amerikaanske presidint Richard Nixon guon trewanten ynbrekke litten hie yn it haadkantoar fan 'e Demokratyske Partij, mei as doel om 'e ferkiezingskampanje fan syn tsjinstanner te ûndermynjen. Nixon besocht út alle macht it ûndersyk nei it skandaal tsjin te hâlden, wat late ta it ferneamde Sneontejûnsbloedbad, wêrby't er ferskate hege regearingsfunksjonarissen efterinoar ûntsloech om't dy wegeren en fier syn opdracht út om 'e spesjale oanklager Archibald Cox út syn funksje te setten. Dêrmei makke Nixon syn eigen posysje ûnhâldber, en nei't it Amerikaanske Kongres in ôfsettingsproseduere tsjin him yn gong set hie, hold er yn 1974 de ear oan himsels en stapte er op.
Yn Sily kaam yn 1970 Salvador Allende oan 'e macht as de earste demokratysk keazen sosjalistyske presidint fan Latynsk-Amearika. Yn 1973 kaam hy lykwols om by in troch de Amerikaanske feilichheidstsjinst CIA stipe steatsgreep, dy't de faksistyske diktatuer fan generaal Augusto Pinochet oan 'e macht brocht.
Yn it Midden-Easten fûn yn 1973 de Jom Kippoeroarloch plak, de fjirde oarloch tusken Israel en de Arabyske steaten sûnt de oprjochting fan 'e steat Israel yn 1948. Dat wie de iennichste kear dat de Arabyske lannen de oarloch begûnen, mar nettsjinsteande it feit dat se it ferrassingselemint oan harren kant hiene, waarden Egypte en Syrje en harren bûnsgenoaten op oertsjûgjende wize troch Israel ferslein. Tsjin 'e ein fan it desennium wiene alteast tusken Israel en Egypte de relaasjes safierhinne opbettere dat de Egyptyske presidint Anwar Sadat en de Israelyske premier Menachem Begin yn 1978 ûnder bemiddeling fan 'e Amerikaanske presidint Jimmy Carter it Akkoart fan Camp David slute koene, dat de grûnslach lei foar frede tusken harren beide lannen.
Fierder eastlik rekken de Feriene Steaten yn 1979 in trouwe bûnsgenoat kwyt, doe't yn Iraan sjah Mohammed Reza Pahlavi ôfset waard. Nei de Islamityske Revolúsje kaam dêr ajatolla Rûholla Chomeiny oan 'e macht, dy't neat fan 'e Amerikanen hawwe moast en it folk tsjin harren ophyste. Ein 1979 krongen radikale oanhingers fan Chomeiny de Amerikaanske ambassade yn Teheran binnen, en gizelen dêr 52 Amerikaanske diplomaten. Dat ynsidint ûntpopte him ta de slepende Iraanske Gizelderskrisis, dy't oant 1981 ta duorje soe en dy't in swier stimpel drukte op it presidintskip fan Jimmy Carter.
Yn Aazje ûntstie yn 'e 1970-er jierren in hiel nije sitewaasje nei de erkenning fan 'e Folksrepublyk Sina troch de Feriene Naasjes, de dea fan 'e Sineeske 'grutte roerman' Mao Zedong en it begjin fan 'e ienfiering fan kapitalistyske eleminten yn 'e Sineeske ekonomy troch syn opfolgers. Yn Kambodja kamen yn 1975 de kommunistyske Reade Kmer oan 'e macht, dy't ûnder lieding fan Pol Pot tusken 1975 en 1979 de Kambodjaanske Genoside begiene op 'e ynwenners fan harren lân, wêrby't sa'n 2 miljoen minsken omkamen. Yn Súd-Aazje makke East-Pakistan him yn 1971 ûnder de namme Bangladesj los fan 'e rest fan Pakistan. Dêr wie de bloedige Bingaalske Befrijingsoarloch foar nedich, dêr't ek Yndia (oan 'e kant fan Bangladesj) yn behelle rekke.
Underwilens gie yn Afrika, Oseaanje en it Karibysk Gebiet it proses fan dekolonisaasje fierder. Doe't nei de Anjerrevolúsje fan 1974 yn Portegal de demokrasy ynfierd waard, joech ek dat lân syn koloanjes op, en koene lannen as Angoala, Mozambyk, Guinee-Bissau en Kaapverdje einlings selsstannich wurde. In oare Portegeeske koloanje, East-Timor, waard lykwols koart nei de ûnôfhinklikheid anneksearre troch Yndoneezje, wat late ta de Besetting fan East-Timor, dy't hast tritich jier duorje soe. Nettsjinsteande it feit dat hast hiel Afrika oan 'e ein fan 'e jierren santich dekolonisearre wie, waard it wrâlddiel it hiele desennium troch pleage troch hongersneden, oarloggen en boargeroarloggen. Ek steatsgrepen kamen rûnom foar, lykas dy yn Etioopje wêrby't keizer Haile Selassie yn 1974 nei in lang regear ôfset en fermoarde waard. Boppedat waarden frijwol alle Afrikaanske lannen regearre troch diktators, lykas de beruchte Idi Amin, dy't 1971 yn Uganda oan 'e macht kaam.
Kultureel sette de Westerske maatskippij yn 'e 1970-er jierren de fernijings troch dy't yn 'e 1960-er jierren begûn wiene, lykas in tanimmend polityk bewustwêzen by gewoane boargers, in oanwaaksende frijheid fan 'e jongerein en foarútgong op it mêd fan feminisme en emansipaasje fan froulju. Itselde gou foar de Seksuële Revolúsje, wat û.m. late ta it Gouden Tiidrek fan de Pornografy.
Op it mêd fan 'e ekonomy wurde de 1970-er jierren faak sjoen as in draaipunt yn 'e skiednis fan 'e tweintichste iuw. It wie nammentlik de perioade wêryn't in ein kaam oan 'e nei-oarlochske ekonomyske groei, mei as gefolch it sluten fan fabriken, it yn it neigean reitsjen fan hiele tûken fan yndustry (benammen mynbou en de stielyndustry) en tanimmende wurkleazens. Dat proses waard noch frijwat oanboaze troch de Oaljekrisis fan 1973, dy't feroarsake waard troch in embargo fan 'e troch de Arabyske lannen behearske Organisaasje fan Oaljeprodusearjende en -eksportearjende Lannen (OPEC) tsjin bûnsgenoaten fan harren fijân Israel. Alles mei-inoar stoarte dat de Westerske wrâld yn in djippe resesje, dy't sels wer late ta it ferfangen fan 'e Keynesiaanske krisisbestriding, dy't yn 'e 1930-er jierren effektyf bleken wie, troch de opkommende neoliberale ekonomyske teoryen. De ekonomy fan Japan rûn troch alle krises net folle skea op en it lân helle yn 'e santiger jierren West-Dútslân yn om 'e twadde ekonomy fan 'e wrâld te wurden (nei dy fan 'e Feriene Steaten).
Wichtichste foarfallen
bewurkje seksje- 5 jannewaris - By de swiere ierdbeving fan Tonghai komme yn súdlik Sina 10.000 oant 15.000 minsken om.
- 12 jannewaris - Der komt in ein oan 'e bloedige Biafraanske Oarloch yn Nigearia.
- 11 maart - Yn Irak komt in ein oan 'e Fjirde Koerdysk-Arabyske Oarloch dy't al sûnt 1961 oan 'e gong is, troch it sluten fan 'e Iraaksk-Koerdyske Autonomy-oerienkomst fan 1970.
- 4 maaie - By anty-oarlochsprotesten op 'e Steatsuniversiteit fan Kent, yn 'e Amerikaanske steat Ohio, wurde 4 studinten deasketten troch de Nasjonale Garde.
- 31 maaie - De ierdbeving fan Ancash feroarsaket yn Perû in ierdferskowing wêrby't it stedsje Yungay bedobbe rekket: 47.000 minsken komme om.
- 4 juny - Tonga wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 22 july - Yn Egypte komt de Aswandaam ree.
- 10 oktober - Fidzjy wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 24 oktober - De sosjalist Salvador Allende wint de presidintsferkiezings yn Sily. Hy wurdt de earste demokratysk keazen sosjalistyske presidint yn Latynsk-Amearika.
- 12-13 novimber - De Sykloan fan Bhola treft de tichtbefolke Gangesdelta fan Bangladesj (doe noch East-Pakistan): 500.000 minsken komme om. Dit is (anno 2018) noch altyd de deadlikste stoarm út 'e skiednis fan 'e wrâld.
- 25 jannewaris - By in steatsgreep yn Uganda komt legerlieder Idi Amin oan 'e macht.
- 26 maart - Bangladesj, it eardere East-Pakistan, ropt de ûnôfhinklikheid út. Dit is it begjin fan 'e tige bloedige Bingaalske Befrijingsoarloch tsjin Pakistan, dy't mank giet mei de troch it Pakistaanske leger ûnder de Bingaalske boargerbefolking oanrjochte Bingaalske Genoside.
- 15 augustus - Bachrein wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 3 septimber - Katar wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 9 septimber - Yn 'e Finzenis fan Attica, yn 'e Amerikaanske steat New York, brekt in finzenisoproer út, dat oan 43 minsken it libben kostet: 33 finzenen en 10 sipiers.
- 25 oktober - De Feriene Naasjes nimme de Folksrepublyk Sina as nij lid op yn it plak fan 'e Republyk Sina (Taiwan), dy't sadwaande syn lidmaatskip ferliest.
- 29 oktober - Diktator Mobutu Sese Seko neamt syn lân, de Demokratyske Republyk Kongo, om ta Saïre.
- 2 desimber - De Feriene Arabyske Emiraten wurde ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 3 desimber - Yndia ynterveniëarret oan 'e kant fan Bangladesj yn 'e Bingaalske Befrijingsoarloch.
- 16 desimber - De Pakistaanske troepen yn Bangladesj jouwe har oer. Ein fan 'e Bingaalske Befrijingsoarloch. De ûnôfhinklikheid fan Bangladesj wurdt no ynternasjonaal erkend.
- 21 jannewaris - Joegoslaavje ûnderdrukt in demokratisearringsbeweging yn 'e dielrepublyk Kroaasje, dy't bekend stiet as de Kroätyske Maityd.
- 30 jannewaris - Bloedige Snein: yn it Noardierske Londonderry iepenet it Britske Leger it fjoer op freedsume roomske demonstranten. Dêrby komme 13 ûnwapene boargers om.
- 21 febrewaris - De Amerikaanske presidint Richard Nixon bringt in steatsbesyk oan 'e Folksrepublyk Sina. Nettsjinsteande alle ûnderlinge ferskillen wurde de relaasjes tusken de Feriene Steaten en Sina oanhelle, om't se in fijân gemien hawwe yn 'e Sovjet-Uny.
- 30 maart - It selsbestjoer fan Noard-Ierlân wurdt troch it Britske regear ynlutsen.
- 15 maaie - Arthur Bremer docht in moardoanslach op 'e rasistyske Amerikaanske gûverneur fan Alabama George Wallace. Dy oerlibbet it, mar rekket bliuwend ynfalide.
- 26 maaie - De Amerikaanske presidint Richard Nixon en Sovjet-lieder Leonid Brezjnjev ûndertekenje it SALT I-ferdrach, dat it tal atoomwapens fan 'e beide supermachten beheine moat.
- 17 juny - De Amerikaanske plysje arrestearret 5 ynbrekkers yn it Watergate-gebou, yn Washington, D.C., dêr't it haadkantoar fan 'e Demokratyske Partij fêstige is. Begjin fan it Watergate-skandaal, wêryn't oan it ljocht komt dat de ynbrekkers yn opdracht wurken fan 'e (Republikeinske) presidint Richard Nixon.
- 5 augustus - De Ugandeeske diktator Idi Amin wiist alle Ynjers yn syn lân út.
- 5 septimber - By it Bloedbad fan München gizelje en deadzje leden fan 'e ekstremistyske Palestynske groep Swarte Septimber 9 leden fan it Israelysk Olympysk team op 'e Olympyske Spullen yn München.
- 23 desimber - By de swiere ierdbeving fan Nikaragûa komme yn dat lân 11.000 minsken om.
- 1 jannewaris - Denemark, Ierlân en Grut-Brittanje wurde lid fan 'e Jeropeeske Mienskip.
- 27 jannewaris - It Ferdrach fan Parys makket in ein oan 'e Amerikaanske dielname oan 'e Fjetnamoarloch.
- 21 febrewaris - De Israelyske loftmacht sjit boppe it besette Sinaï-skiereilân in Libysk ferkearsfleantúch del, Libyan Arab Airlines-flecht 114. Dêrby komme alle 108 ynsittenden fan it fleantúch om.
- 27 febrewaris - Wapene aktivisten fan 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging (AIM) en pleatslike Oglala-Lakota-Yndianen út it Pine Ridge Yndianereservaat yn 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota begjinne de Besetting fan Wounded Knee, wêrmei't se protestearje wolle tsjin 'e wegering fan it Amerikaanske regear om him oan 'e histoaryske ferdraggen mei de Yndiaanske folken te hâlden.
- 8 maaie - Nei 71 dagen wurdt de Besetting fan Wounded Knee beëinige. Dêrby binne 2 deaden en 2 swierferwûnen fallen.
- 10 july - De Bahama's wurde ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 11 septimber - By in militêre steatsgreep, dy't útfierd wurdt mei stipe fan 'e Amerikaanske feilichheidstsjinst CIA, wurdt yn Sily it regear fan 'e demokratysk keazen presidint Salvador Allende ôfset en ferfongen troch in faksistyske militêre diktatuer ��nder lieding fan generaal Augusto Pinochet. Allende komt by de steatsgreep om.
- 6 oktober - De Jom Kippoeroerloch brekt út: Syrje en Egypte falle fan twa kanten Israel oan.
- 17 oktober - De Oaljekrisis fan 1973 begjint as de troch de Arabyske steaten behearske OPEC in oalje-embargo ynsteld tsjin Westerske bûnsgenoaten fan Israel, wêrûnder de Feriene Steaten en Nederlân.
- 20 oktober - It Sneontejûnsbloedbad yn 'e Feriene Steaten: presidint Richard Nixon ûntslacht ferskate hege regearingsfunksjonarissen efterinoar om't dy wegerje en fier syn opdracht út om Archibald Cox, de spesjale oanklager oangeande it Watergate-skandaal, út syn funksje te setten.
- 23 oktober - Mei in wapenstilstân komt der in ein oan 'e Jom Kippoeroarloch. Israel hat de oanfallen fan Syrje, Egypte en harren bûnsgenoaten ôfslein.
- 20 desimber - By in bomoanslach troch de Baskyske ôfskiedingsbeweging ETA wurdt de Spaanske premier Luis Carrero Blanco fermoarde. Mei't dat de opfolger wie dy't diktator Francisco Franco op it each hie, liedt dit yndirekt ta de werynfiering fan 'e demokrasy nei Franco syn dea.
- 7 febrewaris - Dominika wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 18 maart - De OPEC heft it oalje-embargo tsjin Westerske lannen op. Dêrmei komt in ein oan 'e Oaljekrisis fan 1973.
- 21 maart - It leger fan Irak begjint yn it noarden fan it lân de Fyfde Koerdysk-Arabyske Oarloch tsjin 'e Koerden.
- 3 april - By de tornado-útbraak fan 1974 wurde dielen fan 'e Feriene Steaten teheistere troch 148 tornado's tagelyk, mei 330 deaden ta gefolch.
- 25 april - Mei de Anjerrevolúsje komt yn Portegal in ein oan 'e faksistyske diktatuer. Dit betsjut ek de ein fan 'e Portegeeske Koloniale Oarloch, dy't al sûnt 1961 yn ferskate koloanjes geande is.
- juny-septimber - Troch wettersneed dy't feroarsake wurdt troch moannenlange swiere rein brekt yn Bangladesj de Bingaalske hongersneed fan 1974 út. Dêrby komme neffens offisjele sifers 26.000 minsken om, mar wierskynlik wiene it der yn it echt likernôch 1 miljoen.
- 20 july - Nei bedrigings fan it nije Gryksk-nasjonalistyske regear fan Syprus oan it adres fan 'e Turkske minderheid yn Syprus, fiert it leger fan Turkije de ynvaazje fan Syprus út, wêrby't de noardeastlike helte fan it eilân troch de Turken beset wurdt.
- 8 augustus - De Amerikaanske presidint Richard Nixon treedt ôf nei't syn posysje troch it Watergate-skandaal ûnhâldber wurden is. Hy wurdt opfolge troch syn fise-presidint Gerald Ford.
- 10 septimber - Guinee-Bissau wurdt ûnôfhinklik fan Portegal.
- 12 septimber - By in steatsgreep yn Etioopje wurdt keizer Haile Selassie ôfset en finzen nommen (en letter fermoarde). Etioopje wurdt in kommunistyske republyk ûnder it regear fan in militêre diktatuer.
- 19 oktober - Niûé giet in bân fan frije assosjaasje oan mei Nij-Seelân. Dat betsjut dat it yn 'e praktyk in ûnôfhinklik lân wurdt, dat allinnich foar definsje fan Nij-Seelân ôfhinklik bliuwt.
- 24 desimber - De sykloan Tracy makket de Australyske stêd Darwin mei de grûn lyk.
- 31 maart - Mei de ûnderdrukking fan it Koerdyske ferset yn noardlik Irak komt in ein oan 'e Fyfde Koerdysk-Arabyske Oarloch.
- 13 april - De Libaneeske Boargeroarloch brekt út, in slepend konflikt dat oant 1990 duorje sil.
- 16 april - Phnom Penh, de haadstêd fan Kambodja, wurdt ynnommen troch de kommunistyske guerriljabeweging fan 'e Reade Kmer.
- 30 april - Fal fan Saigon, de haadstêd fan Súd-Fjetnam. De Fjetnamoarloch rint no op syn ein en de oerwinning kin Noard-Fjetnam net mear ûntgean.
- 25 juny - Mozambyk wurdt ûnôfhinklik fan Portegal.
- 5 july - Kaapverdje wurdt ûnôfhinklik fan Portegal.
- 6 july - De Komoaren wurde ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 12 july - Sao Tomee en Prinsipe wurde ûnôfhinklik fan Portegal.
- 8 augustus - De Banqiao-daam, yn 'e Sineeske provinsje Henan, brekt troch nei't er ferswakke rekke is troch in tyfoan. By de resultearjende floedweach komme mear as 200.000 minsken om.
- 15 augustus - Moard op Sheikh Mujibur Rahman, de presidint fan Bangladesj, en dy syn hiele húshâlding, as ûnderdiel fan in militêre steatsgreep.
- 5 septimber - Yn Sacramento (Kalifornje) wurdt in moardoanslach op 'e Amerikaanske presidint Gerald Ford feridele. De dieder is Lynette Fromme, ien fan 'e folgelingen fan sektelieder en moardner Charles Manson.
- 16 septimber - Papoea Nij-Guinea wurdt ûnôfhinklik fan Austraalje.
- 19 septimber - Yndoneezje mingt him yn 'e Easttimoreeske Boargeroarloch.
- 22 septimber - Yn San Francisco wurdt de twadde moardoanslach op 'e Amerikaanske presidint Gerald Ford binnen trije wiken feridele. De dieder is diskear in Sarah Jane Moore.
- 11 novimber - Angoala wurdt ûnôfhinklik fan Portegal.
- 14 novimber - Spanje jout syn koloniale oanspraken op 'e Westlike Sahara (foarhinne de Spaanske Sahara) op. It gebiet wurdt, tsjin 'e winsken fan 'e befolking yn, oerdroegen oan Marokko en Mauretaanje. Dit lokket de Westsaharaanske Oarloch út as de befolking fan it gebiet yn opstân komt tsjin 'e nije útlânske oerhearskers.
- 20 novimber - De Spaanske diktator Francisco Franco komt te ferstjerren. Spanje wurdt wer in keninkryk, mei Juan Carlos fan Boerbon as monarch.
- 25 novimber - Suriname wurdt ûnôfhinklik fan Nederlân.
- 28 novimber - East-Timor wurdt ûnôfhinklik fan Portegal.
- 2 desimber - Te Wijster, by it Drintske Beilen, wurdt in treinkaping útfierd troch Molukske aktivisten. Der falle ferskate deaden.
- 2 desimber - Yn Laos wurdt de monargy ôfskaft. It lân wurdt no in kommunistyske republyk.
- 4 febrewaris - By de swiere ierdbeving fan Gûatemala komme yn Gûatemala en Hondoeras mear as 22.000 minsken om.
- 27 febrewaris - De Westlike Sahara, dy't beset wurdt troch Marokko en Mauretaanje, ropt de ûnôfhinklikheid út as de Saharaanske Demokratyske Arabyske Republyk.
- 25 april - Fjetnameeske ienwurding tusken Noard-Fjetnam en Súd-Fjetnam. Der ûntstiet in weriene steat mei in kommunistysk regear, dy't de namme Fjetnam kriget.
- 1 juny - Mei it Ferdrach fan Londen komt in ein oan in heechoprinnend fiskerijkonflikt tusken it Feriene Keninkryk en Iislân, dat bekendstiet as de Kabbeljau-oarloggen.
- 16 juny - De Súdafrikaanske plysje sjit by in freedsume demonstraasje troch learlingen fan 'e middelbere skoalle yn Soweto, in swarte foarstêd fan Jehannesburch, 176 bern dea. It barren giet de skiednis yn as de Opstân fan Soweto.
- 29 juny - De Seysjellen wurde ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 1 july - Madeara en de Azoaren krije de status fan autonome regio binnen it Portegeeske steatsferbân.
- 4 july - Israelyske kommando's meitsje by Operaasje Entebbe op 'e lofthaven fan Entebbe, yn Uganda, in ein oan 'e kaping fan Air France-flecht 139 troch Palestynske ekstremisten fan it Folksfront foar de Befrijing fan Palestina (PFLP). Dit bart sûnder goedkarring fan Uganda, en behalven de 7 kapers wurde ek 45 Ugandeeske militêren deasketten.
- 17 july - East-Timor wurdt anneksearre troch Yndoneezje. Dêrmei begjint de hast tritichjierrige Besetting fan East-Timor troch Yndoneezje, dy't mank giet mei de Easttimoreeske Genoside.
- 28 july - By de swiere ierdbeving fan Tangshan komme yn Sina 243.000 minsken om.
- 9 septimber - Mao Zedong, de 'grutte roerman' fan 'e Folksrepublyk Sina, komt te ferstjerren.
- 26 oktober - Transkei wurdt as earste fan 'e swarte thúslannen ûnôfhinklik fan Súd-Afrika.
- 27 maart - By de Fleanramp fan Teneryf komt op 'e lofthaven fan Teneryf in opstiigjend ferkearsfleantúch fan 'e KLM yn botsing mei in taksyend ferkearsfleantúch fan Pan Am. It is mei 583 deaden it slimste ûngelok yn 'e skiednis fan 'e loftfeart.
- 23 maaie - Begjin fan 'e treinkaping by De Punt en de besetting fan 'e legere skoalle yn Boppesmilde, beide yn Drinte, troch Molukske aktivisten. Der wurde 45 treinreizgers en 105 learlingen en 5 dosinten gizele.
- 25 maaie - De Amerikaanske science fiction-film Star Wars giet yn premiêre en wurdt in alderûnbidichst súkses.
- 11 juny - Nederlânske kommando's meitsje mei geweld in ein oan 'e gizelingsaksjes yn Drinte. Dêrby komme 6 Molukske aktivisten en 2 gizelders om it libben.
- 24 juny - Dzjibûty wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 24 july - De Ogadenoarloch brekt út tusken Etioopje en Somaalje.
- 13 septimber - De swarte Súdafrikaanske anty-apartheidsaktivist Steve Biko stjert yn finzenskip oan harsensletsel dat er oprûn hat by mishanneling troch de plysje.
- 6 desimber - Bopûtatswana wurdt as twadde fan 'e swarte thúslannen ûnôfhinklik fan Súd-Afrika.
- 16 maart - De Reade Brigaden ûntfiere de foaroansteande Italjaanske politikus Aldo Moro. Hy wurdt letter fermoarde weromfûn.
- 7 july - De Salomonseilannen wurde ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 12 augustus - De Folksrepublyk Sina en Japan slute frede. Dat makket in ein oan 'e formeel noch altyd trochgeande Twadde Sineesk-Japanske Oarloch, dy't yn 1936 útbriek mei de Japanske ynfal yn Sina.
- 8 novimber - By protesten tsjin it bewâld fan 'e sjah wurdt yn 'e Iraanske haadstêd Teheran de steat fan belis útroppen. Fuort dêrnei iepenet it leger it fjoer op demonstranten dy't dat nijs noch net heard hawwe. Der falle hûnderten deaden.
- 17 septimber - De Egyptyske presidint Anwar Sadat en de Israelyske premier Menachem Begin berikke ûnder bemiddeling fan 'e Amerikaanske presidint Jimmy Carter it Akkoart fan Camp David.
- 28 septimber - Paus Jehannes Paulus I komt nei in pontifikaat fan 33 dagen te ferstjerren.
- 1 oktober - Tûvalû wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 16 oktober - De Poalske kardinaal Karol Wojtyła wurdt paus ûnder de namme Jehannes Paulus II. Hy is de earste net-Italjaanske paus sûnt 1523.
- 30 oktober - Mei militêre stipe fan Lybje begjint de Ugandeeske diktator Idi Amin in oarloch tsjin buorlân Tanzania. Doel is om Tanzaniaansk grûngebiet te anneksearjen.
- 3 novimber - Dominika wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 18 novimber - Yn Jonestown (Guyana) wurdt it Amerikaanske Kongreslid Leo Ryan fermoarde op befel fan sektelieder Jim Jones. Dyselde jout dêrnei al syn oanhingers befel om harsels tekoart te dwaan. Wa't net wol, wurdt twongen. Jones makket himsels ek fan kant. Mear as 900 minsken komme om by dizze Trageedzje fan Jonestown.
- 7 jannewaris - Fjetnameeske ynfal yn Kambodja: Fjetnameeske troepen nimme de Kambodjaanske haadstêd Phnom Penh yn om in ein te meitsjen oan 'e totale terreur fan it bewâld fan 'e Reade Kmer, dy't laat hat ta de Kambodjaanske Genoside.
- 14 febrewaris - Mei de sniestoarm fan dizze dei berikt de strange winter fan 1978-1979 yn Fryslân in hichtepunt.
- 16 febrewaris - By de Islamityske Revolúsje wurdt yn Iraan sjah Mohammed Reza Pahlavi ôfset en komt ajatolla Rûholla Chomeiny oan 'e macht. As gefolch hjirfan brekt de Oaljekrisis fan 1979 út.
- 17 febrewaris - De Sineesk-Fjetnameeske Oarloch brekt út, wêrby't de Folksrepublyk Sina it buorlân Fjetnam binnenfalt as reäksje op 'e Fjetnameeske ynfal yn Kambodja.
- 22 febrewaris - Sint-Lusia wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 16 maart - Ein fan 'e Sineesk-Fjetnameeske Oarloch. Beide partijen sizze de oerwinning behelle te hawwen.
- 26 maart - Fuortbouwend op it Akkoart fan Camp David wurdt yn Washington, D.C. it Israelysk-Egyptyske Fredesferdrach ûndertekene. Dêrmei slút Egypte as earste Arabyske lân frede mei Israel.
- 28 maart - Troch de Kearnramp fan Three Mile Island, by Harrisburg yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania, wurde de omkriten fan 'e kearnsintrale fersmoarge mei grutte hoemannichten radioaktyf gas en wetter.
- 4 april - Yn Pakistan wurdt steatsman Zulfikar Ali Bhutto terjochtsteld troch de militêre diktatuer fan Muhammad Zia-ul-Haq.
- 11 april - Yn it ramt fan 'e Ugandeesk-Tanzaniaanske Oarloch feroverje Tanzaniaanske troepen, bystien troch Ugandeeske rebellen, de Ugandeeske haadstêd Kampala. Diktator Idi Amin moat flechtsje en nimt de wyk nei Lybje.
- 1 maaie - Grienlân kriget selsbestjoer en wurdt krekt as Denemark en de Fêreu-eilannen in selsstannich lân binnen it Deenske Keninkryk.
- 3 maaie - Yn it Feriene Keninkryk wurdt Margaret Thatcher de earste froulike premier.
- 1 juny - De de facto ûnôfhinklike Republyk Rodeezje hâldt op te bestean.
- 18 juny - Yn Wenen wurdt troch de Amerikaanske presidint Jimmy Carter en Sovjet-lieder Leonid Brezjnjev it SALT II-ferdrach ûndertekene, dat it tal atoomwapens fan 'e beide supermachten fierder beheine moat.
- 2 july - Kiribaty wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 16 july - Yn Irak folget Saddam Hoessein Achmed Hassan al-Bakr op as presidint en foarsitter fan 'e Ba'thpartij.
- 19 july - By de Sandinistyske Revolúsje wurdt yn Nikaragûa diktator Anastasio Somoza Debayle ferdreaun.
- 8 septimber - It Iraanske leger ûnderdrukt in grutskalige opstân fan 'e Koerden.
- 13 septimber - Fenda wurdt as trêde fan 'e swarte thúslannen ûnôfhinklik fan Súd-Afrika.
- 21 septimber - Jean-Bédel Bokassa, dy't himsels yn 1977 ta keizer kroanje liet fan 'e Sintraal-Afrikaanske Republyk, wurdt ôfset.
- 26 oktober - Presidint Park Cheung Hee fan Súd-Koreä wurdt fermoarde troch it haad fan syn eigen feilichheidstsjinst.
- 27 oktober - Sint-Finsint en de Grenadinen wurde ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 4 novimber - Radikale oanhingers fan ajatolla Rûholla Chomeiny kringe de Amerikaanske ambassade yn Teheran binnen, en gizelje dêr 52 Amerikaanske diplomaten. Dat is it begjin fan 'e saneamde Iraanske Gizelderskrisis.
- 27 desimber - Mei de ynfal yn Afganistan begjint de Sovjet-Uny de slepende Russysk-Afgaanske Oarloch dy't oant 1989 duorje sil.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|