Feriene Arabyske Emiraten
| |||||
Offisjele taal | Arabysk | ||||
Haadstêd | Abû Dabi | ||||
Steatsfoarm | Federaasje | ||||
Gebiet % wetter |
82.880 km² 0% | ||||
Ynwenners (2000) | 12.407.460 | ||||
Munt | Dirham (AED) | ||||
Tiidsône | UTC +4 | ||||
Nasjonale feestdei | 2 desimber | ||||
Lânkoade | ARE | ||||
Ynternet | .ae | ||||
Tillefoan | 971 |
De Feriene Arabyske Emiraten is in lân yn Súdwest-Aazje. De haadstêd is Abû Dabi en de presidint fan de federaasje is sûnt 2004 Sjeik Khalifa bin Zayed Al Nahayan.
Geografy
bewurkje seksjeLizzing
bewurkje seksjeDe steat fan Feriene Emiraten leit oan de eastlike kust fan de Arabyske skiereilân, oan de Persyske Golf. It wurdt begrinze troch:
- de Perzyske Golf yn it noarden;
- Oman en de Golf fan Oman yn it easten;
- Saûdy-Araabje yn it suden en westen.
Lânskip
bewurkje seksjeIt lân bestiet út lege flakten by de kust dy't oergean yn sândúnen en woastinen fan de Rub-al-Kaly, nei it easten ta wurdt it berchiger en rikt it Al-Hajarberchtme oant 1100 meter. Yn it hite en skrokke klimaat is fegetaasje allinnich mooglik troch yrrigaasje. Trekpleister foar it toerisme is allinnich it emiraat Sjardja
Skiednis
bewurkje seksjeDe sân emiraten waarden nei iuwen fan konflikten yn de 19e iuw twongen troch Grut-Brittanje harren definsje en bûtenlânske polityk oan de Ingelsen oer te litten. Nei it fertrek fan de Ingelsen yn 1971 hawwe de emiraten harren ta in federaasje oansletten. Neffens de grûnwet foarme de sân emirs de Opperste Rie en kieze út harren midden in presidint.
Polityk
bewurkje seksjeSân emiraten foarmje de uny:
De uny hat gjin demokratysk systeem, mar de libbensstandert is ien fan de heechsten yn de wrâld.
Demografy
bewurkje seksjeBefolking
bewurkje seksjeIt persintaazje fan lânseigen befolking, meastepart Arabieren fan Bedûynske komôf, is lyts, mar de lân begastet in tige grut tal fan bûtenlânske wurkers, foaral út Aazje.
Ekonomy
bewurkje seksjeIt machtichste en rykste fan de emiraten is Abû Dabi, wylst Dûbai ferneamd is as in aktyf ynternasjonaal hannelssintrum. De grutte rykdom fan it lân ûntsprút oan de oalje; nei Saûdy-Araabje en Irak binne de Emiraten de grutste produsint fan oalje.