Finzenisstraf

(Trochferwiisd fan Finzene)

Finzenisstraf, gefangenisstraf, tichthússtraf, tichthûsstraf of selstraf is in straf dy't ornaris oplein wurdt troch de rjochter as ûnderdiel fan in fûnis oan 'e ein fan in berjochting. Dizze straffoarm hâldt yn dat in persoan dy't skuldich befûn is oan in misdriuw as bestraffing dêrfoar in beskate tiid opsletten wurde sil yn in dêrta ûntwurpen befeilige ynrjochting, dy't yn 'e regel de finzenis of it tichthûs neamd wurdt. Finzenisstraf is net itselde as hechtenis, dat in foarm fan finzenskip is dy't foarôfgiet oan 'e berjochting.

In koepelfinzenis yn Kuba.

Finzenisstraf yn 'e moderne sin fan it wurd giet werom op 'e Ferljochting en de Frânske Revolúsje (1789). Foar dy tiid waarden lichtere misdriuwen yn 'e regel bestraft mei faak grouwélige liifstraffen, wylst op swierdere misdriuwen al gau de deastraf stie. Finzenisstraf bestie wol, mar waard yn 'e regel inkeld brûkt om fertochten op te sluten yn ôfwachting fan harren berjochting, om skuldners te gizeljen oant se har skulden ôfbetelle hiene en om ketters sa fier te krijen dat se har ideeën opjoegen. Finzenen waarden faak fêstholden yn tsjerkers of yn oare fochtige, tsjustere, smoarge, ûnsanitêre en net-sûne romten. Se sieten faak mei keatlings fêst oan 'e muorren en krigen inkeld wetter en bôle foarset. Foar oar iten wiene se ôfhinklik fan 'e goeddiedichheid fan har freonen en famylje, of moasten se har sipiers omkeapje.

Yn 'e Ferljochting kaam men yn opstân tsjin dit systeem, wêryn't de straffen faak ek nochris ûnearlik oplein waarden. Foaroansteande tinkers út dy tiid wiene fan miening dat de frijheid it grutste goed fan 'e minske wie, en dat misdriuwen dêrom it bêste bestraft wurde koene troch dy frijheid ôf te pakken. Sadwaande waard de tapassing fan 'e deastraf beheind en waarden de liifstraffen meitiid hielendal ôfskaft. Ek it finzeniswêzen waard herfoarme, wêrby't in humane behanneling fan 'e finzenen foar it earst wichtich waard. Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw begûn men te twifeljen oan it nut fan it ûnderlinge kontakt fan 'e finzenen yn it tichthûs, mei't se der faak minder út kamen as dat se der yngiene. Dêrom fierde men om 1850 hinne de iensume opsluting yn, mei as bedoeling dat de finzene troch it ûntbrekken fan kontakt mei oaren twongen wurde soe ta besinning oer syn misdieden. It die lykwols bliken dat de minske net sûnder sosjale kontakten kin, sadat de finzenen dy't jierrenlang allinnich opsletten wiene, yn 'e regel sljochtsinnich waarden.

Yn 1823 waard yn Nederlân it Nederlands Genootschap ter Zedelijke Verbetering van Gevangenen oprjochte, dat bedoeld wie om 'e finzenen in berop te learen, sadat se har nei it útsitten fan harren straf better hanthavenje kinne soene yn 'e maatskippij sûnder werom te fallen yn 'e kriminaliteit. Yn 'e tweintichste iuw soe hjirút de reklassearring fuortkomme, dy't tsjintwurdich frijlitten finzenen begeliedt by harren weromkear yn 'e maatskippij. Moderne kriminologen binne fan betinken dat de finzenis in kriminogeen plak by útstek is, in plak dus, dêr't finzenen leare om mear en op kundiger wize misdieden te begean. Machogedrach mank de finzenen makket dat it klimaat yn 'e finzenis ûngaadlik is om kriminelen ta oare ynsichten te bringen. Neffens kritisy soe finzenisstraf yn 'e moderne tiid efterhelle wêze, mei't der foar ferjilding fan misdriuwen en weropfieding fan dieders yn dizze tiid folle bettere metoaden te betinken wêze moatte.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.