- 9 - By de Slach yn it Teutoburgerwâld wurde trije Romeinske legioenen ûnder Publius Kwinktilius Farus ferdylge troch de Sjerusken ûnder lieding fan Arminius.
- 1320 - Santjin parochys yn Stellingwerf slute in oerienkomst mei biskop Freark fan Sierck fan Utert. Yn 'e oarkunde dy't dêrfan makke wurdt, wurde foar it earst Nijeholtwâlde en Aldeholtwâlde neamd en dêropta ek Aldetrine as Oldentrinde.
- 1499 – De Portegeeske ûntdekkingsreizger Vasco da Gama keart werom yn Lissabon fan syn earste reis nei Yndia.
- 1839 - De earste glêsplaatfoto wurdt makke, troch John Herschel.
- 1850 - Kalifornje wurdt as 31e steat talitten ta de Amerikaanske Uny. It Territoarium Nij-Meksiko, in organisearre territoarium fan 'e Feriene Steaten, wurdt gearstald út 'e gebieten yn it Amerikaanske Súdwesten dy't troch de Amerikanen yn 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch bútmakke binne op Meksiko.
- 1876 - Yn it ramt fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876 fynt yn 'e Black Hills fan Súd-Dakota de Slach by Slim Buttes plak, wêrby't Amerikaanske troepen ûnder brigadegeneraal George Crook it kamp fan it Lakota-opperhaad Amerikaansk Hynder de Aldere oanfalle en feroverje.
- 1878 - De Uttocht fan de Noardlike Sjajinnen begjint, wêrby't de Noardlike Sjajinnen, efterfolge troch it Amerikaanske Leger, besykje om út it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma), dêr't se hinne deportearre binne, werom te kearen nei harren heitelân yn Montana.
- 1892 - Amalteä, in moanne fan Jupiter wurdt ûntdutsen.
- 1915 - In Dútsk loftskip bombardearret Londen.
- 1948 - De Demokratyske Republyk Koreä wurdt stifte.
- 1980 - De Nederlânske Taaluny wurdt oprjochte.
- 214 - keizer Aurelianus fan it Romeinske Ryk († 275)
- 1349 - hartoch Albrecht III fan Eastenryk († 1395)
- 1547 - Miguel de Cervantes, Spaansk skriuwer († 1616)
- 1585 - kardinaal Armand du Plessis, hartoch fan Richelieu, earste minister fan Frankryk († 1642)
- 1733 - Luigi Galvani, Italjaansk natuerkundige († 1798)
- 1752 - Martinus Baljee, Frysk dokter en koloniaal († 1823)
- 1828 - Lev Tolstoj, Russysk skriuwer († 1910)
- 1854 - Aletta Jacobs, Nederlânsk dokter en feministe († 1929)
- 1885 - Piet van der Hem, Frysk keunstskilder, tekener en boekbânûntwerper († 1961)
- 1913 - Bert Garthoff, Nederlânsk presintator († 1997)
- 1915 - Guus Oster, Nederlânsk akteur en produsint († 1984)
- 1918 - Oscar Luigi Scalfaro, presidint fan Itaalje († 2012)
- 1935 - Rob Herwig, Nederlânsk publisist († 2022)
- 1936 - Cornelius Onno Jellema, Nederlânsk dichter († 2003)
- 1951 - Tom Wopat, Amerikaansk akteur
- 1960 - Hugh Grant, Ingelsk akteur
- 1972 - Jakko Jan Leeuwangh, Nederlânsk hurdrider
- 1989 - Amber Brantsen, Nederlânsk nijslêzeresse
- 1991 - Kelsey Chow, Amerikaansk aktrise
- 1993 - Sharon van Rouwendaal, Nederlânsk swimster
- 2000 - Liesette Bruinsma, Frysk swimster en Paralympysk dielnimmer
- 1000 - kening Olaf I fan Noarwegen (* 969)
- 1087 - kening Willem de Oermasterder fan Ingelân (* 1028)
- 1488 - hartoch Frâns II fan Bretanje (* 1433)
- 1569 - Pieter Brueghel de Aldere, Flaamsk keunstskilder (* 1525-1530)
- 1752 - Martinus Baljee, Frysk koloniaal bestjoerder († 1823)
- 1896 - Andrew J. Poppleton, Amerikaansk abbekaat en politikus (* 1830)
- 1901 - Henri de Toulouse-Lautrec, Frânsk keunstskilder (* 1864)
- 1909 - Sjirk de Wal, Frysk keatser (* 1852)
- 1934 - Anton Dreesmann, Nederlânske ûndernimmer (* 1854)
- 1948 - Anders Minnes Wijbenga, Frysk dichter (* 1861)
- 1976 - Mao Zedong, lieder fan Sina (* 1893)
- 2000 - Ad Noyons, Nederlânsk akteur (* 1916)
- 2002 - Peter Tetteroo, Nederlânsks muzikant (* 1947)
- 2011 - Binne Lútzen Boarnstra, Frysk dichter, skriuwer, skipper en histoarikus (* 1946)
- 2012 - Folkert van der Woude, Frysk natuerkundige (* 1933)
- 2019 - Pier van Gosliga, Frysk politikus (* 1926)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|