ISO 3166
Appearance
De ISO 3166-noarm is in standert foar de kodearring fan geografyske ienheden, publisearre troch de Ynternasjonale Organisaasje foar Standerdisaasje (ISO). De offisjele namme fan de noarm is Codes for the representation of names of countries and their subdivisions ("Koades foar de represintaasje fan nammen fan lannen en harren ûnderferdielings").
De noarm bestiet út trije parten:
- ISO 3166-1 definiearret twa-letterkoaden (ISO 3166-1 alpha-2), trije-letterkoaden (ISO 3166-1 alpha-3) en trije-siferkoaden (ISO 3166-1 numeric).
- ISO 3166-2 definiearret koaden foar de ûnderferdielings fan lannen dy't yn ISO 3166-1 definiearre binne.
- ISO 3166-3 definiearret koaden foar lânnammen dy't út ISO 3166-1 helle binne sûnt de earste publikaasje yn 1974.