Angel Has Fallen
Angel Has Fallen is in Amerikaanske aksjefilm út 2019 ûnder rezjy fan Ric Roman Waugh, mei yn 'e haadrollen Gerard Butler en Danny Huston. De titel betsjut "Ingel is Fallen", en ferwiist nei spesjaal agint fan 'e Secret Service Mike Banning, dy't yn 'e film omskreaun wurdt as de "beskermingel fan 'e Amerikaanske presidint". It ferhaal folget Banning as der in moardoanslach útfierd wurdt op 'e presidint, dêr't him de skuld foar op 'e lea skood wurdt. Mei't eltsenien der hillich fan oertsjûge is dat hy de skuldige is, moat er sjen te ûntkommen om 'e echte dieders op te spoaren foar't se de presidint, dy't tanksij yngripen fan Banning de earste oerslach oerlibbe hat, mar yn koma rekke is, dochs noch deameitsje. Angel Has Fallen is it trêde diel yn 'e Fallen-filmsearje en folget as sadanich op London Has Fallen, út 2016. De film krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen.
Angel Has Fallen | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Ric Roman Waugh | |
produsint | Gerard Butler Alan Siegel Matt O'Toole John Thompson Les Weldon Yariv Lerner | |
senario | Robert Mark Kamen Matt Cook Ric Roman Waugh | |
kamerarezjy | Jules O'Laughlin | |
muzyk | David Buckley | |
filmstudio | Millennium Films (foar Nu Image) G-Base | |
distribúsje | Lionsgate Films | |
spilers | ||
haadrollen | Gerard Butler Danny Huston | |
byrollen | Piper Perabo Nick Nolte Morgan Freeman Jada Pinkett Smith Tim Blake Nelson | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 23 augustus 2019 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | aksjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 121 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $40 miljoen | |
opbringst | $147,5 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Fallen | |
● foarich diel | London Has Fallen |
Plot
bewurkje seksjeMike Banning, in âld-kommando út it Amerikaanske Leger en tsjintwurdich spesjaal agint by de Secret Service en liifwacht fan 'e presidint fan 'e Feriene Steaten, docht mei oan in training yn in paramilitêre fasiliteit yn Firginia, dy't eigendom is fan Salient Global. Dat is in 'partikulier militêr bedriuw' (in ferhierder fan hierlingen), dat eigendom is fan Wade Jennings, in âlde tsjinstmaat fan Banning. Mei't partikuliere militêre bedriuwen net mear troch de Amerikaanske oerheid ynset wurde sûnt it Blackwater-skandaal yn 'e Irakoarloch, ferkeart Salient Global yn 'e finansjele swierrichheden. Jennings stiet der sadwaande by Banning op oan om in goed wurdsje foar syn bedriuw te dwaan, sadat er in kontrakt bemachtigje kin om aginten fan 'e Secret Service te trainen.
It is nammentlik bekend dat David Gentry, de direkteur fan 'e Secret Service, mei koarten mei pinsjoen gean sil, en Banning is ien fan 'e wichtichste gadingmakkers foar dy frijkommende funksje. Sels hat er dêr mingde gefoelens oer. It direkteurskip fan 'e Secret Service is foar it meastepart in kantoarbaan, en hy soe it leafst oan syn dea ta 'yn it fjild' bliuwe. Oan 'e oare kant giet mei de funksje fan direkteur in oansjenlike salarisferheging mank en ek moat Banning om syn frou Leah tinke en harren dochterke Lynne, in pjut fan ien jier. In komplisearjende faktor is dat Banning de lêste tiid lijt oan sliepeleazens en riten fan tûzelsinnigens en migrêne, wylst er ferslave rekke is oan pinestillers foar syn groanyske pinerêch. Dat is allegearre it gefolch fan 'e slopende easken dy't er al desennia lang oan syn lichem stelt. Hy besiket dêrfoar dokters yn ferskate stêden, dy't er mei kontant jild betellet en neat oer himsels fertelt. Foar sawol syn oerhearrigen as syn frou hâldt er syn medyske klachten geheim.
Presidint Allan Trumbull giet út te angelfiskjen op Queen's Lake by Williamsburg (Firginia), en Banning en in team fan 'e Secret Service moatte mei. Wylst se tegearre op in boatsje op it wetter binne, biedt Trumbull oan Banning oan om him direkteur fan 'e Secret Service te meitsjen. Banning stiet net daliks te jûchheien, sa't Trumbull al fermoede hie, dat hy riedt him oan en tink der ris goed oer nei. Fuort letter fiere ûnbekenden mei in swaarm drones in moardoanslach op 'e presidint út, wêrby't it hiele team fan 'e Secret Service, besteande út achttjin man, deamakke wurdt, mar Banning net. Hoewol't er krekt ôflost en nei de wâl weromkeard wie, wit er krekt op 'e tiid Trumbull wer te berikken en mei de presidint djip ûnder wetter yn 'e mar te dûken, dêr't de drones harren net fine kinne.
As de autoriteiten op it plak delikt arrivearje, treffe se dêr presidint Trumbull en Banning beide bewusteleas driuwend yn it wetter oan. De beide mannen wurde halje-trawalje nei it sikehûs brocht, dêr't fêststeld wurdt dat Trumbull, in âldman, troch de ûntbearings yn koma rekke is. Banning komt rillegau wer by, mar ûntdekt dan dat hysels de wichtichste fertochte fan 'e oanslach is. In team fan 'e federale resjerzje FBI ûnder lieding fan 'e bikkelhurde aginte Helen Thompson hat Banning syn DNA oantroffen yn it autobuske dêr't de drones út lansearre waarden, en der blykt in bûtenlânske bankrekken yn in belestingparadys op syn namme te bestean dêr't koartby $10 miljoen op byskreaun is. Thompson-en-dy hawwe ek Banning syn stilholden medyske swierrichheden en syn medisynferslaving oan it ljocht brocht, wat alles noch minder lykje lit. Harren teory is dat Banning syn sollisitaasje nei de funksje fan direkteur fan 'e Secret Service ôfwiisd is troch presidint Trumbull, en dat Banning dêrop út in kombinaasje fan jildkrapte en wraak foar bûtenlânske opdrachtjouwers de oanslach tarist en útfierd hat. De iennichste persoan dy't dy teory ûntkrêfsje kin, is presidint Trumbull, dy't yn koma leit.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Leah Banning wurdt troch Thompson ûnderfrege, mar it wurdt al gau dúdlik dat sy yn elts gefal net by de dieden fan har man belutsen wie. Se mei sadwaande mei har dochterke Lynne weromkeare nei hûs, dêr't se belegere wurdt troch de media. Banning wurdt ûnder swiere bewekking út it sikehûs oerbrocht nei in finzenis, mar ûnderweis wurdt it konfoai oerfallen troch deselde persoanen dy't echt de oanslach op 'e presidint útfierd hawwe. Alle begeliedende plysjeminsken wurde fermoarde, wêrnei't de boeide Banning ûntfierd wurdt. Nettsjinsteande it feit dat er noch altyd mei hannen en fuotten fêstsit, wit Banning in pistoal te bemachtigjen en by in wrakseling de fjouwer mannen, dy't by him yn 'e auto sitte, dea te meitsjen. Nei't er himsels befrijd hat fan 'e boeiens, lûkt er de bivakmûtsen fan syn ûntfierders omheech en ken er ien fan harren werom as in hierling fan Salient Global. Op dat stuit beseft Banning dat syn freon Wade Jennings him ferret hat en dat de oanslach útfierd wêze moat troch Salient Global. Trochdat er de útris dy't er foar de oefening dêre droech, efterlitten hat, beskikte Jennings oer mear as genôch fan syn DNA.
Banning rint nei in benzinestasjon ta, dêr't er yn in tillefoansel Leah opskillet om har witte te litten hoe't it mei him giet. Om't er wol foar it ferstân hat dat syn tillefoan thús ôflústere wurdt troch de FBI, nimt er mei-iens de gelegenheid te baat om 'e meiharkers te beswarren dat er ûnskuldich is en dat er net rêste sil foar't er de wiere dieders fan 'e oanslach efterhelle hat. It tillefoantsje soarget der lykwols foar dat de autoriteiten syn lokaasje ûntdekke, en Banning moat flechtsje yn in stellen truck mei oplizzer, dêr't er nei in lange efterfolging earne yn 'e bosken fan Firginia op in B-wei in auto-ûngemak mei kriget. Hy wit lykwols troch de bosken te ûntkommen ear't de plysje arrivearret.
Banning siket no in plak dêr't er eefkes ûnderdûke kin om in pear oerkes te sliepen, dat hy stelt in auto fan it parkearterrein fan in supermerk en bejout him nei in heuveltop yn West-Firginia, dêr't syn fan him ferfrjemde heit Clay al jierren as klúzner wennet. Clay Banning is in traumatisearre âld-kommando en feteraan út 'e Fjetnamoarloch, dy't by wiif en bern weirûn is doe't Banning noch in lyts jonkje wie en nea mear wat fan him hearre litten hat. Ut klearebare nijsgjirrigens hat Banning syn posysje by de Secret Service brûkt om 'e omswalkings fan syn heit yn 'e gaten te hâlden. Der sit in protte âldsear yn 'e relaasje tusken heit en soan, fral fan Banning syn kant ôf, mar Clay seit tsjin him dat er geastlik sa ferknipt út 'e oarloch weromkommen is, dat syn fuortrinnen it bêste is dat Banning ea oerkommen is. Yn 'e blokhutte fan syn heit kin Banning him eefkes deljaan.
Underwilens is Wade Jennings wisberet om syn âlde tsjinstmaat út te skeakeljen foar't dy syn plannen noch fierder yn ûnstjoer bringe kin. Troch it kompjûtersysteem fan 'e Secret Service te hacken en Banning syn ynternetskiednis nei te rinnen, ûntdekke se dat Clay Banning deunby it plak wennet dêr't Banning foar it lêst sjoen is. Dy jûns nei tsjuster kringt in team fan Salient Global toch yn 'e bosken by de blokhutte. Clay Banning is lykwols sa paranoïde dat er oeral om syn wente hinne befeiligingskamera's ferstoppe hat, dat hy sjocht harren al fan fierrens oankommen. Banning en Clay ûntsnappe fia in tunnel dy't Clay foar krekt sa'n gefal groeven hat út 'e blokhutte nei de top fan 'e heuvel, en dêr oankommen bringt Clay de eksplosiven ta ûntploffing dy't er oeral om harren hinne oanbrocht hat. De mannen fan Salient Global hawwe gjin skyn fan kâns en komme allegearre om.
Neitiid naaie Banning en syn heit yn Clay syn âlde pick-uptruck út. By de befeiligingskamera's fan in tolwei soarget Banning dat syn gesicht goed sichtber is en hâldt er in kartonnen buordsje mei geografyske koördinaten omheech. As Thompson dêr mei har partner Ramirez en in team fan 'e FBI op ûndersyk útgiet, treft se op 'e weranda fan 'e blokhutte in rige deade, swierbewapene manlju oan, mei boppe harren hollen op 'e muorre skrast de tekst: "Wy wurkje foar Salient Global". Underwilens is, om't presidint Trumbull net kapabel is, fise-presidint Martin Kirby ynsward as plakferfangend presidint. Hy makket yn in parsekonferinsje bekend dat de oanslach op Trumbull it wurk wie fan Banning, dy't dêrfoar betelle waard troch de Russyske oerheid. Hy is fan doel om passende stappen tsjin 'e Russen te nimmen en hat foarútrinnend dêrop in tal partikuliere militêre bedriuwen yn 'e earm nommen om 'e Amerikaanske Striidkrêften te ûnderstypjen.
Banning en syn heit geane útinoar. Banning is wisberet om troch te kringen ta presidint Turnbull, mei't it neffens him gjin twifel lije kin dat Jennings besykje sil om in nije wraam op 'e presidint te dwaan. Underwilens giet Clay, dy't no foar it earst heard hat dat er pake is, nei Banning syn hûs. Dêr besykje twa fan Jennings syn mannen om by wize fan 'fersekering' Leah en har dochterke te ûntfieren. As se mei har en it bern fuort sille, wurde se lykwols oerfallen troch Clay, dy't handich mei de beide mannen ôfweeft. FBI-aginte Thompson is noch altyd net oertsjûge fan 'e ûnskuld fan Banning, mar wat se op 'e heuveltop yn West-Firginia oantreft, makket har wol dúdlik dat Salient Global op 'e iene of oare wize by de saak belutsen is. Se beslút om Wade Jennings ris goed de stupen op it liif te jeien om te sjen wat der dan bart. Dêrta fljocht se mei Ramirez yn in helikopter nei it haadkertier fan Salient Global ta. Thompson makket lykwols de flater om oan te nimmen dat Jennings him oan 'e spulregels hâlde sil. Dat blykt net sa te wêzen, en Jennings en syn haad befeiling Travis Cole sjitte Thompson, Ramirez en harren piloat ûnferhoeds dea.
As presidint Trumbull wer bykomt út syn koma, docht bliken dat Jennings ûnder yn ien tekken skûlet mei fise-presidint Kirby, dy't driget om alle bannen mei Salient Global te ferbrekken as Jennings der net foar soarget dat Trumbull hjoed noch dea rekket. Banning arrivearret by it sikehûs dêr't de presidint behannele wurdt en komt dêr binnen troch in plysje-unifoarm te stellen en in ôfliedingsmaneuver út te fieren. Troch in kollega-agint fan 'e Secret Service te gizeljen wit er alhiel oant yn 'e intensive care-ôfdieling troch te kringen, foar't er him oerjout oan Secret Service-direkteur Gentry. Hy warskôget foar in nije oanslach op it libben fan 'e presidint. Tsjin alle advizen fan syn riejouwers yn beslút Trumbull, dy't wit dat Banning de oanslach mei de drones net útfierd hat, opdracht om Banning frij te litten.
Banning kriget gelyk as Salient Global it kompjûtersysteem fan it sikehûs hackt en op 'e intensive care it nivo fan stikstof en soerstof yn 'e lucht opfiert ta ynstablile nivo's, mei as doel om in ûntploffing te feroarsaakjen. Mei Gentry, in hantsjefol oare aginten fan 'e Secret Service en Sam Wilcox, de stêfsjef fan it Wite Hûs, evakuëarret Banning presidint Trumbull halje-trawalje út it sikehûs. Harren auto wurdt lykwols it paad tichtset troch Jennings-en-dy, wêrby't Wilcox deasketten wurdt. Wylst efter harren it hiele sikehûs opblaasd wurdt, sykje Banning-en-dy beskûl yn in oanbuorjend kantoargebou.
Banning bringt de presidint ûnder yn in kantoar, mei de yn syn skonk sketten Gentry as lêste line fan ferdigening. De oare Secret Service-aginten stelt er op foar de yngong fan it hoekkantoar. As Jennings en syn mannen it kantoargebou binnenkringe, folget der in lange sjitpartij, wêrby't Banning in hiel team fan Salient Global út 'e ljochten helpt. It slagget harren lykwols dochs om 'e oare Secret Service-aginten te deadzjen. As Jennings en Cole lykwols it hoekkantoar binnengeane, docht bliken dat Trumbull dêr net is: Banning hat him en Gentry earne oars yn it gebou ferskûle en de ferdigening fan it hoekkantoar beävensearre om Jennings te mislieden. No steane ûnderwilens de plysje en de FBI hjir al foar de doar en hat Jennings gjin tiid mear om fierder te sykjen.
Jennings en Cole naaie út nei it dak, dêr't se harren oppikke litte wolle troch in helikopter. Banning efterfolget harren en blaast de helikopter op mei Cole deryn. Dêrnei folget in konfrontaasje tusken Banning en Jennings op it dak, earst mei fjoerwapens, dan mei de fûsten en úteinlik mei messen. Op 't langelêst wit Banning syn âlde maat ûnder de earm te stekken, wêrnei't Jennings deabliedt. Ear't er stjert, seit er tsjin Banning: "Ik bin bliid datsto it wiest."
Yn 'e neisleep fan it hiele debakel wurdt Banning rehabilitearre. Yn 'e kompjûtersystemen fan Salient Global, dy't Thompson foar har dea feilichsteld hie troch se hacke te litten, blykt Jennings (by wize fan fersekering) al syn kontakten mei fise-presidint Kirby sekuer registrearre te hawwen. Op basis dêrfan lit Trumbull syn fise-presidint arrestearje foar heechferrie en korrupsje. Clay Banning beslút in nij libben te begjinnen as nomadyske bewenner fan in camper, en hy is fan doel om gauris by de húshâlding fan syn soan op besite te kommen. Banning sels biedt presidint Trumbull syn ûntslach oan, mei't er him skuldich fielt oer syn geheimhâlden fan syn medyske swierrichheden en oer syn falen by de earste oanslach. Trumbull seit lykwols dat er himsels foar de oanslach neat hoecht te ferwiten, en hâldt him fierders foar dat se allegearre mar minsken binne en dus fouten meitsje. Hy biedt Banning jitris promoasje oan ta direkteur fan 'e Secret Service, en diskear nimt Banning it oanbod oan.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Secret Service-agint Mike Banning | Gerard Butler |
Wade Jennings, direkteur fan Salient Global | Danny Huston |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Leah Banning | Piper Perabo |
Clay Banning | Nick Nolte |
presidint fan 'e Feriene Steaten Allan Trumbull | Morgan Freeman |
FBI-aginte Helen Thompson | Jada Pinkett Smith |
fise-presidint fan 'e Feriene Steaten Martin Kirby | Tim Blake Nelson |
direkteur fan 'e Secret Service David Gentry | Lance Reddick |
Travis Cole | Frederick Schmidt |
FBI-agint Ramirez | Joseph Millson |
stêfsjef fan it Wite Hûs Sam Wilcox | Michael Landes |
Secret Service-agint Murphy | Ori Pfeffer |
direkteur fan 'e CIA James Haskell | Mark Arnold |
Bruno | Rocci Williams |
milysjelid | Chris Browning |
Lynne Banning | Jessica Cobley |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeAngel Has Fallen waard regissearre troch Ric Roman Waugh nei in senario fan Robert Mark Kamen, Matt Cook en himsels. As produsinten wiene haadrolspiler Gerard Butler, Alan Siegel, Matt O'Toole, John Thompson, Les Weldon en Yariv Lerner by it projekt belutsen foar de filmstudio's Millennium Films (foar Nu Image) en G-Base. Foar de film wie in budget beskikber fan $40 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jules O'Laughlin, en de filmmuzyk waard fersoarge troch David Buckley. De opnamen foar Angel Has Fallen fûnen plak it Feriene Keninkryk en Bulgarije. De binnendoarsênes waarden opnommen yn 'e Longcross Studios yn it Ingelske greefskip Surrey.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Angel Has Fallen waard fersoarge troch Lionsgate Films. De film gie op 23 augustus 2019 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Angel Has Fallen mingde resinsjes. Yn The Hollywood Reporter skreau Todd McCarthy dat de film "miskien net botte better is as de earste beide ôfleverings [út 'e Fallen-filmsearje …], mar hy is eins dochs ûnderhâldender – yn it foarste plak troch in tige fermaaklike rol fan Nick Nolte as Gerard Butler syn eksintrike […] âlde knar fan in heit." Ignatiy Vishnevetsky fan The A.V. Club joech de film in 6 op in skaal fan 1 oant en mei 10, mar kwalifisearre him dochs as "in dramatyske ferbettering" yn ferhâlding ta de earste beide Fallen-films, hoewol't er krityk hie op 'e aksjesênes.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Angel Has Fallen in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 38%, basearre op 186 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei't it fan itselde rûge lekken in pak is as syn foargongers, makket Angel Has Fallen in foar it meastepart maklik te ferjitten aksjetrilogy ôf op in passend midsmjittige manear." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Angel Has Fallen in goedkarringspersintaazje fan 45%, basearre op 33 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeAngel Has Fallen brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $69,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $78,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $147,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $40 miljoen betsjut dat in winst fan $107,5 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
Fallen (filmsearje) | |
---|---|
Olympus Has Fallen (2013) • London Has Fallen (2016) • Angel Has Fallen (2019) |