Mar
In mar (ôfhinklik fan de grutte bytiden: plas) is in troch fêstelân omringde wetterflakte, almeast mei in 'fiedende' en in 'ôfwetterjende' rivier. It lêste is lykwols gjin rigel. Somtiden wurdt in beheindere definysje fan mar brûkt dy't gjin sâlt wetter talit. In wetterflakte sûnder in ôfwetterjende rivier, dêr't sâlt wetter yn stiet, jildt dan net as in mar. Sa wurdt de Kaspyske See dan net as in mar beskôge mar as in see, in sletten see.
De grutste marren op 'e wrâld
bewurkje seksjeHjirûnder stiet in opsomming fan de grutste marren op 'e wrâld, oardere nei de boppeflakte. Oardere nei ynhâld soe lykwols it Baikalmar, hjir nûmer 8, de grutste mar wêze.
- Kaspyske See (Aazje) - 371.000 km²
- Boppemar (Noard-Amearika) - 83.000 km²
- Fiktoariamar (Afrika) - 68.800 km²
- Hueronmar (Noard-Amearika) - 60.000 km²
- Michiganmar (Noard-Amearika) - 58.020 km²
- Tanganjikamar (Afrika) - 32.900 km²
- Grutte Bearemar (Noard-Amearika) - 31.790 km²
- Baikalmar (Aazje) - 30.500 km²
- Aralmar (Aazje) - 28.687 km²
- Grutte Slavemar (Noard-Amearika) - 28.440 km²
Grutste marren fan parten fan de wrâld binne:
- De Ladogamar (18.100 km²) is de grutste mar fan Jeropa.
- De Iselmar (1.100 km²) is de grutste mar fan Nederlân.
- De Tsjûkemar (21,16 km²) is de grutste mar fan Fryslân.
Fan de Jeropeeske talen binne der guons (Dútsk, Frânsk, Latynsk), dêr't it besibbe Fryske wurd mar, see yn betsjut. Oarsom hat it Dútsk twa wurden See dêr't der See júst mar by betsjut.
Marren yn Nederlân
bewurkje seksjeAldegeaster Brekken -- Alkmarder Mar -- Ankeveense plassen -- Belterwijde -- Burgumer Mar -- Beulakerwijde -- Binnenbedijkte Maas -- Bovenwijde -- Braassemer Mar -- Brandemar -- Brielse Mar -- Feluwemar -- Flakke Brekken -- Fluezen -- Gythoarnske Mar -- Goaiïngarypster Puollen -- Gooimar -- Grevelingenmar -- Grutte Brekken -- Grutte Gaastmar -- Hasker Wiid -- Hegemer Mar -- De Holken -- Iemmar -- Jiskenhúster Mar -- Idzegeaster Poel -- Drylster Brekken -- Iselmar -- Ketelmar -- De Kûfurd -- Langwarder Wielen -- Lauwersmar -- Leekster Mar -- Kagerplassen -- Langeraarse plassen -- De Leijen -- Loosdrechtse plassen -- Moarre -- Naarder Mar -- Nannewiid -- Nieuwkoopse plassen -- Oostvoornsemar -- Paterswoldsemar -- Pikmar -- Reeuwijkse plassen -- Ringwiel -- Sânmar -- Skyldmar -- Sleattemer Mar -- Snitser Mar -- Súdlaardermar -- Swarte Mar -- Terhernster Mar -- Terhernster Puollen -- Terkaplester Puollen -- Tsjûkemar -- Veerse Meer -- Vinkeveense Plassen -- Westeinder Plassen.
Marren earne oars yn Jeropa
bewurkje seksjeBalatonmar -- Bodenmar -- Fjouwerwâldstêdenmar -- Komomar -- Gardamar -- Ladogamar -- Lago Maggiore -- Loch Ness -- Mälarmar -- Mar fan Annecy - Mar fan Bolsena - Mar fan Genêve -- Mar fan Lugano -- Mar fan Surich -- Neusiedler Mar -- Ohridmar - Onegamar -- Päijännemar -- Peipusmar -- Prespamar -- Saimaamar -- Shkodërmar -- Vänermar -- Vättermar
Marren earne oars yn de wrâld
bewurkje seksjeAralmar -- Atabaskamar -- Baikalmar -- Biwamar -- Boppemar -- Earymar -- Fiktoariamar -- Grutte Bearemar -- Grutte Sâltmar -- Grutte Slavemar -- Hueronmar -- Manitobamar -- Michiganmar -- Mar fan Nikaragûa -- Ontariomar -- Sevanmar -- Tanganjikamar -- Tobamar -- Titicacamar -- Tonlé Sap-mar-- Vostokmar -- Mar fan de Wâlden -- Winnipegmar -- Winnipegosismar
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksje- Wikiwurdboek-side - mar