DNA (de ôfkoarting fan it Ingelske wurd deoxyribonucleic acid) is de gongbere oantsjutting foar wat yn it Frysk eins desoksyribonukleïnesoer hjit. It is in biogemysk makromolekúl dat fungearret as wichtichste drager fan erflike ynformaasje yn alle bekende organismen, en ek yn firussen (mei útsûndering fan RNA-firussen). Krekt as RNA (ribonukleïnesoer) heart DNA ta de nukleïnesoeren. In DNA-molekúl bestiet út twa lange stringen fan nukleotiden, dy't yn 'e foarm fan in dûbele heliks mei-inoar ferfrissele binne.

De struktuer fan DNA.
Dizze side giet oer it guod dat genetyske ynformaasje draacht. Foar oare betsjuttings, sjoch: DNA (betsjuttingsside).

De beide ferfrissele stringen dêr't in DNA-molekúl út bestiet, binne mei-inoar ferbûn troch wetterstofbrêgen, dy't hieltyd twa foarinoaroer lizzende nukleotiden mei-inoar ferbine. DNA befettet fjouwer ûnderskate nukleotiden mei de nukleobazen adenine, tymine, gûanine en sytosine (Ingelsk: cytosine), dy't yn 'e molekulêre biology ôfkoarte wurde mei de letters A, T, G, resp. C. De beide stringen binne komplemintêr trochdat de bazen inkeld as bazepearen A=T en G=C foarkomme kinne. Adenine- en tyminebazen wurde troch twa wetterstofbrêgen mei-inoar ferbûn, en gûanine- en sytinebazen troch trije wetterstofbrêgen.

De folchoarder fan 'e nukleotiden yn in string wurdt in sekwinsje neamd. Trochdat der in hiel soad ferskillende sekwinsjes mooglik binne, kin mei de folchoarder fan 'e nukleotiden unike erflike ynformaasje fêstlein wurde. Sa't mei letters wurden, sinnen en úteinlik boeken foarme wurde kinne, sa wurdt mei de nukleotiden fan it DNA alderlei erflike ynformaasje kodearre.

DNA en gromosomen

bewurkje seksje
 
De struktuer fan DNA hat in dûbel helikoïdale foarm.

DNA befynt him yn 'e foarm fan gromosomen yn alle sellen. Gromosomen kinne miljoenen bazepearen befetsje. Troch in proses fan replikaasje wurdt it DNA yn in gromosoom kopiëarre. Dy replikaasje giet foarôf oan in seldieling, sadat eltse nije sel in eigen kopy fan it DNA kriget. Op deselde manear wurdt DNA by de fuortplanting trochjûn oan 'e neiteam. Op in gromosoom befine har tsientallen oant hûnderten genen. Ien gen bestiet út ien of mear DNA-sekwinsjes, dy't kodearje foar ien of mear aaiwiten, dy't sawol binnen as bûten de sel in tige grut ferskaat oan biologyske funksjes ferfolje.

Yn eukaryoate organismen befine de gromosomen mei it DNA har yn 'e selkearn. Dêrnjonken is der ek DNA oanwêzich (mitogondriaal DNA) yn 'e mitogondriën, dêr't it de foarm hat fan sirkulêre gromosomen. Planten hawwe fierders ek DNA yn plastiden (lykas blêdgrienkerlen). Prokaryoaten (lykas baktearjes en blau-algen), dy't gjin selkearn of oare organellen hawwe, beskikke allinne mar oer sirkulêre gromosomen.

Oan 'e hân fan 'e genetyske koade kin de DNA-sekwinsje fan in gen oerset wurde yn 'e aminosoersekwinsje fan in aaitwyt. Dat proses wurdt aaiwytekspresje namd. By de transkripsje wurdt it DNA fan in gen earst kopiëarre nei saneamd messenger RNA (mRNA), en dêrnei wurdt it mRNA by de translaasje oerset nei in aaiwyt. By de measte organismen foarmje de genen mar in lyts part fan 'e totale hoemannichte DNA. In protte oare dielen fan 'e gromosomen binne belutsen by de regulaasje fan 'e aaiwytekspresje. Fan in grut diel fan 'e rest fan it DNA is de funksje noch net bekend.

It bestean fan DNA (sij it net ûnder dy namme) waard yn 1869 ûntdutsen troch de Switserske fysiolooch Friedrich Miescher. Albrecht Kossel isolearre it nukleïnesoer yn DNA yn 1878 en ûntdiek letter de ferskillende soarten nukleobazen. Yn 1927 stelde Nikolaj Koltsov foar it earst foar dat DNA wat mei it oerervjen fan skaaimerken te krijen hie. Yn febrewaris 1953 foltôgen Francis Crick en James Watson fan 'e Universiteit fan Cambridge it earste korrekte moedel fan 'e dûbel helikoïdale struktuer fan DNA.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.