Slot Charlottenburg
Slot Charlottenburg (Dútsk: Schloss Charlottenburg) is it grutste paleis yn Berlyn en leit yn it stedsdiel Charlottenburg. It datearret út 'e tiid fan de Prusyske keningen en waard boud tusken 1695 en 1699 troch Johann Arnold Nering yn opdracht fan Sophie Charlotte (dochter fan Ernest Augustus), en de frou fan karfoarst Freark III, dy't him letter letter kroane liet ta kening Freark I fan Prusen.
Al yn 1701 wie it kastiel, dat eins bedoeld wie as in simmerhûs foar Sophie Charlotte, útwreide troch Eosander von Goethe. It slot, dat earst Lietzenburg neamd wie, waard nei de dea fan Sophie Charlotte (1705) ta eare fan har omneamd nei Charlottenburg. Fan 1707 oant 1712 waard it útwreide mei de Oranjery en de karakteristike koepel. Tusken 1740 en 1747, doe't Freark de Grutte der libbe, waard de nije eastlike fleugel boud troch Georg Wenzeslaus von Knobelsdorff. Lykwols ferhuze Freark yn 1747 nei de Slot Sanssouci yn Potsdam.
Yn de Twadde Wrâldkriich waard it kastiel foar in grut diel ferneatige. Dêrtroch is der net safolle fan de oarspronklike meubels oerbleaun. Ek it porselein en Delfts blau yn 'e porsleinkeamer moast gruttendiels ferfongen wurde.
It grutte park, dat by it kastiel heart, is boud op basis fan tekeningen út de begjintiid fan it slot neffens it foarbyld fan Versailles. De tún hat yn dy tiid, sa't moade wie, ek ris in Ingelske tún west.
Fan 2004 oant 2006 (tidens de renovaasje fan Bellevue Palace) waard it kastiel brûkt troch de Bûnspresidint foar represintative doelen. Der wie in stúdzjekeamer foar de Bûnspresidint en der waarden ûntfangsten hâlden. Yn 2004 waard de Britske keninginne yn dit slot ûntfongen.