Springe nei ynhâld

Rotstekening

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Rotsskildering)
In bolle út de Grot fan de Bollen yn Lascaux.
jachttafferiel op rotsen yn it Tibesty berchtme.
Minskeftige skilderijen yn de Grotta de Levanzo yn Itaalje.

In rotstekening is in tekene ôfbylding op rotsen. By in grotskildering is de ôfbylding oanbrocht op de wannen en/of plafonds fan grotten. De beneamingen wurde meastentiids brûkt foar ôfbyldings dy't makke binne yn de prehistoarje.

De Kro-Magnonminsk wie de earste minsk dy't besocht hat de wrâld om him hinne, benammen besteande út bisten dêr't er op jage en foarwerpen, wer te jaan middels gravueres op de wannen yn hoalen en spelonken. Hjoed binne hûnderten gravueres bekend op rotswanden, meastentiids yn grotten fan mammoeten, oeroksen, wolhierrige noashoarns, hynders, kij, harten en sa, datearjend tusken de 30.000 en inkele tûzene jierren ferlyn.

Yn in grot yn Altamira (Spaanske Pyreneeën) is in tekening fan in Bison fûn op de souder skildere yn helder read, brún en swart. De kleuren binne noch hieltyd goed te sjen en amper dizenich wurden sûnt se op de rotsen oanbrocht waarden. Foar in diel is dat te tankjen oan it tsjuster en de evenredige temperatuer.

Ek yn grotten yn de Dordogne (b.g. fan Lascaux by Montignac) binne grotskilderingen ûntdutsen fan bizons, hynders en herten yn swart, giel en read. Oare grotten hawwe ôfbyldings fan folsleine jachttaferielen. Apart is dat de minsk sels sawat ûntbrekt op de skilderingen (inkeld wat skematysk foarsteld), wylst de bisten faak libbensecht en yn karakteristike hâldingen ôfbylde wurde. De ierste ôfbylden fan minsken op rots binne yn de Sahara fûn en datearje út de saneamde 'Rûnekop-perioade', dy't likernôch 10.000 jierren lyn begûn.

Ien fan de gebieten yn de Sahara dêr't in protte skilderingen fûn binne is it Tibesty berchtme. Op mear as fjouwerhûndert plakken binne likernôch 500.000 ôfbyldingen te finen dy't mei-elkoar in goeie ympresje jouwe fan it libben yn de Lette Stientyd.

De farve waard op ferskillende wizen oanbrocht: mei de fingers en teannen yn reade liem dope, mei ienfâldige kwasten of yn de mûle nommen en op de rotswand spuid. Soms waard it pigment yn reiden pypkes sammele en op in fochtich oerflak blaasd.

Der bestiet in grut ferskaat oan teoryen oer de betsjutting fan de skilderingen troch de eardere makkers. Guon miene dat de reden foar ôfbylding de eangst foar dy bisten wie. Om dy eangst te beswarren waard oan de bêste tekener fan de stam frege om it bist op in rots te tekenjen mei houtskoal of kleurstoffen. Oaren hawwe steld dat it ôfbyldzjen fan proaibisten diel útmakke fan magyske jachtrituelen.

Troch de grutte publike belangstelling foar de skilderingen hat it mikroklimaat fan de grotten slim te lijen hân: fochtigens en temperatuer binne tanomd, krektas it koalsoergehalte. In oantal skilderingen is dêrtroch sa bedrige dat hja net langer mear te besichtigjen binne. Fan de grot fan Lascaux, ien fan de moaiste, is lykwols in faksimilee makke dy't troch tûzenen toeristen yn de wike besocht wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: