Springe nei ynhâld

Noard-Dútslân

Ut Wikipedy
Noard-Dútslân

Noard-Dútslân (Dútsk: Norddeutschland) is de regio yn it noardlike part fan Dútslân, dêr't de grinzen fan net krekt fêstlizze. Dat leit oan it taalkundich, geografysk, kultureel of histoarysk stânpunt dat ynnommen wurdt. De fiif dielsteaten oan de kust, Nedersaksen, Sleeswyk-Holstein, Meklenburch-Foarpommeren en de twa stedssteaten Hamburch en Bremen wurde ornaris ferwiisd as Noard-Dútslân. Alhoewol't se geografysk by Noard-Dútslân hearre, wurde Westfalen, Brandenburch en de noardlike parten fan Saksen-Anhalt komselden ta Noard-Dútslân rekkene, mar wurde ynstee dêrfan respektivelik ta West- of East-Dútslân rekkene.

Uerdingen line: ich ("ik") en ik isoglosse

Taalkundich ferwiist Noard-Dútslân nei it spraakgebiet benoarden de isoglossen fan de Uerdinger en Benrather Linys, dêr't Nederdútske dialekten sprutsen wurde. Dy befetsje de Nedersaksyske dialekten yn it westen, mei de dialekten fan Westfalen oant it Rynlân ta ynbegrepen, de eastlike Nederdútske regio's oan de Eastsee, mei westlik Pommeren, de Altmark en noardlik Brandenburch, allyk de noardlik Nederdútske dialekten.

Fan de njoggentjinde iuw ôf waard it brûken fan it Standertdútsk sterk befoardere troch de Prusyske oerheid en dêrtroch waarden de Nederdútske dialekten weromkrongen ta benammen op it plattelân. Sûnt de Twadde Wrâldkriich en troch de Ferdriuwing fan Dútsers nei de Twadde Wrâldkriich út de eardere eastlike Dútske gebieten wei, kaam it brûken fan it Nederdútsk ûnder fierdere druk te stean. Hjoed-de-dei wurde de Nederdútske dialekten lykwols noch troch in nei skatting 5 oant 8 miljoen memmetaalsprekkers brûkt. Njonken it Nederdútsk wurdt der yn Noard-Dútslân it Frysk sprutsen yn East- en Noard-Fryslân en Deensk (Standertdeensk en Súdjutlânsk) yn parten fan Sleeswyk sprutsen.

Op taalkundich mêd slút Noard-Dútslân oan by Nederlân, Ingelân en Skandinaavje. Bygelyks it Dútske wurd foar "slachter" is Fleischer of Metzger dy't yn midden, eastlik en súdlik Dútslân útsprutsen wurdt, wylst Schlachter yn Noard-Dútslân sein wurdt, dat op it Fryske "slachter" en Skandinavyske slagter/slakter liket. Oare foarbylden binne it wurd foar "ierdappel", dy't as Erdapfel yn súdlik Dútslân, Switserlân en Eastenryk útsprutsen wurdt en Kartoffel yn it noarden fan Dútslân en Denemark. It Noarddútske tiidwurd kieken (sjen) liket op it Deenske kikke/kigge en it Noarske kikke. It wurd foar "sinesapel" dat Orange yn it Standertdútsk is, is Apfelsine yn Noard-Dútslân en liket op it Noardfryske aapelsiin, it Skandinavyske appelsin/apelsin en it Nederlânske appelsien/sinaasappel.

Boppedat binne de efternammen Jansen/Janssen, Hansen, en Petersen de meast foarkommende efternammen yn Nedersaksen en Sleeswyk-Holstein, allyk as yn Denemark, dêr't Jensen ynstee fan Jansen brûkt wurdt. Hansen is ek de meast brûkte namme yn Noarwegen, de tredde meast brûkte namme yn Denemark en de tredde en fyfde meast brûkte nammen yn respektivelik Sleeswyk-Holstein en Hamburch.

Tekenjend foar Noard-Dútslân is de Noarddútske Leechflakte, dy't de klaai- en feangebieten oan de Noardsee en Eastsee en de hegere sângrûn en heidelân fierder it lân yn, befetsje. Ek nijsgjirrich binne de heuvels fan de Baltyske Lânrêch, de driuwwâlen, de grûnmorenen, einmorenen, sandurs, gletsjerdellings en sompen.

Dy lânskippen waarden foarme yn de lêste glasiaal, it Weichselglasiaal en ferskille tige mei de yn it suden oanswettende hichten fan sintraal Dútslân, sa as it Harzberchtme en it Teutoburger Wâld, dy't somtiden ek ta Noard-Dútslân rekkene wurde.

Noard-Dútslân is op it mêd fan it leauwe protestantsk, benammen luthersk, foar it katolike suden oer. Nedersaksen en Sleeswyk-Holstein hawwe it heechste persintaazje lutheranen. Yn East-Fryslân, benammen tichter by de grins mei Nederlân is de befolking tradisjoneel herfoarme (Reformierte Kirche). Fierdere útsûnderings binne de lânkringen Iemslân, Kloppenburch en Vechta, dy't tradisjoneel katolyk binne, omreden dat se yn it ferline ûnder it Prinsbisdom Múnster foelen en dy syn ynloed dêr lang wist te hâlden.

Op kultureel en sosjaal mêd karakterisearret Noard-Dútslân him troch lytsere ynkommensferskillen, benammen tusken dy fan de geslachten, as yn Súd-Dútslân. De Gini-koëffisjint foar Dútslân bedraacht om 30 hinne, wylst dy fan de súdlike dielsteaten 30,6 bedraacht, en de noardlike dielsteaten 27,5 ferlike mei 25 fan de Skandinavyske lannen. Tradisjoneel bestie de maatskippij yn it noardwesten fan Dútslân oant de iere tweintichste iuw út begoede eigenierde boeren, dy't reedlike lapen grûn besieten. Hja wiene ikkerbouwers of feehâlders, benammen kij en bargen. Ek wie der in reedlik goede ûnderrjochte middenstân yn de doarpen en stêden, dy't wurken yn de tsjinstesektor, as sake-eigeners, as ambachtsmanlju of oare beroppen. It persintaazje net-ûnderrjochte lju, wurklju sûnder eigendommen en dêrfoaroer grutte lânhearen wie dêr dus folle lytser en dêrtroch wie de maatskippij dêre stabiler as yn de rest fan Dútslân en it Rynlân. Boppedat wiene noardlike stêden lykas Bremen, Hamburch, Lübeck en Rostock sterke ekonomyske sintrums fan hannel, en wiene tige warber op it mêd fan ynnovaasje en ferbetterjen fan saken en yndustry.

It Hillige Roomske Ryk, mei it stamhartochdom Saksen yn it giel

Yn de Iere Midsiuwen wie Noard-Dútslân it wengebiet fan de Saksen, dy't troch de Frankyske kening Karel de Grutte yn de Saksyske Krigen fan 772 ôf oermastere waarden. It stamhartochdom Saksen waard ûnder syn hearskippij yn 804 stifte. Yn de tsiende iuw waard it Saksyske gebiet, fergrutte mei de Saksyske Eastmark, waard it machtsintrum fan it Keninkryk Dútslân en letter it Hillige Roomske Ryk, doe't de hartoggen fan de Ottoanen as Roomsk-dútske kening keazen waarden en ta keizers fan it Hillige Roomske Ryk kroane waarden.

Yn de Lette Midsiuwen ûntstie yn Noard-Dútslân it ferbûn fan de Hânze, dat in ferbûn fan hannelstêden om de Noardsee en Eastsee waard mei it mulpunt de Noarddútske stêden Bremen, Hamburch en Lübeck. Fan de iere fyftjinde iuw ôf waarden de eardere Saksyske gebieten, mei útsûndering fan Westfalen byinoar foege ta de Nedersaksyske Rykskrite fan it Hillige Roomske Ryk.

De Noarddútske Bûn fan 1867-1871

Yn de njoggentjinde iuw ûntstie de Noarddútske Bûn, dy't rûchwei oerienkomt mei Noard-Dútslân. De grins yn de Dútske Bûn (1815-1866) tusken de ynfloedssfearen fan it protestantske Prusen yn it noarden en it katolike Eastenryk yn it suden wie bekend as de Mainliny, neamd nei de rivier de Main.

Der is lykwols ek in skieding tusken it noardwesten en it noardeasten fan Dútslân. Yn de Iere Midiuwen wennen der noch Slavyske folken, sa as de Abodriten en Wilzen, yn it noardeasten oant yn eastlik Sleeswyk-Holstein ta. Letter nei de Eastkolonisaasje rekke it fiere noardeasten (East-Prusen, Pommeren en Brandenburch) ûnder bestjoer fan de Dútske Oardersteat en letter Brandenburch-Prusen. It eilân Rügen, parten fan Foarpommeren en Sleeswyk-Holstein rekken ûnder Deensk en Sweedsk bestjoer. It noardwesten wie it thúslân fan de stammen fan de Friezen en de Saksen, en letter fan it stamhartochdom Saksen (stifte yn 804), de Nederrynsk-Westfaalske Rykskrite (1500) en de Nedersaksyske Rykskrite (1512).

Yn de Kâlde Kriich ûntstie der in kulturele skieding fan Noard-Dútslân yn in eastlike en westlik part troch de skieding fan Dútslân troch it Izeren Gerdyn fan 1949 oant 1990 yn West-Dútslân (BRD) en East-Dútslân (DDR). Der waard nei de weriening fan Dútslân yn 1990 dy ferskillen besocht safolle mooglik fuort te wurkjen, mar besteane lykwols noch hieltyd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Christoph Weinert en Ingo Helm: Die Geschichte Norddeutschlands. Hoffmann & Campe, Hamburch 2005, ISBN 3-455-09520-8
  • [AutorInnenkollektiv]: DreiStromLand. Ems – Weser – Elbe. Die große EWE-Medienkassette über das Land zwischen den drei Strömen: alle Städte, Samtgemeinden und Gemeinden in Wort, Bild, Karten und Film. Bremen 2005
  • Das große EWE-Handbuch der Städte, Samtgemeinden und Gemeinden zwischen Ems, Weser und Elbe. Band 1–3, 376+344+240
  • Margot Böse, Jürgen Ehlers, Frank Lehmkuhl: Deutschlands Norden – vom Erdaltertum zur Gegenwart. Springer-Verlag, Berlyn/Heidelberg 2018, ISBN 978-3-662-55372-5.