Springe nei ynhâld

Mortier

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Mortier (wapen))
M224 Mortier
120 mm mortier, KL

In mortier is in stik artillery mei in tige koarte, yn in hoeke fan 45° sette loop. De mortier wurdt ek wol steilbaangeskut neamd, yn kontrast mei flakbaangeskut (it kanon) en krombaangeskut (de houwitser), dy't projektilen yn in rjochtere line ôffjurje.

Lykas by alle wapens dy't net yn in rjochte line sjitte, is de trefwissens fan de mortier beheind, meidat de wyn de baan fan it projektyl sterk beynfloedzje kin.

De mortier is it simpelste geskut fan it slachfjild, en is grif koart nei de útfining fan it buskrûd ûntstien. De namme komt fan it kokenark mei deselde namme (ek wol fizel neamd) dêr't âldere modellen wol wat fan wei hawwe. De mortier is benammen geskikt om op koarte ôfstân tsjin fijanlike troepen te brûken. It is in treflik middel om projektilen oer in muorrre hinne te sjitten. By de belegering fan in festing waard dit wapen troch beide partijen brûkt.

Antyk mortier fan brûns

Yn syn ienfâldichste foarm bestiet in mortier út in put of yngroeven fet, mei ûnderyn in springlading en dêr boppe in prakke stiennen dy't middels in eksploazje nei foaren smiten wurde. Dit type mortier wurdt ierdmortier, stienmyn of fougas(se) neamd.

Lettere, mear draachbere útfierings hawwe de foarm fan in panne fan jitten metaal, dy't yn in houten frame ophong wie en dêryn in bytsje rjochte wurde koe.

De moderne mortier hat meast in koarte buis, dêr't it projektyl yn giet, op in flinke stjitplaat dy't de wjerslach opfangt. Bekende mortieren binne:

  • Ierdmortier, in put of yngroeven fet
  • Coehoornmortier, in draachbere mortier mei in heul koart loopke; in útfining fan Menno fan Coehoorn
  • Kûgelmortier, fjurret in lading stielen kûgels ôf
  • Stienmortier, wurdt laden mei in fracht stiennen

Bekende mortiers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Besibbe oan mortier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]