Karronade
In karronade (Ingelsk: Carronade) is in koart kanon fan getten izer mei in kaliber en in glêde loop. It waard brûkt as in wapen foar de koarte ôfstân by de seemacht en is in foarm fan krûmbaangeskut, lykas in houwitser en mortier.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De karronade waard foar it earst produsearre troch de Carron Company, in izerfabryk yn Falkirk, Skotlân, en waard brûkt fan de midden fan de 18e iuw oant de midden fan de 19e iuw. It kanon waard ûntwikkele troch luitenant Melville en Gascoigne, de manager fan Carron, [1] yn 1759 as wapen dat net folle personiel frege, mar in grutte ferwoastende krêft op koarte ôfstân ûntwikkelje koe. Dêrom wie it earst benammen populêr op hannelsskippen, dêr't it tsjin lytsere kaperskippen ynset wurde koe, benammen op Britske keapfardijskippen yn 'e Amerikaanske Unôfhinklikenskriich. [2]
Letter waard it ek op oarlochsskippen ynset, benammen op it foar- en efterdek, dêr't gjin plak foar grutte kanonnen wie. Omdat kanonnejitterijen op it fêstelân fan Europa lange tiid net by steat wiene om in kanon fan sa 'n ûntwerp te jitten, hiene de Britten der oan de ein fan de 18e iuw frijwat taktysk foardiel fan.
De karronade waard brûkt oant ûngefear 1850. Nei ferrin fan tiid learde men dat ôfstân hâlde like effektyf wie. Ek wiene de measte skippen útrist mei karronades, sadat net ien mear in foardiel hie yn in gefjocht fan tichteby. Begjin jierren 1840 waarden kanonnen dy't granaten ôfsketten yntrodusearre, wêrtroch't de karronade oerstallich waard. [3]
Untwerp
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By klassike kanonnen is it net frjemd dat der in grutte romte bestiet tusken de diameter fan de kûgel en de loop. Dat komt trochdat men grutte problemen hie mei it krekt útboarjen fan de lange izeren - of brûnzen loop. Dit ferskil koe wol 10% wêze en joech behoarlik ferlies fan fjoerkrêft. [4] Omdat de karronade koart en grut fan kaliber wie, bestie dit probleem safolle net en de Carron Company paste in oare produksjemetoade ta. Dat resultearre yn lytsere krûdladingen by gruttere kalibers, mar ek yn it doetiids winske koarte berik.
In karronade woech likernôch in fearnspart fan in kanon mei ferlykber kaliber, foar in 32 pûner minder as in ton, tsjinoer mear as 3 ton foar in gewoan kanon. Se waarden makke yn de gebrûklike rige kalibers (12, 18, 24, 32 en 42 pûn), mar ek 68 pûn is bekend, wat 20 sm kaliber is. By linyskippen telden karronades net mei by it tal geskut en dat joech soms betizing.
Omdat in karronade net horizontaal brûkt waard en de krûdlading lytser wie, wie it ôflieden fan de weromstjit by it fjurjen gjin grut probleem, de foet naam de measte energy op tegearre mei de glydzjende houten fuotplaat. Letter binne der ek karronades makke mei in rolhynder om it swiertepunt te ferleegjen. Dy fariaasje waard yn Ingelân gunnade neamd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|