Springe nei ynhâld

Klarinet

Ut Wikipedy
Metalen G-klarinet (Balkan),
Bes-klarinet Böhm-systeem,
Bes-klarinet Albèrt-systeem,
B-klarinet út 1910
Microtonale Kwarttoanklarinet mei 24 toetsen it oktaaf

De klarinet is in blaasynstrumint. Yn it symfony- en harmony-orkest wurdt it by de houtblazers rekken.De namme is in ferlytsingswurd fan it Italjaanske clarino, in soarte trompet. De klarinet bestiet út in silindryske holle piip mei gatten, dêr't guon fan mei de fingers ôfdutsen wurde en oaren mei in klep. De gatten dy't mei de fingers ôfdutsen wurde lizzen bûten it berik fan de fingers. It útein rint út yn in trachter dy't klankbeker neamd wurdt. Dêrmei wurdt der foar soarge dat de akoestyske ympedânsje fan de buis better oanpast is oan de lucht en de klarinet mear lûd makket, benammen by lege toanen. Klarinetten wurde meast makke fan hout (benammen ebben), mar ek oare materialen lykas metaal en hjoed de dei (2007) keunstof.

Mûlestik klarinet

De lûdsproduksje begjint eins yn it mûlestik. De klarinettist set de boppetosken op it mûlestik en de ûnderlippe tsjin it reid dat tsjin it mûlestik oanbûn of klamme is. Troch lucht tusken it mûlestik en it reid troch te blazen begjint it reid te trilje. Dat hat ynfloed op de toanhichte en de klankkleur. It triljen fan it reid set de lucht yn de klarinet ek yn beweging sadat der lûd (en hooplik muzyk) makke wurdt. De akoestyske ympedânsje fan de buis nei it reid soarget foar de mooglik te meitsjen toanhichtes. In oan ien kant tichte silindryske buis smyt in boppetoanrige mei allinnich ûneven harmoynysken. Dêrtroch blaast in klarinet oer in 'duodecime' yn stee fan oer in oktaaf lykas by de measte oare blaasynstruminten.

De midsiuwske foarrinner fan de klarinet, as inkeldreid-ynstrumint, is de caulumeau. De útfiner fan de klarinet hat foar 't neist Johan Christoph Denner om 1690 hinne west. De meast brûkte klarinet is de Bes-klarinet, dy is sa'n 66 sm lang. Foarhinne waard foar alle toansoarten in oare klarinet brûkt (de klarinet spile winlik in grepeskrift). Troch de iuwen hinne hat de klarinet him hieltyd fierder ûntjûn. Yn Belgje en de rest fan de wrâld wurdt ornaris it Böhm-systeem fan kleppen/brillen brûkt. Utsûnderings binne Dútslân en Eastenryk. Dat binne de lêste lannen dêr't it (minder logyske) Albert-systeem en Oehler-systeem wizânsje binne. Yn de measte Nederlânske profesjonele orkesten brûke se in unyk hybride systeem, de saneamde "reform Böhm" klarinet. Dat is yn wêzen in klarinet mei in Frânske (lês: Böhm) applikatuer, en in Dútske klankbuis.

Tsjintwurdich wurde benammen de Bes-, en inkeld de A-klarinet brûkt. De hege Es-klarinet wurdt benammen brûkt yn harmony-orkesten, inkeld yn symfony-orkesten as pikkolo-klarinet en inkeldris as les-klarinet. Foar lesdoeleinenwurdt de lêste jierren hieltyd faker de C-klarinet oanret en boud. Der is in noch lytsere klarinet, de As-klarinet, dy't by hege útsûndering yn clarinet-choirs brûkt wurdt. Yn Súd-Jeropeeske lannen en nei't sein wurdt yn Austraalje wurdt dat ynstrumint faker brûkt. De C-klarinet wurdt wolris troch klarinettisten brûkt as se in partij mei net-transponearjende ynstruminten meiblaze moatte. De C-klarinet is nammentlik de iennichste klarinet dy't net transponearret. Omdat in klarinet oerblaast op de duodecime (oktaaf+kwint0 is it berik hiel grut. Neidiel is dan wer dat der in hiel soad kleppen oan te pas komme om dy ynterfallen te oerbrêgjen. De Bes-klarinet hat in (klinkend) toanberik fan d - c''''.

Njonken de gewoane klarinet binne der ek bas-, tenoar- en altfarianten: de basklarinet yn Bes, de altklarinet yn E. De bassethoarn yn F is yn wêzen gjin hoarn mar in wat hegere altklarinet. De bassetklarinet wie populêr yn de tiid fan Wolfgang Amadeus Mozart: syn Konsert KV622 is oarspronklik foar dit muzykynstrumint skreaun. Der binne - nei't sein wurdt - gjin histoaryske eksimplaren fan it ynstrumint mear, mar it wurdt noch wol nij boud. Betiizje dit ynstrumint foaral net mei de bassethoarn, it is in hiel oar ynstrumint. De bassetklarinet stiet yn A, mar hat in tal tafoege kleppen en dêrtroch is it berik yn de leechte grutter. Tsjintwurdige útfierings fan it klarinetkonsert fan Mozart wurde hast altyd dien op de A-klarinet, hjir en dêr wurde in tal noaten dan oktavearre. Fierder binne der tsjintwurdich noch de ek as solo-ynstrumint in soad brûkte basklarinet yn Bes en de seldsumer kontrabasklarinet (ek yn Bes). By de basklarinet is noch op te merken dat dy oarspronklik in oktaaf leger wie as de Bes-klarinet, mei as leechste toan in E. Yn neifolging fan de bassetklarinet binne dêr yn de 19e iuw ek in tal kleppen oan tafoege, sadat de leechste toan C is. In bysûndere fariant is de kwarttoanklarinet dêr't de kwarttoanmuzyk dy't yn de earste helte fan de 20e iuw opgong makke makliker mei te spyljen wie. Yn in tal lannen (b.g. Itaalje) wurde Bes-klarinet ek wol brûkt mei in ekstra klep nei Es, sadat foar in partij yn a (oarspronklik bedoeld foar A-klarinet) gjin wikseling fan ynstrumint nedich wie.

Troch it yn it mûlestik oanwêzige (inkeld) reid wurdt de klarinettist ek wol reidblazer neamd, krekt as de hobo (dûbelreid), de fagot (dûbelreid) en saksofoan (inkeld reid). Alle neamde reidblaasynstruminten wurde (oft se no fan hout binne of net) houtblazers neamd.