Springe nei ynhâld

Kalaabrje

Ut Wikipedy
Kalaabrje
Flagge Wapen
Lokaasje yn Itaalje
Algemien
Haadstêd Catanzaro
Oerflakte 15.221,90 km²
Befolking 1.834.518 (30.06.2024)
Befolkingstichtens 120,52 ynw./km²
Oare ynformaasje
Heechste punt Serra Dolcedorme: 2267
Oantal gemeenten 404
Provinsjes Catanzaro, Cosenza, Crotone, Reggio Calabria, Vibo Valentia

Kalaabrje (Italjaansk: Calabria) is in regio yn it suden fan Itaalje, súdlik fan Napels, dy't oprjochte waard yn 1861. De regio foarmet feitlik de súdwestlike punt oan de foarkant fan de Lears fan Itaalje. Yn it noarden wurdt er begrinze troch de regio Basilikata, yn it westen troch de Tyrreenske See en yn it easten troch de Ioanyske See. Kalaabrje leit foar it eilân Sisylje oer mei dêr tusken de Strjitte fan Messina. It oerflak fan de regio beslacht sa'n 15.200 km² en der wenje likernôch 1,8 miljoen minsken (2024).

De regionale haadstêd is Catanzaro. Simmerdeis wurdt de regio in soad troch toeristen besocht.

Kalaabrje wie eartiids in wichtich sintrum fan de Grykske beskaving, noch foar de opkomst fan it Romeinske Ryk. Dêr libbe ek de ferneamde wiskundige Pytagoras. Yn it Nasjonaal Museum fan Reggio Calabria steane de bekende Grykske bylden, de Bronzi di Riace.

Byzantynske tsjerke, Stilo.

De regio makke jierren diel út fan it Romeinske Ryk en hearde dêrnei by it Byzantynske Ryk. Letter kaam er ûnder de macht fan Noarmannen, dy't it keninkryk Napels stiften dat lange tiid oer Kalaabrje hearskje soe oant en mei de ienwurding fan Itaalje. Ferskate dynastyen hawwe oer it keninkryk hearske. Al dy tiid bleau Kalaabrje in earm en eftersteld gebiet. De Aspromonte, in bercheftige krite yn sintraal Kalaabrje, wie ek it toaniel fan de ferneamde slach fan de Risorgimento (ienwurding fan Itaalje) dêr't Garibaldi ferwûne rekke.

Lang hat de organisearre misdied yn 'e regio sterk oanwêzich west, itjinge tsjintwurdich yn betsjutting ôfnimt .

De regio is opdield yn fiif provinsjes, dy't nei de haadstêden ferneamd binne.

Kaart Wapen Provinsje Ofk. Haadstêd Tal gemeenten Ynw.
Catanzaro
CZ
Catanzaro 80 340.679
Cosenza
CS
Cosenza 150 668.992
Crotone
KR
Crotone 27 160.775
Reggio di Calabria
RC
Reggio di Calabria 97 516.601
Vibo Valentia
VV
Vibo Valentia 50 149.899
Posysje Wapen Gemeente Provinsje
Metropolitane stêd
Ynw. Oerflak
(km²)
1 Reggio Calabria RC 170.567 239,04
2 Catanzaro CZ 84.415 112,72
3 Corigliano-Rossano CS 73.913 346,56
4 - Lamezia Terme CZ 67.041 162,43
5 Cosenza CS 63.741 37,86
6 Crotone KR 58.179 179,83
7 - Rende CS 36.462 55,28
8 Vibo Valentia VV 31.032 46,57
9 - Castrovillari CS 20.734 130,64
10 Montalto Uffugo CS 20.095 76,67
11 Gioia Tauro RC 19.184 39,87
12 Acri CS 18.760 200,63
13 Palmi RC 18.024 32,12
14 Siderno RC 17.562 31,86
15 Isola di Capo Rizzuto KR 17.424 126,65
16 - Cassano all'Ionio CS 16.465 159,07
17 San Giovanni in Fiore CS 15.825 282,53
18 - Taurianova RC 14.811 48,55
19 - Paola CS 14.690 42,88
20 - Rosarno RC 14.369 39,56
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kalaabrje fan Wikimedia Commons.
Regio's fan Itaalje
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje
· · Berjocht bewurkje