Hernán Cortés
Hernán Cortés, ek Hernando Cortés, (Medellín, 1485 - Castilleja de la Cuesta, 2 desimber 1547) wie in Spaansk conquistador.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hernando Cortes wie in ferearme ealman dy’t mei sa'n 600 man syn lok yn de Nije Wrâld sykje woe. Fan memmekant wie er besibbe oan Fransisko Pizarro, dy't letter Peru oermasterje soe.
Dêr moete er in Azteeksk famke dat syn freondinne, assistinte en tolk waard en him beselskippe op syn feroveringstocht troch it Azteekse ryk. Doe’t hy kening Montezuma moete hie (dy’t him net echt hertlik wolkom hiet) begûn syn ûnderwerping, it earste jier fredich mar nei dat jier rekken se deilis en waard it in wapene striid.
It slagge Cortes frij ienfâldich it grutte Azteekse ryk te oermasterjen (nettsjinsteande dat er mar mei 600 man wie) dat hie trije oarsaken:
- De fijannen fan de Azteken advisearren Cortes en leveren troepen
- De komst fan Cortes foel gear mei de religieuze ûntheistering fan de Azteken. Neffens harren leauwe kaam der in tige wichtige god by har werom en dêrom tochten se dat Cortes (dy't der op syn hynder en mei ymposante wapens machtich útseach) faaks in boadskipper wie fan dy god.
- Troch de sykten út Europa: pokken, gryp, pest dy't it Azteekse folk net koe en dêrom deadlik foar harren wiene. Dat lêste feroarsake mear slachtoffers as de wapens ea berikt hawwe koene.
Cortes stoar mei 62 jier by Sevilla yn Spanje.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bernal Díaz
- Fernand Cortez, opera fan Gaspare Spontini, Jean-Paul Penin
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hernán Cortés fan Wikimedia Commons. |