Springe nei ynhâld

Fokseparkwyk

Ut Wikipedy

Fel grien:Fokseparkwyk (kearngebiet), Ljochte oliifgrien is links Frieslandhallen & Dichterswyk, ûnder Harnzer Feart (beide ta de Foksewyk rekkene)

De Fokseparkwyk/Westerparkwyk is in buert fan 50 hektare yn it westen fan de stêd Ljouwert. De wyk is foar it grutste part yn de jierren '30 fan de 20e iuw boud en is ien fan de rikere wiken fan Ljouwert. De wyk hat likernôch 4.000 ynwenners. De buert is part fan de wyk Foksepark-Helicon

Foar 1872 koe men nei it westen it each noch frij gean litte oer de fiere greiden yn de fierte; it sicht waard allinnich behindere troch inkele opstallen en wegen yn de ynpoldere Middelsee. De hjoeddeiske noardgrins fan de Fokseparkwyk, de Harnzerstrjitwei, bestie al. Dy waard yn 1842 yn gebrûk nomd en tsjinne neist dat it brûkt waard as ferbining mei Frjentsjer en Harns as hurddraversbaan. [1] Op it einpunt fan de baan waard yn 1864 in filla boud mei de tapaslike namme Baen's Ein.

Neist it park (sjoch tuskenkopke hjirûnder) binne der noch in oantal yn it each springende feroarings mei de situaasje fan 1872: in tramline, inkele strjitten mei bebouwing en in sportterrein.

It Foksepark, Ljouwert

Yn 1872 kocht de gemeente 3 hektare grûn oan op it plak dêr't letter de Nije Stedsfiver komme soe. Yn opdracht fan it stedsbestjoer waard in swietwetterfiver groeven om te besykjen de kwali- en kwantiteit fan it wetter foar de stêd te ferbetterjen. Yn 1875 waard it park iepensteld foar wetterhelders. De hege taluds yn de omjouwing waarden beplante ta park. De namme lei foar de hân: 'Westerpark'.

It park, ûntwurpen troch G.L. Vlaskamp, hat in lânskipsstyl ynrjochting. Kenmerkend dêrfoar binne ûnder oare de gloaïende hellingen en de lange kronkeljende fiverfoarm. Yn 1926 waard it park werynrjochte. [2]

Tramwei & Strjittenoanbou

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Hearehuzen oan de Harnzerstrjitwei, Ljouwert

De yn 1900 oanleinne tramwei wie in belangrike romtlike yngreep. De begjinhalte lei by it Stasjonsplein. Oer de Ferlaatsbrêge rûn it trasee yn noardlike rjochting, foar de stedsfiver lâns en dan oer de Harnzersingel nei de Harnzerstrjitwei. Dêrwei rûn de line troch nei Marsum en fierder troch nei It Bilt. Neidat de tramline oanlein wie ferkocht de Tramweimaatskippij in stik grûn tichtby de ferlaatsbrêge tusken it tramspoar en de Westersingel oan de stienfabrikant en bouûndernimmer Van der Meij. Dizze kaam yn 1902 mei it plan ta oanlis fan in strjitte. Dizze strjitte mei in bûgde foarm, it gefolch fan it beloop fan it tramspoar dêrefter, waard ferneamd nei de dochter fan de ûndernimmer: Elisabeth.

Neist de Elisabethstrjitte waarden der mear strjitten oanlein, lykas de Harzerstrjitte en Tramstrjitte dy 't yn 1903 folboud waarden mei keapwenten. In opfallende rige wenten stiet op de hoeke Harnzerstrjitte-Harnzerstrjitwei. Yn 1898 liet de eigener fan de De Groene Weide, H.J.Alberts, dizze wenten bouwe. De hearehuzen dy't hearre ta de etaazjebou wike werom út de roailine. Ek ferriisden der ferskate wenten oan de Harnzerstrjitwei.

Begjin 20e iuw waard troch de Friesche Sportclub in stik grûn oankocht oan de Harnzertrekwei, dêr't no de Postbank sit. De Wilhelminabaan waard it dekor fan hurddraverijen. Oant begjin jierren sechtich hawwe der trouwens ek in soad oare aktiviteiten west lykas sportdagen, fleandemonstraasjes en wynhûnedraven. Sa waard yn 1949 ta eare fan it 70-jierrich bestean fan it Fries Hynstestamboek in tentoanstelling oarganisearre en hynstekeurings hâlden. Ek kommersjele tentoanstellingen waarden hjir organisearre. Vroom & Dreesmann hat noch in skoftlang in ferkeapplak fan kampearartikels hân.

Lâns de oan de Wilhelminabaan grinzjende Harnzertrekwei kamen yn dizze perioade inkele grutte nôtpakhuzen. De Fortuna waard yn 1902 boud; ien fan de earste betongebouwen fan Nederlân. [3]

De wyk leit yn it westen fan de stêd, tusken de Fûgelbuert yn it noarden en de Harnzer Feartbuert yn it suden. Ten easten fan de wyk leit it âlde stedssintrum. De wyk leit ek oan de grutte ynfalswei út it, de Harnzerstrjitwei en oan it Europaplein.

List fan strjitten, mei nammeferklearring, yn de Fokseparkwyk, op datum

Buert ten suden fan de Harnzerstrjitwei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

[4]

Namme Datum Nammeferklearring
Fonteinstrjitte 11 novimber 1920 Nei it op dat stee rûn hawwende Fonteinsleat; bedoelde fontein wie in pomp foar de brouwers.
Ingelskestrjitte 11 novimber 1920 'As oantinken oan it koarte ferbliuw yn de barakken dêr yn de Europeeske oarloch fan Ingelske kriichsfinzenen'.
Ingelskeplein 14 april 1921 Sjoch ferklearring 'Ingelskestrjitte'.
Bitgumer~, Biltske~, Deinumer~, Frjentsjerter~, Marssumer~ en Menamerstrjitte. 14 april 1921 Oare strjitten binne ferneamd nei plakken of gemeenten dy't (yn de measte gefallen) yn it ferlingde fan de desbetreffende strjitte lizze. De ferneamde plakken lizze suver allegearre yn de noardeasthoeke fan Fryslân en binne oer de 'Harnzerstrjitwei' te berikken.
Ingelumerstrjitte 28 april 1921 Rjochting nei Ingelum.
Molestrjitte 30 maaie 1924 Nei de yn 1919 ôfbrutsen mole It Laam oan de Westersingel
Westerparkstrjitte 12 maaie 1927 Nei it om de eardere 2e stêdlike farskwetterfiver (fan 1874) oanleine park.
Dronriper~, Mullumer~ en Winamerstrjitte 12 maaie 1927 Rjochtingen nei Dronryp, Mullum en Winaam.
Bitgumerdwerssstrjitte 30 juny 1927 Rjochting neir Bitgum.
Achlumerstrjitte en Seisbierrumerstrjitte 4 july 1929 Rjochtingen nei Achlum en Seisbierrum.
Skalsumerstrjitte 28 maaie 1931 Rjochting nei Skalsum.
Arumerstrjitte 14 maaie 1935 Rjochting nei Arum.
Harnzerplain (sûnt 4 jannewaris 1958): Europaplein 27 maaie 1937 Rjochting nei Harns.
Mantgumerstrjitte 1 april 1968 Rjochting nei Mantgum.

Buert ten suden en westen fan de Fonteinstrjitte, Dichterswyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

[5]

Namme Datum Nammeferklearring
Elisabethstrjitte 25 oktober 1902 Nei de oanlis fan de tramline ferkocht de Tramweimaatskippij it stik grûn tusken it tramspoar en de Westersingel oan de stienfabrikant en bouûndernimmer Van der Meij. Dizze kaam mei it plan om in strjitte oan te lizzen. Dizze strjitte mei in bûgde foarm, it gefolch fan it beloop fan it tramspoar dêrefter, neamde hy nei syn dochter: Elisabeth.
Harnzerstrjitte en Tramstrjitte 14 maaie 1904 Rint nei de stêd Harns en it tramspoar dat destiids njonken de strjitte rûn.
Pier Panderstrjitte 3 oktober 1929 Nei de tsien jier dêrfoar ferstoarne keunstner en medaljeur Pier Pander (1864 - 1919). Wurken fan him binne û.o. te sjen yn it Pier Pandertimpeltsje oan de Noarderplantaazje en it Pier Pandermuseum yn de Prinsetún yn Ljouwert.
Vondelstrjitte 4 oktober 1928 Nei de ferneammde dichter en toanielskriuwer Joost van den Vondel (1587-1679).
Jacob Catsstrjitte 20 oktober 1934 Nei de ferneamde dichter, jurist en politikus Jacob Cats (1577-1660).
Brederostrjitte 14 maart 1935 Nei de ferneamde dichter en toanielskriuwer Gerbrand Adriaensz. Bredero (1585-1618). (Fearneamd nei oanlieding fan de 350e betinking fan syn berte)
Anna Bijns~, Coornhert, P.C.Hooft~, Marnix~, Roemer Visscher~, Ruusbroec en Spielghelstrjitte. 9 jannewaris 1936 Nei de ferneamde dichters en skriuwers Anna Bijns (1493-1575), Dirck Volkertsz. Coornhert (1522-1590), Pieter Cornelisz. Hooft (1581-1647), Filips van Marnix van Sint-Aldegonde (1540-1598), Roemer Visscher (1547-1620), Jan van Ruusbroec (1293-1381) en Hendrik Laurensz. Spiegel (1549-1612).
Heliconwei 27 maaie 1937 De Helicon (Ελικών), is in berch yn Boeotië (Νομός Βοιωτίας) yn Grikelân. Yn de âldheid wie dizze wijd oan Apollo en waard beskôge as it hillichdom fan de muzen.
Aagje Deken~, Bilderdijk, Elisabeth Wolff~, Helmers~, van Lennep~, Pieter Langendijk~, Potgieter~ en Rhijnvis Feithstrjitte. 27 maaie 1937 Nei ferneamde dichters en skriuwers Aagje Deken (1741-1804), Willem Bilderdijk (1756-1831), Elisabeth Wolff (1738-1804), Jan Frederik Helmers (1767-1813), Jacob van Lennep (1802-1868), Pieter Langendijk (1683-1756), Everhardus Johannes Potgieter (1808-1875)) en Rhijnvis Feith (1753-1824)
Nicolaas Beets~, Revius~ en Tesselschadestrjitte. 30 jannewaris 1956 Nei deferneamde dichters en skriuwers Nicolaas Beets (1814-1903), Jacobus Revius (1586-1658) en de dochter van Roemer Visscher, Maria Tesselschade Roemers Visscher (1594-1649)
Jacob Catsplein 8 novimber 1961 Nei de ferneamde dichter, jurist en politikus Jacob Cats (1577-1660).

Yn de wyk steane twa basisskoallen, nammentlik

I.B.S. de Fokseburcht
  • De Fokseboarch (iepenbier)
  • Keninginne Wilhelminaskoalle (konfesjoneel)
Keninginne Wilhelminaskoalle

I.B.S. De Fokseboarch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skoalle waard op 7 desimber 1929 offisjeel iepene, ûnder de namme Skoalle 16. Letter waard de namme feroare yn Coornhertskoalle.

In septimber 1991 kaam de fúzje ta stân mei de Leeuwerikschool (Skoalle 15). Der hat efkes sprake west fan sloop fan it gebou; mar safier is it nea komd. De skoalle is yn de perioade septimber-desimber 1992 ferboud. Oan de âlden en bern aard frege om nei te tinken oer in nije namme. De namme dy't as bêste út de bus kaam waard betocht troch de hear E.Dorenbos: De Fokseboarch.

Bern en learkrêften koenen yn jannewaris 1933 mei inoar begjinne yn in restaurearre skoalle, nei in perioade op 9 ferskate tydlike lokaasjes sitten te hawwen. De skoalle hat fan seizoen 1991/1992 ôf ûnderwiis bean oan asylsikersbern, dy't alle dagen mei in buske brocht waarden. Se krigen ûnderwiis fan inspesjaal oanlutsen ûnderwizer yn in klas yn de boppebou. Nei de ferbouwing binne dizze bern net wer weromkomd, se krije no ûnderwiis oan de Brandemar.

Keninginne Wilhelminaskoalle

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Technyske skoalle

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan de Molestrjitte leit de foaroarlochske âlde HTS. It gebou is earder brûkt troch de MTS, HTS, Learare-oplieding Ubbo Emmius, de HEAO en resint de Thorbecke Akademy en de NHL (as dependânse).

Nei jierren leechstân en in grutte ferbouwing wurdt it gebou bewenne. Omdoopt ta Wilhelminastate is it in appartemintekompleks wurden. By renovaasje binne âlde eleminten lykas it glês-yn-lead boppe de yngong en it kreaze stek bewarre bleaun.

Oan de Tesselschadestrjitte stiet de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert, ôfkoarte NHL.

Sint-Dominikustsjerke

Sint-Dominikustsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de foaroarlochske wyk steane in oantal opfallende gebouwen, wêrfan de Sint-Dominikustsjerke it meast prominint is. De roomsk-katolike tsjerke dy't 70 meter heech is, leit oan de Harnzerstrjitte.

Foar de leafhawwers fan de Nederlânske literatuer: op 26 juny 1964 wie hjir de útfeart fan Havank, pseudonym foar de Ljouwerter skriuwer Hendrikus van der Kallen.[6]

Kearnsifers (2001) [7]

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Oerflakte
Fokseparkwyk-Kearngebiet Dichterswyk/Frieslandhal Harnzer Feart Totaal
Totaal 51 25 39 115 ha
Lân 50 24 36 110
Wetter 1 1 3 5
  • Ynwenners I
Fokseparkwyk-Kearngebiet Dichterswyk/Frieslandhal Harnzer feart Totaal
Ynwenners 3.360 520 50 3.920
Manlju 1.620 250 40 1.910
Froulju 1.740 270 10 2.020
  • Ynwenners II
Fokseparkwyk-Kearngebiet Dichterswyk/Frieslandhal Harnzer Feart Gemiddelde
Omjouwingsadressetichtheid 2.320 1.660 1.748 1.909
Befolkingstichtheid 6.732 2.162 97 3.409
Net-westerske allochtoanen (%) 2 % 1 % Gjin gegevens 2 % (1,87)
  • Leeftydsklasse
Fokseparkwyk-Kearngebiet Dichterswyk/Frieslandhal Harnzer Feart Gemiddelde
  • >14
  • 15/24
  • 25/44
  • 45/64
  • 65<
  • 19%
  • 12%
  • 31%
  • 23%
  • 15%
  • 15%
  • 9%
  • 25%
  • 28%
  • 23%
  • Gjin gegevens
  • 18 % (18,46)
  • 12 % (11,6
  • 30 % (30,2)
  • 24 % (23,7)
  • 16 % (16,1)
  • Partikuliere húshâldens
Fokseparkwyk-Kearngebiet Dichterswyk/Frieslandhal Harnzer Feart Totaal/Gemiddelde
  • oantal
  • grutte
  • ienpersoans
  • sûnder bern
  • mei bern
  • 1.610
  • 2,0
  • 40 %
  • 31 %
  • 29 %
  • 250
  • 2,0
  • 38 %
  • 33 %
  • 29 %
  • 20
  • 2,0
  • 40 %
  • 31 %
  • 29 %
  • 1.880
  • 2,0
  • 40 % (39,7)
  • 31 % (31,3)
  • 29 %
  • Besteedber ynkommen
Fokseparkwyk-Kearngebiet Dichterswyk/Frieslandhal Harnzer Feart Totaal/Gemiddelde
  • per ynwenner
  • per ûntfanger
  • leech
  • heech
  • net aktyf
  • 11.300
  • 16.500
  • 37 %
  • 23 %
  • 15 %
  • 13.300
  • 18.100
  • 37 %
  • 27 %
  • ?
  • Gjin gegevens
  • 11.569
  • 16.715
  • 37 %
  • 24 % (23,5)
  • 15 %

NB: al dizze gegevens komme út ûndersyk fan 2001, se kinne wyls (drastysk) feroare wêze.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  1. Van den Berg, G.H. (1995): Vosseparkwijk; Verleden, Heden & de Toekomst, Wielsma. - Ill, Ljouwert, ISBN 9090087699, side 7.
  2. Van den Berg, G.H. (1995): Vosseparkwijk; Verleden, Heden & de Toekomst, Wielsma. - Ill, Ljouwert, ISBN 9090087699, side 8.
  3. Van den Berg, G.H. (1995): Vosseparkwijk; Verleden, Heden & de Toekomst, Wielsma. - Ill, Leeuwarden, ISBN 9090087699, side 9.
  4. Dolk, W (1969): Leeuwarder straatnamen, Miedema Pers, Ljouwert, side 83-84.
  5. Dolk, W (1969): Leeuwarder straatnamen, Miedema Pers, Leeuwarden, side 78, 84-85.
  6. Vosseparkwijk.nl - Webside fan de wyk
  7. Centraal Bureau voor de Statistiek - Rapport Gemeente op maat 2002: Ljouwert
 
             Wiken en buerten yn Ljouwert
Flagge fan Ljouwert
hjoeddeistige wiken
Ald-East • Aldlân-De Himrik • Bilgaard-Havankpark en omkriten • Binnenstêd • De Súdlannen • Foksepark-Helicon • Frijheidswyk • Heechterp-Skieringen • Himpens/Tearns-Suderbuorren • Huzum-West • Kammingabuorren en omkriten • Middelsee • Nijlân-De Swette • Potmargesône • Sonnenborgh en omkriten • Westein en omkriten
eardere wiken
Aldlân • Bedriuweterrein-East • Bedriuweterrein-West • Kammingabuorren • De Swette • Faleariuskertier-Meagere Greide • Flietsône • Fûgelbuert-Muzykbuert • Grutte Wielen-De Griene Stjer • Huzum-East • Oldegalileën-Blommebuert • Oranjewyk • Skieringen-De Sintrale • Transfaalwyk-Rengerspark • Tsjerk Hiddes-Cambuursterhoek
buerten
Achter de HovenAldehouAldlân-EastAldlân-WestBilgaardBlitsaerdBlommebuertBlokhûspleinBonifasiusBûtengebiet-De SwetteBûtengebiet-NoardwestBûtengebiet-WestCambuurCambuursterpaadDe Griene StjerDe HimrikDe KlampDe SintraleDe SúdlannenDe Swette I-HarnzerfeartDe Swette II-SwettehavenDe Swette III-SkinkeskânsDe Swette IV-BusinessparkDe Swette V-NewtonDe Swette VI-DeinumerpolderDe WaachDe WerpEnerzjyKampus SylsterrakFaleariuskertierFjouwerhûsterwei en omkritenFokseparkwykFrijheidswyk-EastFrijheidswyk-WestFûgelbuertGerard DoubuertGrutte TsjerkebuorrenGrutte WielenHarnzerfeart-NoardHavankparkHeechterpHeliconHoekHollanderwykHuzum-BadweiHuzum-BorniaHuzum-DoarpHuzum-SixmaJan van ScorelbuertJulianaparkKammingabuorren-MiddenKammingabuorren-NoardKammingabuorren-SúdMeagere GreideMûnepaadNijlânNijstêdOldegalileënOranjewykRapenburchRengersparkSaailânSeeheldebuertSkieringenSkipsbuertSnakkerbuorrenSonnenborghStasjonskertierSuderbuorrenTechumTransfaalwykTulpeburchWelgelegenWesteinWiardaWielenpôleYndyske BuertZamenhofpark