Grutte Wielen
Appearance
Grutte Wielen | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Ljouwert | |
oare ynformaasje | ||
behear | It Fryske Gea | |
webside | It Fryske Gea |
De Grutte Wielen is in mar eastlik fan Ljouwert yn de gemeente Ljouwert. It leit krekt benoarden de provinsjale Grinzerstrjitwei (N355). In wiel is de beneaming foar in plasse dy't ûntstien is troch in dyktrochbraak.
Yn it noarden gean de Grutte Wielen oer yn it Houtwiel. Yn it easten rint de Ryptsjerkster Feart troch nei Ryptsjerk. Yn it westen gean de Grutte Wielen oer yn de Wielhals en slút oan op it Alddeel. Oan de súdkant fan de mar is in jachthaven, restaurant en in surfstrân.
De Grutte Wielen wurdt foar it grut gedielte beheard troch It Fryske Gea. It is ûnderdiel fan it natoergebiet de Grutte Wielen. Dit gebiet is oanwiisd as fûgelrjochtlinegebiet.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |