Transfaalwyk
De Transfaalwyk is in buert yn de wyk Sonnenborgh en omkriten yn de stêd Ljouwert mei likernôch 1.010 ynwenners. (CBS-wykyndieling, 2007). De buert leit tusken de Mr. P.J. Troelstrawei, de Dammeleane en de Dokkumer Trekwei en wurdt yn it suden begrinzge troch de stedsgrêft.
De buert waard boud tusken 1870 en 1940. Sfearfolle buert, men wennet der graach, de rânen fan de wyk hawwe in sterk aksint. In fearnspart fan de ynwenners is âlder as 65 jier, hegere ynkommensgroepen binne oerfertsjintwurdige. Dêrnjonken wurde keammerkes yn de lytsere húskes ferhierd oan studinten fan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert en it CHN.
Yn de buert binne te finen: it Rengerspark, swimbad, maneezje, bernebuorkerij, Joadske- en âlde gemeentlike begraafplak. Dêrneist is der in konsintraasje fan hegeskoalle-ûnderwiis (NHL Stenden Hegeskoalle) as part fan it Kenniskampus Ljouwert. Yn it Diakonessehûs wie eartiids in sikehûs.