Rengerspark
Appearance
Rengerspark is in stedspark en buert yn de wyk Sonnenborgh en omkriten yn Ljouwert, it is neamd nei Baron Rengers. It Alde Stedsbegraafplak grinzget oan it park. De buert hie yn 2017 likernôch 795 ynwenners.
Yn 1902 waard troch Mr. W.J. van Welderen Baron Rengers en syn frou C.T. Baronnesse van Welderen Rengers-Looxma in stik grûn oan de gemeente Ljouwert oanbean mei de bedoeling op dat terrein in kuiergebiet oan te lizzen. Dit oanbod waard troch de gemeente oannommen. Túnarsjitekt Hendrik Copijn makke yn 1904 it ûntwerp. Yn april 1906 waard it park fan 3 ha. oan de Spanjertsleane yn gebrûk nommen.
-
Kriichsmonumint de Deadewacht
-
Byld Jongen met vogeltje (1965) fan Maria van Everdingen
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Parken yn de stêd Ljouwert | |
---|---|
Abbingapark ● Dr. Zamenhofpark ● Easterfiverpark ● Julianapark ● Lieuwenburgseam ● Noarderplantaazje ● Prinsetún ● Rengerspark ● Westerpark |