Oerterp
Oerterp | ||
Sint-Petrustsjerke fan Oerterp | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Opsterlân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 4.890 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 25,52 km², wêrfan: - lân: 25,09 km² - wetter: 0,43 km² | |
Befolkingsticht. | 195 ynw./km² | |
Oar | ||
Postkoade | 9247 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 6' NB, 6° 10' EL | |
Offisjele webside | ||
www.oerterp.nl | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Oerterp yn Opsterlân |
Oerterp is in doarp eastlik fan Drachten yn de gemeente Opsterlân.
Oerterp hat 4.890 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners en is nei De Gordyk it twadgrutste doarp fan de gemeente.
Lizzing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp hat in geunstige lizzing by Drachten (6 km) en it Knooppunt Oerterperfallaat fan de A7 fan It Hearrenfean nei Grins en de N31 fan Ljouwert nei Emmen. Sadwaande wenje der in soad forinzen yn it doarp. De middenstân wreidet him stadichoan út trochdat der in soad nijbou dien wurdt.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme Oerterp (Urathorp, mei oer = boppe) wurdt ferklearre mei dy fan Olterterp (Utrathorp mei uter = bûten) út de lizzing neffens de Boarn: Oerterp boppestreams en Olterterp wat leger. Terp betsjut hjir dus doarp.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oerterp is oarspronklik, tegearre mei Selmien oan de westkant en Sigerswâld oan de eastkant, in streekdoarp. De delsetting is lykwols net lykas in soad oare lintdoarpen yn de omjouwing troch de feanterij ûntstien. De langhalige foarm is in gefolch fan de lizzing op de deksânrêch tusken de oarspronklike Drait en De Boarn (dat op dat stik no it Alddjip hjit). De earste bewenning is al hiel lang ferlyn, doe't der noch gjin skiedskriuwing wie.[3]
Under argeologen hat Oerterp bekendheid mei't yn 1943 by de Prinsedobbe oan de Mouneleane oerbliuwsels fan rindierjagers út 'e ein fan de Alde Stientiid fûn binne, flak nei de lêste iistiid. Op in gebiet fan 85 kante meter op de ringwâl fan de dobbe waarden 5.408 fjoerstiennen foarwerpen fûn, wêrfan 1.360 stikken ark. It klimaat moat hjir doe west hawwe lykas dat fan Laplân en Noard-Sibearje no. De minsken dy't hjir omswalken wienen oanwiisd op wat it lânskip bea, dat allinnich oer de hege sânrêgen tusken de rivierkes geanber wie. Oannommen wurdt dat de minsken dêr allinne simmerdeis harren kampen hiene. Om't fergelykbere oerbliuwsels fûn binne by Hamburch stiet dy kultuer bekend as de Hamburchkultuer.[4] As middel fan bestean wiene de minsken oanwiisd op de ienfâldige lânbou en feehâlderij.
Tusken 1200 en 1250 waard fan grutte kleastermoppen de oan Sint-Piter wijde tsjerke boud. Wat letter as de bou fan de tsjerke waard Oerterp yn 1315 foar it earst neamd. It doarp hie oan it begjin twa paden. It belangrykste paad, de Bûtewei, ferbûn Beetstersweach mei Drinte. Noardlik dêrfan lei de Binnenwei, hjoed-de-dei de Weibuorren, dat de tsjerke ferbûn mei it Foarwurk fan Sigerswâld. It noarden fan 'e himrik wie rûch heechfean en yn it suden lei heide.
De ferdieling fan it lân eartiids is hjoed-de-dei noch ôf te sjen oan de rin fan 'e beamwâlen. It tsjerklike lân waard yn stripen ûnder de boeren ferdield, dy't fan noard nei súd rûnen. Dêrmei krigen de boeren allegear in stik heechfean (yn it noarden), in stik kultuergrûn grûn (yn it midden) en in stik heide yn it suden mei in stripe healân (De Mersken) oan it Alddjip.[5]
It is net bekend wannear't der útein set waard mei it ôfgraven fan it heechfean. Sûnt 1472 wie der al in feanmaster, dy't wurke foar it kleaster Jeruzalim. Yn 1641 waard in begjin makke mei it graven fan in feart út Drachten wei, dy't yn 1657 oan de grins fan Opsterlân ta wie. De feart lei yn 1667 al oant Fryske Peallen. Foar it wurk wiene feanarbeiders en skippers nedich en ek boeren setten harren nei wenjen oan 'e feart, sadat der al gau mear ynwenners oan 'e Feart wennen as yn de rest fan it doarp. Namste mear doe't de feart noch langer makke waard en der ferbiningen ûntstiene mei Drinte en Grinslân. De feart bleau oant yn de Twadde Wrâldoarloch de belangrykste ferkearsrûte fan it doarp.[6]
Oerterp krige yn 1860 in ôfskate tsjerke en om't oan 'e feart de oanhingers fan de ôfskieding it bêste fertsjintwurdige wiene, kaam dêr de tsjerke. Sûnt hie it doarp twa tsjerken. Fanwegen de groei fan it tal leden waard yn 1908 de earste grifformearde tsjerke ferfongen troch nijbou. Mei't der yn 1944 in skuorring ûntstie yn de grifformearde tsjerke en de tsjerklike eigendommen oan de nije frijmakke tsjerke tawiisd waarden, bouden de grifformearden, dy't trou oan de synoade bleaune, letter yn 1962 in nije tsjerke oan de Mounestrjitte. Dat wie it tredde tsjerkegebou yn Oerterp. De spjalting hat ûnder de leden en it ferieningslibben fan de twa grifformearde tsjerken in soad leed brocht, dat letter yn de dokumintêre "It Fertriet fan Oerterp" fêstlein waard.
Yn it ramt fan it ruilferkavelingsplan "It Keningsdjip" waard yn 'e earste helte fan de jierren 1960 de feart tichsmiten en in brede asfaltdyk oanlein. In soad lytse pleatskes ferdwûnen en waarden ôfbrutsen, wylst de eardere bewenners ferhûzen nei de nijbou yn it doarp. Yn dy tiid ferdwûnen ek in soad sânreden yn it bûtengebiet. It doarp groeide hurd en tusken 1950 en 1990 ferdûbele it ynwennertal hast.
Bouwurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oerterp hat net in soad monuminten. It wie in earme streek en de kwaliteit fan it boude wie trochstrings net heech. Fierwei de measte huzen binne dan ek yn de 20e iuw boud. In útsûndering is it oan alle kanten skeane hûs njonken de supermerk op de Weibuorren 60/62 mei de lytse raamkes, en dat is dan ek beskerme as monumint. Fierders is der noch in gevelstien ynmitsele neist de foardoar fan it eardere postkantoor op Weibuorren 76:
- Heere Hendriks / geweesen Brou / wer tot Oerterp / 1740
De stien is dúdlik âlder as it gebou, dat dêr yn 1919 kaam op it stee fan it doe foar de twadde kear ôfbaarnde kafee/loazjemint. De stien siet earder yn it loazjemint, mar de brouwerij fan Heere Hendriks stie oan de Feart op de hoeke fan de Brouwersleane. Heere Hendriks lei flak neist de tsjerke begroeven ûnder in lizzende stien. Syn grêf is nei de Twadde Wrâldoarloch romme. De stien fan syn heit leit yn 'e tsjerke. Op it tsjerkhôf stiet ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân.
Mûnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan de Mounestrjitte stie de achtkante reiddutsen stelling-nôtmole. De mûne waard boud yn 1872 mei ûnderdielen fan in ôfbrutsen houtseachmûle út de Saanstreek. Hy hiet "De Bruinvisch". Yn 1925 knapte in roede en waard der in motor ûnderyn de mole setten. De mûne-as waard yn 1927 ferkocht nei Aduard en is dêr yn de noch besteande wettermûne set.
Om 1670 waard flakby, oan de hjoeddeiske Postleane, in folmûne boud foar it "foljen" (it fertichtsjen fan de stof troch de fezels dêrfan de iepeningen yn it weefsel opfolje te litten) fan weefde wollen stoffen mei stampers yn bakken mei ûnder mear urine. Troch se sa folje te litten waarden se tichter en dus waarmer. De wol sil komd wêze fan de skiep dy't op de heide hâlden waarden en sil troch in soad minsken thús spûn en weefd wêze. Yn 1749 wie Jan Sanders timmerman en folmûnder yn Oerterp. De mûne ferdwûn nei 1800.
(ned) Oer de eardere mûnen fia www.molendatabase.org:
Poldermûnen (mooglik lytse mûnen) lokaasjes net alhiel wis. |
|
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oerterp hat in multyfunksjoneel sintrum mei de namme De Wier. It doarp hat in oantal buertferienings, dy't ek aktiviteiten organisearje. It doarp hat in grut tal foarsjennings en in goed fertsjintwurdige winkelstân.
Tradisjoneel wurde Oerterpers foar "oanbreide hoazzen" útmakke.[7]
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Sint-Petrustsjerke (Oerterp).
- De Wikipedy hat ek in side Grifformearde tsjerke (Oerterp).
- De Wikipedy hat ek in side Grifformeard-frijmakke tsjerke (Oerterp).
Skoallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Iepenbiere basisskoalle De Twirre
- Protestantsk-kristlike basisskoalle De Opdracht
- Skoalle mei de Bibel Eben Haëzer
- Fierder binne der twa pjutteboartersplakken: Hummelterp en de Spil.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sportferienigings |
Sjong- en muzykferienings:
|
Oare ferienings:
|
(De list is yn 2023 bywurke mei help fan de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2006 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 1512 | 2874 | 2708 | 2723 | 2853 | 3114 | 4768 |
Jier | 2015 | 2022 | |||||
Ynwenners | 4765 | 4820 |
Berne yn Oerterp
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jan de Roos (1896-1979), muzikant
- Saco Rienk DeBoer (1883), ferneamd Amerikaansk lânskipsarsjitekt
- Peije Rasp (1879-1941), muzikant
- Roel Walda (1897-1983), politikus
- Date Hendrik Keuning (1942), politikus
- Koos Geerds (1948), dichter
- Lieuwe de Boer (1951), reedrider
- Alyda Norbruis (1989), fytster
- Jelle Wagenaar (1989), fuotballer
Eveneminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle twa jier wurdt der in doarpsfeest hâlden. Dat bart op de ûneven jiertallen. Der is dan in merke, in grutte feesttinte en in soad aktiviteiten troch de eigen bewenners. It feest duorret fjouwer dagen. Fierders binne der ferskate optredens fan de majorettes en de fanfare. Op de langste dei, elts jier op 21 juny, wurde de Weibuorren ôfsluten en is dêr in grutte merk mei in soad aktiviteiten, organisearre troch de sportklubs yn Oerterp. Fierders hat Oerterp noch in iisbaan, twa grutte boarterstunen, in skatebaan, in sportsintrum (De Wier), in jongereinsoas en in aktiviteitensintrum yn De Wier. Elk jier is der boppedat in grut konsert fan ferskate rock-artysten: Oerrock
- Gouden Spiker Festival
- Oerrock
- Simmerfeest (septimber)
- Piterrun
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Berend L. Hoeksma "Ureterp van verleden tot heden Oerterp"
Oars
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Fûgelhelling oan 'e Feart is in bekend opfangsintrum foar fûgels en bisten, dêr't likernôch 60 frijwilligers yn 't spier binne. It is mooglik om in besite te bringen oan de Fûgelhelling (sjoch de hiemside fan De Fûgelhelling foar de iepeningstiden).
- Fan 1944 oant 2000 stie yn 'e buorskip Selmien ûnder Oerterp de proefbuorkerij Bosma Zathe.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle strjitten yn Oerterp.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Oerterp fan Wikimedia Commons. |
Opsterlân | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Bakkefean • Beetstersweach • Fryske Peallen • De Gordyk • De Himrik • Jonkerslân • Langsweagen • Lippenhuzen • Lúkswâld • Nij Beets • Oerterp • Olterterp • Sigerswâld • Terwispel • De Tynje • Wynjewâld | ||
Buorskippen: Ald Beets • Allardseach (foar in part) • It Foarwurk • Foksebuorren • De Hanebuert • Hanebuorren • Heidehuzen • Himrikerferlaat • Koartsweagen • Lyts Grins • Moskou (foar in part) • Nije Feart • Oerterp oan de Feart • Petersburch • Selmien • Sparjeburd • De Ulesprong • Weinterpferlaat • De Wyngaarden | ||
· · |