Springe nei ynhâld

Lesbos

Ut Wikipedy
Lizzing fan Lesbos
Kaart fan Lesbos

Lesbos (Gryksk: Λέσβος; pleatslik: Lesvos[1]) is in Gryksk eilân yn de Egeyske See, foar de kust fan Turkije en Lyts-Aazje. Mei 1630 kante kilometer is it ien fan de grutste eilannen fan Grikelân. Yn 2006 hie it likernôch 90.000 ynwenners; sa'n tredde part wennet yn Mytilini.

Op 23 septimber 2012 waard troch de Jeropeeske konferinsje fan geoparken fan UNESCO, yn de Portegeeske stêd Porto, besletten om it hiele eilân Lesbos op te nimmen yn it Global Geopark Network.[2]

Skiednis fan Lesbos

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Archeologyske fynsten hawwe sjen litten dat it eilân sûnt it Neolitikum (om 5000 f.Kr.) bewenne waard en yn de brûnstiid in beskaving hie dy't like op dy fan Mysene en Troje. Homeros (om 800 f.Kr. - om 500 f.Kr.) fernijt Lesbos yn de Ilias, syn epos oer de Trojaanske Oarloch.

Mytlilene
Ruïne fan in Romeinsk akwadukt op Lesbos

Nei de dea fan Aleksander de Grutte (oktober 356 f.Kr. - 13 juny 323 f.Kr.) waard Lesbos ynlive by it Masedoanyske Ryk fan de Ptolemeeërs dy't ek oer Egypte hearsken. Fan 88 f.Kr. ôf oan wie it diel fan it Romeinske Ryk. By de spjalt fan it ympearium yn in eastlike en in westlik diel hearde Lesbos by it East-Romeinske oftewol Byzantynske Ryk (3e - 13e iuw). Al yn de Romeinske tiid wie it eilân in fakânsjebestimming. Doe't de Ottomanen, laat fan sultan Fatih Mehmet de Oermasterder, it eilân yn 1462 feroveren, waard de haadstêd plondere en waarden in protte ynwenners as slaaf ferkocht. Doe't yn 1824 Mytilini yn opstân kaam, waard de rebûlje bluodderich troch de Turken delslein.

Lesbos waard troch de Grykske marine befrijd yn 1912. Troch de ferdraggen fan Londen en Athene fan 1914 hearde Lesbos offisjeel oan Grikelân, mar it fjochtsjen gie noch troch oant 1922. Yn dat tiidrek waard noch folop hannele mei Izmir (Turkije). In soad hearehuzen op it eilân tsjûgje noch fan dy bloeiende hannelsperioade. Yn 1922 waard Lesbos lang om let selsstannich, nei striderij ûnder lieding fan muontsen út Mandamados.

Yn de Twadde Wrâldoarloch wie Lesbos fan 4 maaie 1941 oant 10 septimber 1944 fan de Dútskers beset. De boarch yn Sigri (yn 1757 troch de Turken boud) tsjinne as tydlike finzenis foar kriichsfinzene Dútsers.

It wurd lesbysk is ôflaat fan de namme fan dit eilân. Dit hat syn oarsprong yn de gedichten fan Sappho, om 625 f.Kr. berne yn Antissa op Lesbos. Sappho wie de earste frou dy't de moed hie om oer froulju te sjongen, as tsjinstelling ta de stoere lieten oer manlju. Har gedichten giene ûnder oare oer de freonskip fan froulju, it lanlik libben, de brulloften en sa. Sy stichte ek in skoalle foar froulju dêr't sjongen, dûns en muzyk ûnderrjochte waarden.

Lesbos hat ynkommen út de produksje fan ouzo, oliven, sardines en toerisme. De lêste jierren wurdt der hurd wurke oan it ferbetterjen fan de ynfrastruktuer. Yn dat ramt is de dyk fan Mytilini nei Kalloni yn de jierren 2005-2011 hielendal renovearre. Yn 2009-2010 is in glêsvezelnetwurk oanlein.

Ut in ûndersyk yn 2007 fan it Nasjonaal Sintrum foar Sosjaal Undersyk (EKKE) (publisearre yn 2009) nei earmoed yn Grikelân, die bliken dat ien op de trije ynwenners fan Lesbos ûnder de earmoedegrins fan 6.120 euro it jier libbet.[3]

Fierders hat it eilân te krijen mei in grut tal flechtlingen út it easten dat mei lytse boaten besiket Jeropa te berikken. Dêrby falle geregeldwei slachtoffers.[4][5][6]

Berne op Lesbos

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nederlandse Taalunie: Plaatsnamen uit Griekenland
  2. Lychnari, nr. 1 2013, s. 7; "Lesbos Geopark"
  3. http://www.emprosnet.gr/Current/?EntityID=2f450879-efb6-4b7b-8365-a16428579ea1
  4. http://content.nos.nl/player/play/tcm:5-594145/ NOS nijsútstjoering 12 novimber 2009
  5. http://content.nos.nl/player/play/tcm-5-594788 NOS nieuwsuitzending 13 november 2009
  6. http://nos.nl/artikel/684385-veel-asielzoekers-via-lesbos.html Veel asielzoekers via Lesbos, NOS niis 09-08-2014

Keppelings om utens