Springe nei ynhâld

Appingedam

Ut Wikipedy
Appingedam
Flagge Wapen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Iemsdelta
Sifers
Ynwennertal 11.533 (2021)
Oerflak 25,06 km²
wêrfan lân: 24,19 km²
wêrfan wetter: 0,78 km²
Befolkingstichtens 477 / km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 19' N 6° 51' E
Webside Side stêd Appingedam
Topografyske kaart fan de eardere gemeente Appingedam

Appingedam (Nederlânsk en offisjeel; Grinslânsk: N Daam of Apknkedaam, Frysk: Appingedaam) is in stêd yn Grinslân. Oant 1 jannewaris 2021 wie Appingedam ek in selsstannige gemeente. Appingedam wie earder de haadstêd fan it lânsdiel Fivelgoa en is ien fan de twa plakken yn Grinslân mei histoaryske stedsrjochten. Appingedam krige syn stedsrjochten yn 1327 fan de Opstalbeam, it wurdt ek wol de 12e Fryske stêd neamd. De stêd is in beskerme stedsgesicht.

De gemeente Appingedam waard mei de gemeenten Delfsyl en Loppersum mei yngong fan 1 jannewaris 2021 yndield by de nije gemeente Iemsdelta. Njonken Appingedam hearden ek de plakken Garreweer, Jukwerd, Laskwerd, Marsum, Oling, Opwierde, Solwerd en Tjamsweer ta de gemeente.

De namme fan de stêd komt nei alle gedachten fan in daam yn in wetterrin fan de Appinga, de bewenners fan de krite by it wetter de Appa, dat wer ôflaat is an apa - "rivier" of "stream", dy't by Appingedam yn de Fivel rûn.

De stêd ferskynde yn 1253 as Appengadomme, yn 1306 as ten Damme, yn 1308 as in Damme en In Appinge, yn 1326 as in Appinggadamme en yn de njoggentjinde iuw as Appingadam.

Kaart fan Appingedam, út de atlas fan Jabik fan Dimter út 1545

It is net wis hoe âld Appingadam krekt is. Nei alle gedachten ûntstie it plak om 1100 hinne op by de Delf, it hjoeddeistige Damsterdjip, op de krusing mei de Groeve, de Appe, of de Heekt. De Delf waard yn de tsiende iuw groeven om it efterlân te ûntwetterjen. Yn 1057 wurdt it plak Gelviswert neamd dêr't munten slein waarden. Mooglik giet it dêrby om Garreweer, in útbuorren westlik fan Appingedam. Yn 1224 wurdt der yn in oarkonde sprutsen oer in merk- of gearkomsteplak (forum), dêr't nei alle gedachten Appingedam mei ornearre wurdt. In part fan de delsetting lei op De Wierde (ûnder Tjamsweer) dêr't yn 1328 in Augustinerkleaster fêstige waard.

Stedsrjochten en woltierigens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch syn geunstige lizzing oan de Delf, dy't in iepen ferbining mei de Waadsee hie, woeks de delsetting út as in wichtich hannels- en merksintrum. Appingedam waard it haadplak fan de Fryske goa Fivelgoa. In oarkonde fan 308 giet út fan de redjers (riedjouwers) fan Fiwilgona (Fivelgoa) en burgensis fan In (Appinga)Damme. De rjochten, gewoanten en keuren fan de delsetting waarden befêstige en besegele troch de rjochters fan it gea Fivelgoa snein 24 maaie 1327. Dy akte (buorbrief) waard op 7 juny 1327 bekrêftige en besegele troch de rjochters fan de Seelannen fan hiel Fryslân, dy't yn Upstalbeam byienkamen. Hjoed-de-dei wurdt oannommen dat de Upstalbeam doe net yn Auwerk, mar yn Appigedam byienkaam. De befêstigingsakte krige it segel fan tota Frisia (hiel Fryslân), dus it ferbûn fan de Upstalbeam. De orizjinele buorbrief is bewarre bleaun en yn printinge ferskynd.

De stêd woeks yn de jierren dêrnei en is te sjen út de grutte fan de romanogoatyske Hillige Marijetsjerke, dy't healwei de fjirtjinde iuw de Nikolaïtsjerke waard, dy't suver mei de stêd meiwoeks. Ek waarden der twa fersterke boargen fan de lagen Ripperda en Snelgersma. Appingedam waard yn dy snuorje in wiere konkurrint fan de stêd Grins, dy't besocht alle war te dwaan de konkurrinsjeposysje fan Appingedam del te bêdzjen. Dat late ta ferskate bewapene tsierderijen tusken de twa stêden. Yn in oerienkomst fan 1506 tusken Grins en greve Edzard I fan Eastfryslân waard Appingedam as merkplak erkend.

Troch it oanlizzen fan de slûzen by Delfsyl ferlear de stêd syn posysje as seehaven. Edzard de Grutte fan East-Fryslân woe him lânshear fan de Fryske Ommelannen meitsje. De stêd Grins keas Edzard de Grutte as beskermhear en ek de befolking fan Appingedam keas foar Fryslân. Yn 1514 waard Appingedam oerweldige troch Joaris mei it Burd (Georg fan Saksen) yn de slach om Appingedam. Suver alle ynwenners waarden deadien.

Yn 1536 waard de stêd troch Meindert fan Ham, oanfierder fan it leger fan Karel fan Gelre ynnommen, dochs yn septimber dat jiers waard er troch Georg Schenk fan Toutenburch, steedhâlder fan keizer Karel V, ferdreaun. De steedhâlder woe de gânse stêd ôfbrekke litte, dochs allinnich it fêstingwurk waard ôfbrutsen. De stêd Grins woe yn 1565 Appingedam oanfalle, dochs moast him weromlûke fanwegen in akkoard dy't beide stêden nei in hannelskeel alris earder berikt hiene.

Geeente Appingedam om 1865 hinne

Fan de santjinde iuw ôf gie it lykwols wer better mei de stêd. Om 1630 hinne waard it Riedhûs in renêssânse-styl boud. Yn 1760 waarden der in soad gevels, benammen yn de Solwerderstrjitte, fernijd. Oan 'e ein fan de achttjinde iuw waarden der likernôch 50 seeskippen it jier folle en waarden der regelmjittige fêste beurttsjinsten ûnderholden op Snits, Amsterdam en Lier.

By it belis fan Delfsyl (1813-1814) troch de Frânsen krige de stêd fan te lijen.

By it Damsterdjip del kamen stienbakkerijen, kalkûnen en skipswerven. Wynmûnen soargen foar it meallen fan nôt en boekweet, it parsen fan oalje en it seagjen fan hout. Boppedat hie de stêd ûnder oaren seis bierbrouwerijen, twa jeneverstokerijen, guon learloaierijen, weverijen en in jittikmakkerij.

Yn 1884 waard de stêd oansletten op it spoar fan Grins nei Delfsyl. Appingedam waard it sintrum fan de feemerken, benammen de hynstemerk. Yn 1870 yntrodusearre C. Roggenkamp de earste steammasine en rjochte er ien fan de earste steamtimmerfabriken, Molly, fan Nederlân op.

Nikolaïtsjerke, goatyske halletsjerke
It Riedhûs

Yn 'e iere tweintichste iuw ûntjoech Appingedam ta it yndustriële sintrum fan Fivelgoa. Der kaam in suvelfabryk, in flaaksfabryk, in striekartonfabryk De Eendracht, in gasfabryk, in oanhingweinfabryk (part fan DAM) en twa karrosseryfabriken Medema en Bos (letter Smit). De masinefabryk Ter Borg & Mensinga (Borga) waard wrâldferneamd en de Appingedamster Bronsmoatoarefabryk fan Jan Brons produsearre de Bronsmotor, in eigen útfûne skipsmotor dy't oer gâns de wrâld ferkocht waard. Hjoed-de-dei op de hoeke fan de Kniestraat en Dijkstraat as yndustrieel monumint is in grutte krukas fan in Bronsmotor. De yndustry fêstige him benammen by it Damsterdjip del en De Groeve, it Damstermaar, de ferbining mei it Iemskanaal. Mei it waaksen fan de yndustry naam ek de middenstân, it bankwêzen en ûnderrjocht ta. Dêrtroch ûntstie der ek ferlet fan wenromte foar wurklju. Nije wiken waarden boud noardlik fan it âlde stedsintrum. Oan de súdkant fan it stedsintrum, súdlik fan it Nije Djip, in omlizzing fan it Damsterdjip, kamen der ek nije wenten.

Nei de Twadde Wrâldkriich waard Delfsyl linkendewei de grutte buorgemeente fan Appingedam. Delfsyl ûntjoech him mei faasje ta in wichtige havenstêd. De ûntjouwing fan Appingedam gie lang sa hurd net.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ekonomy en ûnderrjocht

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Appingedam hat twa yndustryterreinen en guon bedriuweterreinen. Yn it sintrum is in grut winkelgebiet. Op it Overdiepterrein binne keap- en hierwenten en in winkelsintrum. Tusken Appingedam en Delfsyl, ek wol it Tuskengebiet neamd, binne kantoarkompleksen en in swimbad.

Appingedam hat fiif basisskoallen en fêstigings fan twa skoallen foar fuortset ûnderwiis: it Noorderpoort College (vmbo en mbo) en it Rudolph Pabus Cleveringa Lyceum (havo en vwo).

It spoar fan Grins nei Delfsyl rint troch Appingedam, dêr't in stasjon, fan it standerttype Snits, yn stiet. De busline (1)40 ferbynt Grins en Delfsyl en rydt troch de stêd. Der binne oare busferbinings mei de doarpen om Appingedam hinne. De grutste diken binne de N33 (Feandam - Iemshaven), de N989 (Appingedam) en de N360 (Grins-Delfsyl).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Appingedaam fan Wikimedia Commons.
Iemsdelta
Stêden:
AppingedamDelfsyl
Doarpen:
BierumBorgsweerEenumFarmsumGarrelsweerGarsthuizenGodlinzeHolwierdeHuizingeKrewerdLeermensLoppersumLosdorpMedhuizenMiddelstumOosterwijtwerdOpwierdeSeerypSyldykSolwerdSpijkStartenhuizen (foar in part)StedumTermuntenTermunterzijlTjamsweerToornwerdUitwierdeWagenborgenWesteremdenWesterwijtwerdWinneweer (foar in part)WirdumWoldendorp't Zandt
Buorskippen & útbuorrens:
AmsweerArwerdBaamsumBiessumBinnen AeBoerdamDallingeweerDekkershuizenDijkumEekwerdEekwerderdraaiEelshuisFiemelFraamklapGarreweerGarsthuizervoorwerkGeefsmeerDe HeemenHoeksmeerHoogwatumJukwerdKolhofKopafKrangeweerIdeweerLalleweerLangerijpLaskwerdLesterhuisLutjerijpMarsumMerumNansumNienhuisNieuwstadNooitgedachtOldenkloosterOpmeedenDe PalenPolen (foar in part)RodeschoolSchaapbultenStorkTerhornTweehuizenUiteindeVierburenVierhuizenWirdumerdraai't ZandstervoorwerkZomerdijk
Eardere plakken:
HeveskesNaterijOterdumReideWeiwerd
· · Berjocht bewurkje