Farusslach
De Farusslach of de Slach yn it Teutoburgerwâld wie in fjildslach yn it Teutoburgerwâld yn 9 n.Kr. flakby Kalkriese (Dútslân). Yn de slach waarden trije legioenen (it XVIIe, XVIIIe en XIXe) fan de Romeinen ferneatigjend ferslein troch in alliânsje fan Germaanske stammen.
Oanlieding
bewurkje seksjeUnder keizer Augustus besochten de Romeinen om de grins op te skowen nei de rivier de Elbe. Sy woenen it oermastere gebiet dat sy Germaanje neamden, krektsa besette as Galje en der ek in Romeinske provinsje fan meitsje. Lykwols ferrûn de pasifikaasje dy't op de oermastering folge muoisum. Hieltyd wer ûntstienen der opstannen ûnder de Germaanske folken en moast it leger yngripe.
Under lieding fan Herman, in haadling fan de stam Sjerusken dy't in skoft yn it leger fan de Romeinen tsjinne hie, kamen de Germanen massaal yn opstân. De Romeinen stjoerden de Romeinske generaal Farus op him ta mei in leger dat út likernôch 18.000 soldaten bestie. De Germanen gongen de konfrontaasje út 'e wei. Doe't it Romeinske leger op 'e weromreis wie nei syn kampen yn Ksanten om dêr de winter troch te bringen rûn it tichtby Kalkriese yn in leach. De Romeinen waarden troch de feriene Germaanske kriichsmacht ûnder lieding fan Herman hieltyd fierder it úngastfrije Teutoburgerwâld ynlutsen. It wâld wie sa min troch te kommen dat de Romeinen harren slachlynje net byinoar hâlde koenen. De útstrekte leger koe dêrtroch maklik oanfallen wurde troch de Germanen. Yn in pear dagen tiid waard it Romeinske leger útmoarde. Doe't by de slach de ûndergong net mear te kearen wie, sloech de Romeinske oanfierder Farus de hân oan himsels.
Neffens de skriuwer Suetonius waard de Romeinske keizer Augustus sa kjel troch de útkomst fan de slach dat er syn burd en hier moannen oanien groeie liet, as blyk fan rou. Fan Suetonius komt ek de anekdoate dat de keizer oant syn dea wol gauris ropt hawwe soe: "Quinctilius Varus, jou my myn legioenen werom!".
Gefolch
bewurkje seksjeDe útkomst fan de slach en de muoisume striid dy't derop folge soe der ta liede, dat de Romeinen harren nei 16 n.Kr. weromlûke út Germaanje en fan de Ryn de noardgrins fan it Romeinske ryk makken.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarne
bewurkje seksje- Meidenbauer, J., Lexicon van Historische Misverstanden (oersetten troch K. Moerbeek en J. Traats), Amsterdam, 2005