17 augustus
datum
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 augustus | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 |
<< | Augustus | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | 4 | |||
5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 |
12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 |
19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 |
26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 | |
2024 |
17 augustus is de 229e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 230e). Der folgje noch 136 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
bewurkje seksje- 1424 - Yn 'e Hûndertjierrige Oarloch ferslacht in mienksiplik Ingelsk-Boergondysk leger yn 'e Slach by Verneuil op beslissende wize in mienskiplike Frânsk-Skotske troepemacht.
- 1672 - De opmars fan 'e biskop fan Meunster yn Noard-Nederlân wurdt troch Karl Rabenhaupt tsjinkeard by Grins.
- 1862 - Yn Minnesota brekt ûnder de Dakota-Yndianen in opstân út dy't bekend komt te stean as de Dakota-Oarloch fan 1862.
- 1945 - Soekarno ferklearret Yndoneezje ûnôfhinklik fan Nederlân.
- 1960 - Gabon wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 1969 - De Tsjechoslowaakske studint Jan Palach stekt himsels yn 'e brân, út protest tsjin it weromdraaien fan 'e herfoarmings dy't yn syn lân ûnder de Praachse Maityd trochfierd wiene.
- 1980 - Hoewol't harren easken ynskewiele wurde, beslute de stakers op 'e Lenin-skipswerf yn Gdańsk troch te gean mei harren staking út solidariteit mei stakers yn oare dielen fan Poalen. Dit is it begjin fan it frije fakbûn Solidariteit.
- 2018 - Begjin fan it wykein fan 'e Reuzen yn Ljouwert: yn it ramt fan it projekt Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018 wurdt de Fryske haadstêd Ljouwert oandien troch de 15 m hege marionetten fan it Frânske strjitteäterselskip Royal de Luxe. Op dat evenemint komme hûnderttûzenen minsken ôf.
Berne
bewurkje seksje- 1601 - Pierre de Fermat, Frânsk wiskundige († 1665)
- 1757 - Hayo Tuinhout, Frysk politikus en bestjoerder († 1811)
- 1766 - Thijs Feenstra, Frysk politikus en bestjoerder († 1840)
- 1798 - Anton Delvig, Russysk dichter en sjoernalist († 1831)
- 1835 - Gerrit Tiemersma, Frysk skriuwer († 1923)
- 1839 - Matthijs Maris, Nederlânsk keunstskilder († 1917)
- 1893 - Mae West, Amerikaansk aktrise († 1980)
- 1893 - Mae West, Amerikaansk aktrise († 1980)
- 1896 - Hendrik de Vries, Nederlânsk dichter en skilder († 1989)
- 1920 - Maureen O'Hara, Iersk aktrise († 2015)
- 1927 - Maximilien Vegelin van Claerbergen, Nederlânsk diplomaat († 2011)
- 1928 - Willem Duys, Nederlânsk radio- en tillefyzjepresintator en muzykprodusint († 2011)
- 1930 - Ted Hughes, Ingelsk dichter en skriuwer († 1998)
- 1936 - Floyd Red Crow Westerman, Amerikaansk akteur, sjonger en aktivist († 2007)
- 1941 - Fritz Wepper, Dútsk akteur († 2024)
- 1943 - Robert De Niro, Amerikaansk akteur
- 1943 - Mykola Sjmatko, Oekraynsk keunstner († 2020)
- 1953 - Herta Müller, Roemeensk-Dútsk skriuwster
- 1957 - Ty Burr, Amerikaansk filmkritikus
- 1962 - Laura Resnick, Amerikaansk skriuwster
- 1970 - Jim Courier, Amerikaansk tennisser
- 1977 - Thierry Henry, Frânsk fuotballer
- 1977 - Tarja Turunen, Finsk sjongeres
- 1980 - Jan Kromkamp, Frysk fuotballer
- 1993 - Cassidy Banks, Amerikaansk pornoaktrise
Ferstoarn
bewurkje seksje- 310 - paus Eusebius (* ???)
- 1673 - Reinier de Graaf, Nederlânsk dokter en anatoom (* 1641)
- 1786 - kening Freark de Grutte fan Prusen (* 1712)
- 1983 - Ira Gershwin, Amerikaansk tekstskriuwer (* 1896)
- 1984 - Jan Retèl, Nederlânsk akteur en regisseur (* 1918)
- 1987 - Rudolf Hess, Dútsk politikus en oarlochsmisdiediger (* 1894)
- 1993 - Thys Polstra, Frysk toanielskriuwer (* 1905)
- 2012 - Willem G. van Maanen, Nederlânsk skriuwer en sjoernalist (* 1920)
10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 augustus | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|