Zoltin Peeter
Zoltin Peeter, berne as Peter Zwier (Amsterdam, 1942 - Hallum, 15 maaie 2019) wie in byldzjend keunstner dy't sûnt 1977 yn Fryslân wenne en sûnt 1986 yn Hallum wurke. Yn 2009 wûn er de Gerrit Bennerpriis.
Hy gie nei de Rietveld Akademy (1959-1962) yn Amsterdam en yn Antwerpen nei it 'Nationaal Hoger Instituut' (1964-1965). Sûnt 1976 wie er dosint oan AKI, Ynskedee. Yn 1977 sette er him nei wenjen yn Fyslân dêr't er de rêst en romte fûn dy't er nedich hie.
It Frysk Museum kocht in rige tekeningen en ek Museum Belvedêre en de Friesland Bank hawwe wurken fan him. It Kröller-Müller Museum hat in grutte seleksje oan tekeningen en skulptueren en ek it Histoarysk Museum yn Dimter hat wurk fan him yn de kolleksje.
Peeter wie in soad dwaande mei natoerferskynsels as wetter, bergen, wetterfallen, ljocht en skaad en wurke dat út yn skulptueren, etsen, tekeningen en skilderijen. Hy brûkte faak golfplaat, isolaasjematerialen, stielwol, fiberfill en gips.
Zoltin Peeter reizge in soad, faak twa kear it jier, nei noardlike kontreien lykas Noarwegen en Yslân dêr't er ôfhandige plakken besocht mei rûge natuer. Dêr fûn er de ynspiraasje ta it ûntwikkeljen fan in eigen byldtaal.
Peeter hat net troud west en hie gjin bern. "Solitair leven is voor mij een noodzaak om te werken en me te ontwikkelen, om te existeren zelfs", hat er dêr oer sein.
Zoltin Peeter waard slim siik en hat der foar keazen middels eutanasy ôfskied fan it libben te nimmen.[1]
Eksposysjes (karút)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Museum 't Coopmanshûs, Frjentsjer
- Allard Pierson Museum, Amsterdam
- Ryksoankeapen De Haach
- Frysk Museum, Ljouwert
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|