Zacharias Ursinus
Appearance
Zacharias Ursinus (Breslau, 18 july 1534 — Neustadt, 6 maaie 1583), wie in Dútsk teolooch.
Ursinus is yn 1534 berne yn Breslau (Wroclaw) as in soan fan Caspar Bär en Anna Rothe. Syn mem stoar foar 1542 en syn heit yn 1555. Yn 1550 gie er nei Wittenberg. Fan 1551 oant 1558 studearre er dêr teology. Yn 1557/1558 makke er in stúdzjereis nei Worms (dêr't er Melanchton besocht), Surich, Genêve en Parys. Fan 1558 joech er les oan de Sint Elisabetskoalle yn Breslau. Fan 1560 ôf joech er les oan de universiteit fan Heidelberch. Hy is ferstoarn op 6 maart 1683 yn Neustadt.