Wyoming
Steat Wyoming State of Wyoming | |
---|---|
flagge | wapen |
Equal Rights (Ingelsk, "Gelikense Rjochten") | |
lokaasje yn de Feriene Steaten | |
algemien | |
ôfkoarting | WY |
lân | Feriene Steaten |
status (jier) | steat (1890) |
haadstêd | Cheyenne |
grutste stêd | Cheyenne |
offisjele taal | Ingelsk |
sifers | |
ynwennertal | 584.000 (2014) |
befolkingstichtens | 2,3 / km² |
oerflak | 253.348 km² (0,7% wetter) |
bykommende ynformaasje | |
bynamme | de Equality State |
tiidsône | UTC –7 |
simmertiid | UTC –6 |
webside | wyoming.gov |
- Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Wyoming. Foar oare betsjuttings, sjoch: Wyoming (betsjuttingsside).
Wyoming (útspr.: [wa:i'o:mɪŋ], likernôch "û-aaiooming"), offisjeel de Steat Wyoming (Ingelsk: State of Wyoming), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Wyoming, byneamd de Equality State (de "Steat fan 'e Gelikensens"), of ek wol (ûnoffisjeel) de Cowboy State, leit foar it meastepart yn 'e Rocky Mountains, yn it westlike diel fan it lân. De haadstêd en teffens grutste stêd is Cheyenne. Wyoming is tige tin befolke; neffens in skatting út 2014 hie de steat doe 584.000 ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 50ste en lytste steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Wyoming mei goed 253.000 km² lykwols de 10de steat. Wyoming stiet bekend om syn natoerskientme, benammen yn it ferneamde Nasjonaal Park Yellowstone.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme 'Wyoming' is ûntliend oan 'e Wyomingdelling yn 'e noardeastlike steat Pennsylvania, in krite dy't yn 'e njoggentjinde iuw ferneamd wie om it gedicht fan Thomas Campbell út 1809 Gertrude of Wyoming, dat wer basearre wie op 'e Slach by Wyoming út 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch. De namme giet úteinlik werom op in wurd út 'e Algonkwynske Munsy-taal, te witten: xwé:wamənk, dat betsjut "op 'e grutte rivierflakte".
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wyoming hat in oerflak fan 253.348 km², wêrfan't 0,7% út wetter bestiet. De steat leit yn 'e Berchtiidsône (UTC –7, simmertiid –6). Mei Kolorado is it de iennichste Amerikaanske steat dy't folslein rjochtkantich is. Wyoming grinzget yn it noarden en it uterste noardwesten oan Montana, yn noardeasten oan Súd-Dakota, yn it súdeasten oan Nebraska, yn it suden oan Kolorado, yn it súdwesten oan Utah en yn it westen oan Idaho. De rjochte grinzen fan Wyoming lizze op 41º en 45º noarderbreedte en op 104º3′ en 111º3′ westerlingte.
Wyoming bestiet út twa dúdlik ferskillende dielen: it eastlike trêdepart wurdt foarme troch in heechflakte dy't ta de Grutte Flakten rekkene wurde moat. Dat diel fan 'e steat wie oarspronklik oerdutsen mei prêrje, útsein yn it noardeasten, dêr't by de grins mei Súd-Dakota de Black Hills oprize. It westlike twatrêde diel fan Wyoming is bercheftich, en wurdt foarme troch de mei snie bekape Rocky Mountains. Dy bergen falle útinoar yn in stikmannich lytsere berchtmen: de Absaroka-, Owl Creek-, Gros Ventre-, Wind River- en Teton-berchtmen yn it noardwesten; it Bighorn-berchtme yn it noarden; en de Laramie-, Medicine Bow- en Sierra Madre-berchtmen yn it suden.
It heechste punt yn 'e steat is Gannett Peak, in berchpjuts yn it Wind River-berchtme dy't 4.209 m boppe seenivo útstekt, en it leechste punt is de rivier de Belle Fourche, oan 'e grins mei Súd-Dakota, op 945 m boppe seenivo. De wichtichste rivieren fan Wyoming binne de Noardlike Platte, de Yellowstone, de Wind en de Bighorn. De grutste marren binne de Yellowstone-mar, de Jacksonmar en it Flaming Gorge Reservoir, in opslachmar. Wyoming omfiemet mar ien Yndianereservaat, nammentlik it Wind River Yndianereservaat, mar dat beslacht 9.148 km², wêrmei't it kwa oerflak it op seis nei grutste reservaat fan 'e Feriene Steaten is.
Wyoming hat in protte natoerskientme; twa gebieten yn 'e steat hawwe de status fan nasjonaal park. It bekendste dêrfan is it wrâldferneamde Nasjonaal Park Yellowstone, yn 'e noardwesthoeke fan 'e steat, dêr't û.m. in soad geisers binne, dy't oan 'e gong holden wurde troch ûnderierdske fulkanyske aktiviteit. It oare nasjonaal park yn Wyoming is it folle lytsere Nasjonaal Park Grand Teton, fuort besuden Yellowstone. Noardlik fan it plak Jackson leit it Nasjonaal Wapityreservaat (National Elk Refuge), in wyldreservaat dêr't alle jierren tûzenen wapitys de winter trochbringe. Behalven echt wyld libbet der yn Wyoming ek noch in oansjenlike populaasje mustangs, de ferwyldere hynders fan Noard-Amearika.
Nei alle gedachten waarden by Como Bluff yn 1878 de earste fynsten dien fan dinosaurusfossilen. De bonken kamen oan it ljocht by de oanlis fan it Union Pacific-spoar. Como Bluff wurdt no ek wol it Dinosaur Graveyard (it "Dinosaurus-tsjerkhôf") neamd.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik waard Wyoming bewenne troch ferskate Yndiaanske folken, wêrûnder de Noardlike Arapaho, de Lakota, de Krieën, de Noardlike Sjajinnen en de Eastlike Sjosjoanen. Nei't Spaanske ûntdekkingsreizgers it gebiet yn 'e rin fan 'e sechstjinde iuw foar it earst oandiene, kaam it bestjoerlik ûnder de Spaanske koloanje Nij-Spanje (it lettere Meksiko) te fallen, hoewol't de Spanjerts der nea in militêre of boargerlike oanwêzichheid fêstigen. Letter koene de Frânsen dêrtroch it noardeastlike trijefjirde part fan it gebiet by harren ûnbidich grutte koloanje Louisiana lûke, dy't him útstriek fan 'e Mississippydelta oant yn wat no Kanada is.
It grutste part fan Wyoming, mei útsûndering fan it suden en westen, bleau dêrnei yn Frânske hannen oant 1763, doe't de koloanje Louisiana by de Frede fan Parys, yn Spaanske hannen kaam. Dêrnei hearde it 37 jier ta de Spaanske koloanje Nij-Spanje, oant de Spanjerts it yn 1800 wer weromjaan moasten oan Frankryk. Napoleon lykwols, dy't it doe yn Parys foar it sizzen hie, koe fanwegen de Britske oppermacht op 'e wrâldseeën net folle mei it gebiet, dat yn 1803 ferkocht er de hiele koloanje oan in oare fijân fan 'e Britten, de Feriene Steaten, by in transaksje dy't bekendstiet as de Louisiana-oankeap.
It suden fan Wyoming bleau ûnder Spaansk bestjoer oant 1821, doe't Nij-Spanje ûnder de namme Meksiko ûnôfhinklik waard. De Meksikanen bekroaden har frijwol net om it gebiet, al joegen se har oanspraken yn gjin gefal op. Nei de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch waard súdlik Wyoming lykwols yn 1848, ûnder de betingsten fan it Ferdrach fan Guadelupe Hidalgo, yn 'e mande mei Kalifornje, Kolorado, Utah, Nevada, Arizona en Nij-Meksiko troch Meksiko oan 'e Feriene Steaten ôfstien. De uterste westlike stripe fan 'e steat makke diel út fan it Oregon-territoarium, dat lang bestjoerd waard troch de Britske Hudsonbaaikompanjy, oant it súdlike diel fan it territoarim (ynklusyf westlik Wyoming) yn 1846 troch de Britten oan 'e Amerikanen ôfstien waard.
De earste blanken dy't har yn Wyoming nei wenjen setten, wiene Frânsk-Kanadeeske pelsjagers, dy't oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw arrivearren (en plaknammen as la Ramie: 'Laramie' efterlieten). It gebiet waard yn 1807 foar it earst beskreaun troch John Colter, dy't earder ûnderdiel útmakke hie fan 'e ferneamde Ekspedysje fan Lewis en Clark (1804-1806). Doedestiden waard lykwols tocht dat syn beskriuwing fan wat no it Nasjonaal Park Yellowstone is, te moai wie om wier te wêzen, en dat er it ferhaal út 'e tomme sûgd hie.
Yn 1812 waard de Suderpas ûntdutsen troch de ekspedysje fan Robert Stuart. Dy rûte waard letter brûkt troch it ferneamde Oregon Trail, dat tsientûzenen kolonisten út it Easten nei it Wylde Westen ta folgen. Yn 1850 ûntdiek de frontiersman en gids Jim Bridger de nei him ferneamde Bridgerpas, dêr't yn 1868 it Union Pacific-spoar oerhinne oanlein waard (en noch letter de Interstate 80-autodyk). Bridger besocht ek Yellowstone, mar krekt as dat mei Colter it gefal west hie, waarden syn ferslaggen yn it Easten beskôge as sterke ferhalen.
Yn 1865 ûntstie Wyoming as bestjoerlike ienheid doe't der op foarspraak fan ôffurdige James Mitchell Ashley út Ohio in provysjoneel regear foar it gebiet gearstald waard. Nei't it spoar fan 'e Union Pacific Railroad yn 1867 oan Cheyenne ta kommen wie, begûn de befolking fan it gebiet stadichoan te groeien, en waard troch it Amerikaanske federale regear yn 1868 it Wyoming-territoarium stifte. Mei't it gebiet net oer neamenswurdige foarrieden goud of sulver beskikte, giene de ferskate goud- en sulverkoartsen (sa't dy bgl. yn it oangrinzgjende Kolorado foarkamen) oan Wyoming foarby. Inkeld South Pass City hie op dat mêd in koarte oplibbing nei't dêr wat goud fûn wie, mar dy myn rekke al rillegau útdien. Wol waard der yn ferskate dielen fan Wyoming koper fûn.
Doe't lânmjitters yn 'e tsjinst fan it Amerikaanske regear om dyselde snuorje hinne foar it earst it noardwesten fan Wyoming besochten, die bliken dat de ferhalen fan Colter en Bridger oer Yellowstone wier wiene. In besef dat dizze útsûnderlike natoerskientme foar it neigeslacht beholden wurde moast, late doe yn 1872 ta de oprjochting fan it Nasjonaal Park Yellowstone, it earste nasjonale park fan 'e wrâld.
John Allen Campbell, de earste gûverneur fan it Wyoming-territoarium, ûndertekene op 10 desimber 1869 de earste wet út 'e skiednis fan 'e Feriene Steaten dy't froulju ekspisyt it rjocht joech om te stimmen. Dy deis waard letter ta de steatsfeestdei Wyoming Day útroppen. Fierders hie Wyoming it earste froulike sjuerylid fan 'e Feriene Steaten (yn Laramie, yn 1870); de earste froulike parketwacht fan 'e Feriene Steaten (Mary Atkinson, ek yn Laramie, yn 1870); en de earste froulike rjochter fan 'e Feriene Steaten (Esther Hobart Morris, yn South Pass City, ek yn 1870). Op 5 novimber 1889 karden de ynwenners fan Wyoming by in referindum in grûnwet goed, dy't de earste yn 'e wrâld wie wêryn't froulju sawol aktyf as passyf kiesrjocht taparte waard. Fierders waard yn 1924 yn Wyoming Nellie Tayloe Ross as earste froulike gûverneur fan 'e Feriene Steaten keazen, wêrnei't hja yn jannewaris 1925 as sadanich ynsward waard. Dêrfandinne de offisjele bynamme fan 'e steat, Equality State ("Steat fan de Gelikensens"), en it biedwurd: Equal Rights ("Gelikense Rjochten").
Op 10 july 1890 waard Wyoming as de 44e steat yn 'e Amerikaanske Uny opnommen. Yn 1892 waard yn it noardlike part fan 'e steat, yn 'e krite oan 'e Powder River, de saneamde Prêrje-oarloch fan Johnson County (Johnson County Range War) útfochten, ien fan 'e saneamde fence wars ("ôffredingsoarloggen"). It wie in wapene konflikt tusken gerniers en komelkers (farmers) oan 'e iene kant en de grutte feehâlders (ranchers) oan 'e oare kant. It draaide derom dat de farmers harren lân mei stikeltrie ôffreden, wylst de ranchers it âlde gebrûk fan it frijweidzjen oanhâlde woene.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wyoming bestiet bestjoerlik út 23 countys. De steatshaadstêd, Cheyenne, leit yn Laramie County, yn it uterste súdeastlike diel fan 'e steat. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Wyoming bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de gûverneur. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan it Steatskongres fan Wyoming, dat bestiet út 'e Steatssenaat mei 30 leden en it Steatshûs fan Offurdigen mei 60 leden. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt Wyoming, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2 senators. Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Wyoming fanwegen syn lytse befolking mar 1 inkele sit.
It politike lânskip fan Wyoming wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Yn 'e 1960-er en 1970-er jierren dominearren yn Wyoming de Demokraten, mar sûnt de 1980-er jierren oerhearskje de Republikeinen. Fierders kin Wyoming op polityk mêd mar dreech klassifisearre wurde. Hoewol't it yn in protte opsichten in konservative plattelânssteat is, wie it ek de earste Amerikaanske steat dy't it frouljuskiesrjocht ynfierde en dy't in frou as gûverneur keas.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens in rapport út 2012 fan it Amerikaanske Buro fan Ekonomyske Analyze wie it bruto steatsprodukt fan Wyoming doe $38,4 miljard. De wichtichste sektors fan 'e Wyominger ekonomy binne de mynbou en it toerisme. Op it mêd fan 'e mynbou is de steat ryk oan grûnstoffen, wêrûnder stienkoal, ierdgas, metaan, ierdoalje, trona, diamanten en uranium. Yn totaal brocht de mynbousektor yn Wyoming yn 2001 $6,7 miljard op.
It toerisme moat it benammen hawwe fan 'e natoerskientme yn 'e steat. Yn it jier 2002 besochten mear as 6 miljoen minsken de nasjonale parken en monuminten fan Wyoming. De grutste attraksje is it wrâldferneamde Nasjonaal Park Yellowstone, dat elts jier allinnich al mear as 3 miljoen besikers lûkt. Oare toeristyske trekpleisters binne it Nasjonaal Park Grand Teton, it Nasjonaal Monumint Devils Tower, it Nasjonaal Monumint Fossil Butte en Independence Rock.
Histoarysk wie ek de lânbou tige wichtich foar de ekonomy fan Wyoming, mar dy wichtigens is tsjintwurdich sterk belune. Likegoed foarmet de lânbou, en yn 't bysûnder de feehâlderij, noch altyd in essinsjeel ûnderdiel fan 'e kultuer en libbenswize yn Wyoming. Behalven kowefleis eksportearret de steat op dit mêd ek hea, sûkerbiten, weet, koarn en wol.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens in offisjele rûzing troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010) hie Wyoming yn 2014 goed 584.000 ynwenners, wat in groei fan 3,6% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn 2010. De befolkingstichtens wie yn 2014 2,3 minsken de km². De grutste stêd fan 'e steat is de haadstêd Cheyenne, mei 60.000 ynwenners yn 2008. Oare gruttere stêden binne: Casper (56.000), Laramie (31.000) en Gilette (29.000). Fan 'e befolking fan Wyoming wie yn 2004 2,2% berne yn it bûtenlân.
Etnisiteit
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wie de etnyske opbou fan 'e Wyoming befolking doe sa: 85,9% blanken; 8,9% Latino's; 2,4% Yndianen; 0,8% swarten; 0,8% Aziaten; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 1,1% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Blanke Wyomingsters binne fierhinne fan Britske, Midden- en Noardjeropeeske orizjine, mei as grutste oarsprongsgroepen Dútsers (26,0% fan 'e totale steatsbefolking), Ingelsen (16,0%), Ieren (13,3%), Angelsaksyske Amerikanen (6,5%), Noaren (4,3%) en Sweden (3,5%).
Wyoming omfiemet 2 federaal erkende Yndianestammen, te witten:
Dizze stammen diele ien en itselde Yndianereservaat (it Wind River Yndianereservaat), wat in útsûnderlike sitewaasje is. Der binne yn Wyoming gjin stammen mei inkeld erkenning op steatsnivo.
Taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De offisjele taal fan Wyoming is it Ingelsk, dat neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 doe foar 93,4% fan 'e befolking de memmetaal wie. Op it twadde plak kaam it Spaansk, mei krapoan 23.000 sprekkers (4,5%), en dêrnei folgen it Dútsk, mei 1.800 sprekkers (0,4%); it Frânsk, mei 1.400 sprekkers (0,3%) en it Arapaho, mei rom 900 sprekkers (0,2%).
Godstsjinst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it mêd fan godstsjinst bestie neffens in opinypeiling út 2013 76% fan 'e befolking fan Wyoming út kristenen, wêrûnder 58% protestanten, 18% roomsen en 0,2% eastersk-otterdoksen. Neffens in ûndersyk út 2010 wiene doe de grutste protestantske denominaasjes de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen (11%) en de Súdlike Baptistekonvinsje (2,8%). De grutste net-kristlike godstsjinst wie yn 2013 it joadendom, mei minder as 1% fan 'e befolking.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wyoming hat in drûch lânklimaat, mei waarme simmers en tige kâlde winters. Simmerdeis hat it meastepart fan 'e steat oerdeis temperatueren fan tusken de 29 en 35 °C. Wat heger oft men lykwols yn 'e bergen komt, wat leger oft de temperatuer fansels is. By 't winter hat Wyoming oer it algemien te krijen mei in ôfwikseling tusken kâld en ekstreem kâld waar. Rekôrtemperatueren wiene 46 °C, op 12 july 1900 yn Basin, en –54 °C op 9 febrewaris 1933 te Riverside. It súdeastlikste hoekje fan 'e steat is by 't maityd kwetsber foar tornado's.
Delslachhoemannichten binne yn Wyoming krap, mei trochinoar minder as 250 mm. Se binne lykwols ôfhinklik fan 'e terreingesteldheid; wêrby't heger leine gebieten yn it westen fan Wyoming mear delslach krije as leger leine gebieten yn it easten, dy't yn it reinskaad fan 'e Rocky Mountains lizze. Sa kriget de Bighorn-dobbe, yn it noarden, mar 130-200 mm jiers, wat it suver ta in woastyn makket. Guon bercheftige gebieten yn it westen fan Wyoming krije folle mear delslach as it steatsgemiddelde, lykas it Nasjonaal Park Yellowstone, dêr't op guon (heger leine) plakken by 't winter 7.600 mm snie falt.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
steaten | ||
---|---|---|
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin | ||
ûnynkorporearre territoaria | ||
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko | ||
federaal distrikt | ||
Distrikt Kolumbia | ||
· · |