Springe nei ynhâld

West-Teksas

Ut Wikipedy
West-Teksas
West Texas
polityk
soarte gebiet geografyske en
   kulturele regio
lân Feriene Steaten
steat Teksas
grutste plak El Paso
sifers
ynwennertal 1.530.000 (2020; inge def.)
2.303.000 (2020; brede def.)
oerflak 159.185 km² (inge definysje)
240.539 km² (brede definysje)
befolkingstichtens 9,6 / km² (inge definysje)
9,6 / km² (brede definysje)
oar
tiidsône UTC –6 en –7
simmertiid UTC –5 en –6
kaart
     altyd ta West-Teksas rekkene    
     soms ek ta West-Teksas rekkene

West-Teksas (Ingelsk: West Texas) is in geografyske en kulturele regio yn 'e Feriene Steaten, dy't it westlike part fan 'e steat Teksas beslacht. Wêr't krekt de grins mei de rest fan Teksas leit, is wat dizenich. West-Teksas is gjin bestjoerlike of statistyske ienheid, dat de grinzen binne nea fêstlein. Yn in inge definysje bestiet West-Teksas út 36 countys, mar der bestiet ek in brede definysje, wêrby't it gebiet 70 countys omfettet. It gebiet beslacht in oerflak fan 159.000 oant 241.000 km², mei in befolking fan 1,5 oant 2,3 miljoen minsken. Hoewol't Teksas diel útmakket fan it Amerikaanske Suden, ûnderskiedt West-Teksas him fan 'e rest fan 'e steat trochdat it geografysk en kultureel folle mear gemien hat mei it Amerikaanske Súdwesten.

West-Teksas is it westlike diel fan 'e Amerikaanske steat Teksas. It wurdt yn it westen begrinzge troch de Amerikaanske steat Nij-Meksiko, wylst yn it súdwesten de Rio Grande de grins foarmet mei it buorlân Meksiko. Binnen de grinzen fan Teksas leit noardlik fan West-Teksas de Panhandle fan Teksas. Súdlik fan West-Teksas leit Súd-Teksas. En nei it easten ta leit East-Teksas, of, ôfhinklik fan 'e yndieling dy't brûkt wurdt, Sintraal-Teksas.

De Palo Duro Canyon.

It westlikste part fan West-Teksas, dat bewesten de rivier de Pecos leit, wurdt ek wol behannele as in aparte regio ûnder de namme Transpecos of it Fiere Westen fan Teksas. De Transpecos heart ta de Chihuahuawoastyn en is it drûchste diel fan 'e hiele steat. Der lizze ek ferskate berchtmen, wêrûnder it Guadalupeberchtme en it Delawareberchtme. Dy foarmje yn it ramt fan 'e Noardamerikaanske Kordillera geologysk sjoen in oergong tusken de Rocky Mountains, dy't fan noardlik Nij-Meksiko nei it noarden ta rinne, en de Eastlike Sierra Madre yn Meksiko.

Fierder nei it noardeasten foarmet de Llano Estacado, in skerp ôffrede plato, de oergong mei de Panhandle. Súdlik fan 'e Llano Estacado leit it Edwardsplato. Yn it easten foarmje de Rôljende Flakten, dy't de súdlike útein fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika binne, de oergong fan West-Teksas nei eastliker leine dielen fan Teksas.

Wêr't de eastlike en noardlike grinzen fan West-Teksas krekt lutsen wurde moatte, is ûndúdlik. De histoarikus en geograaf Walter Prescott Webb woe hawwe dat de 98e meridiaan de grins tusken West- en East-Teksas wie, wylst de skriuwer A.C. Greene fan miening wie dat West-Teksas yn it easten alhiel trochrûn oant it streamgebiet fan 'e rivier de Brazos. It gebrûk fan in inkele grinsline dy't West-Teksas fan East-Teksas skiedt, ûntstriidt lykwols logyskerwize it bestean fan in tuskenlizzende krite: Sintraal-Teksas.

De inge definysje fan West-Teksas beslacht de folgjende 36 countys, dy't in mienskiplik oerflak hawwe fan 159.185 km².

In bredere definysje fan West-Teksas omfiemet ek de 34 countys dy't noardlik en noardeastlik fan dat gebiet lizze. Dy hawwe in oerflak fan 81.354 km², wat it totale oerflak fan West-Teksas yn 'e bredere sin op 240.539 km² bringe soe.

Foar de oankomst fan 'e Jeropeänen waard de westpunt fan wat letter Teksas wurde soe, bewenne troch de Súdlike Tiwa, in sedintêr folk fan 'e lânbou bedriuwende Pueblokultuer. De rest fan West-Teksas waard bewenne troch nomadyske Yndiaanske jager-sammelderfolken, lykas de Lipan-Apachen, de Komantsjen en de Kajowa. Yn 1690 rôpen de Spanjerts Teksas út ta in provinsje fan harren koloanje Nij-Spanje. Ek West-Teksas kaam dêr sadwaande ta te hearren. De fijannige hâlding fan 'e nomadyske Yndianestammen en it drûge oant woastinige karakter fan it gebiet soarge derfoar de West-Teksas troch de kolonisators lange tiid fierhinne negearre waard. Wol waard al yn 1659 de stêd El Paso stifte. Tsjin 'e ein fan 'e achttjinde iuw waarden de Pueblofolken ta it kristendom bekeard troch roomske misjonarissen.

El Paso, de grutste stêd fan West-Teksas.

Yn 1821 waard Nij-Spanje ûnôfhinklik ûnder de namme Meksiko. West-Teksas waard mei de rest fan Teksas yndield by de Meksikaanske dielsteat Coahuila en Teksas. Yn 1835 kamen de Amerikaanske kolonisten yn Teksas yn opstân tsjin Meksiko by wat de Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch kaam te hjitten. De striid liet it mar hiel tinbefolke West-Teksas frijwol ûnberoerd. Doe't de Republyk Teksas in ûnôfhinklik lân waard, makke it oanspraak op West-Teksas, mar it hie de middels net om dy oanspraken te reälisearjen. Pas nei't Teksas yn 1845 yn 'e Feriene Steaten opnommen waard, slagge it de Amerikanen begjin 1846 om West-Teksas fan Meksiko los te weakjen.

Under de Amerikaanske Boargeroarloch (18611865) wie Teksas ûnderdiel fan 'e Súdlike Konfederearre Steaten fan Amearika. El Paso wie, as westlikste puntsje fan 'e Konfederaasje, earst in legerbasis fan 'e Súdliken, oant it yn 1862 ynnommen waard troch Noardlike troepen út Kalifornje wei. Dêrnei bleau it de rest fan 'e oarloch beset gebiet. Nei ôfrin fan 'e oarloch bloeide yn West-Teksas de feehâlderij, wêrby't it fral gie om in lânseigen koweras, de Texas longhorn. Troch dat diel fan syn skiednis is West-Teksas foargoed assosjearre rekke mei it byld fan 'e cowboy. Yn dyselde snuorje waarden de Komantsjen, Kajowa, Flakte-Apachen en Lipan-Apachen ferslein en ûnderwurpen. De earste trije folken waarden nei it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma) ta deportearre, wylst de Lipan-Apachen suver hielendal útrûge waarden.

It Steatspark Monahans Sandhills.

Oan it begjin fan 'e tweintichste iuw waarden der grutte ierdoaljefjilden ûntdutsen yn West-Teksas, benammen yn 'e omkriten fan Midland. De resultearjende oalje-boom berikte syn hichtepunt yn 1972. Under de Meksikaanske Boargeroarloch waard West-Teksas, mar fral de Transpecos, oerstreamd troch in tafloed fan Meksikaanske flechtlingen. It geweld folge harren lykwols oer de grins hinne en yn maart 1916 foelen by it saneamde Plan de San Diego, in opstân fan etnyske Meksikanen tsjin blanke Amerikanen, tûzenen deaden. It regear fan Teksas stjoerde in spesjale legermacht fan Texas Rangers dy't regaad meitsje moast. Dat slagge ek, mar allinnich troch op ûnmeilydsume wize mear as 5.000 Meksikanen ôf te slachtsjen. Yn 'e 1930-er jierren hie de Teksaanske ekonomy slim te lijen ûnder de Grutte Depresje sawol as de Dust Bowl, in perioade fan jierrenlang oanhâldende swiere stofstoarmen, feroarsake troch grûneroazje dy't wer in gefolch wie fan ûngaadlike foarmen fan lânbou op 'e Amerikaanske prêrjes.

Lubbock, de grutste stêd yn 'e 34 countys dy't soms ta West-Teksas rekkene wurde.

De ekonomy fan West-Teksas stipet fan âlds op 'e lânbou, benammen fetweiderij fan fleiskij, en op 'e ierdoalje- en ierdgasyndustry. Fan minder belang binne de bou fan katoen en nôt, en de definsjesektor, fanwegen grutte legerbases as Fort Bliss. Yn 'e ienentweintichste iuw waard ek de bou fan withoefolle wynmoleparken foar de produksje fan griene enerzjy fan grut ekonomysk belang foar West-Teksas.

West-Teksas yn 'e inge sin hie neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2020 dat jiers in befolking fan 1.530.071 minsken. Foar West-Teksas yn 'e breedste sin kamen dêr noch 772.466 minsken by, wat it totaal op 2.302.537 minsken brocht. Beide kearen lei de befolkingstichtens op 9,6 persoanen de km². De befolking is lykwols hiel ûngelikens oer de regio ferdield. El Paso County hie krapoan 869.000 ynwenners, wylst Loving County mar 51 ynwenners hie.

Yrrigearre boulân yn West-Teksas.

De grutste stêd fan West-Teksas is mei ôfstân El Paso, dat yn 2020 in befolking hie fan 679.000 minsken. Oare gruttere stêden binne, yn folchoarder fan ôfrinnende befolkingsgrutte: Lubbock (257.000 ynwenners), Midland (133.000 ynwenners) en Odessa (114.000 ynwenners). De befolking fan West-Teksas bestiet foar it grutste diel út etnyske Meksikanen, dy't foar it meastepart yn El Paso en foarstêden dêrfan wenje. Op it plattelân fan West-Teksas binne blanke Amerikanen de grutste etnyske groep.

West-Teksas hat in steppeklimaat dat yn 'e Transpecos oergiet yn in woastynklimaat. Dat betsjut dat it gebiet hjitte simmers en mylde winters hat. El Paso, bygelyks, hat yn desimber, de kâldste moanne, oerdeis in trochsneed temperatuer fan 13,9 °C, en yn july, de waarmste moanne, in trochsneed deitemperatuer fan 35,3 °C. West-Teksas kriget jiers trochinoar folle minder delslach as de rest fan Teksas. Yn El Paso falt mar 250 mm jiers, hoewol't de rest fan 'e regio wat mear reinwetter kriget. De lânbou dy't yn it gebiet plakfynt, is dêrom yn hege mjitte ôfhinklik fan yrrigaasje út ûndergrûnske wetterboarnen lykas de Ogallala Akwifer. Ek rivieren as de Pecos en de Rio Grande wurdt foar yrrigaasjedoelen in protte wetter úthelle.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.