Wapen fan Rien
Appearance
It wapen fan Rien is it wapen fan it doarp Rien, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 2001 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn grien in gouden keper, fan boppen beselskippe fan in ôfskuorde swannehals en in ôfskuorde hynsteholle, nei-inoar takeard en beide fan sulver, en fan ûnderen beselskippe fan in gouden nôtskeaf.
De heraldyske kleuren binne: sinopel (grien), goud en sulver.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Grien fjild: ferwiist nei de lizzing fan it doarp op it oarspronklik bedykte eilân fan Easterein.
- Keper: symboal foar de Rienstersyl, eardere slûs by it doarp.
- Swannehals: ferwiist op it Swannerjocht, dy't oan dizze slûs ferbûn wie.
- Hynsteholle: ferwiist nei de hynstemerk dy't yn it doarp hâlden waard.
- Nôtskeaf: oernommen út it wape fan de famylje Rheen, wêr't it plak syn namme oan te danken hat.