Wammert
Wammert is in buorskip dy't ûnder it Fryske doarp Easterlittens falt en yn 'e gemeente Ljouwert leit. Foàr de gemeentlike weryndieling fan 1984 hearde Wammert by de gemeente Baarderadiel, en fan 1984 oant 2018 makke it diel út fan Littenseradiel. Wammert leit oan 'e N384 fan Frjentsjer nei Dearsum, in pear hûndert meter súdeastlik fan Easterlittens.[1] De namme fan 'e buorskip komt histoarysk ek foar as Wammerd, Vammert en Hoammert.[2] Wammert bestiet út seis pleatsen, wêrfan't anno 2019 trije noch bebuorke wurde.[3] De buorskip hie yn 2019 15 ynwenners, wêrfan't de jongst 6 jier wie en de âldste 70.[3]
Opgravings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik hie Wammert in eigen terp, mar dy is ein njoggentjinde, begjin tweintichste iuw fierhinne ôfgroeven, wêrnei't de grûn dy't dêrtroch frijkaam, ferkocht waard foar it terpmodderjen. By de ôfgraving fan 'e Wammerter terp waarden frijwat nijsgjirrige foarwerpen opdobbe, wêrûnder spinkloskes, potten, skalen, leppels, pinnen, nullen en de restanten fan skuon. It bysûnderst wie in fibula fan brûns, dy't datearre fan foàr it begjin fan 'e kristlike jiertelling.[3]
Letter waard yn 1965 by fierder graafwurk troch feehâlder Jelle Durksz in grutte, tige kreas bewurke fjoerstiennene sichte fûn, dy't troch jierrenlang gebrûk in fraaie glâns hie. Dat wie doedestiden de grutste stiennene sichte dy't ea yn Fryslân opgroeven wie. It ding waard datearre yn 'e achtste oant de fyfde iuw f.Kr.[3]
Wammerter Merke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn septimber 2019 waard foar it earst ea in Wammerter Merke holden, ûnder de namme Greppelrock. Dêroan gie fiif jier tarieding foarôf.[3]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ljouwert | ||
---|---|---|
Stêd: Ljouwert | ||
Doarpen en útbuorrens: Alde Leie • Baard • Bears • Britsum • Eagum • Easterlittens • Feinsum • Friens • Goutum • Grou • Idaerd • Hijum • Hilaard • Himpens • Húns • Jellum • Jelsum • Jirnsum • Jorwert • Koarnjum • Lekkum • Leons • Mantgum • Miedum • Reduzum • Snakkerbuorren • Stiens • Swichum • Tearns • Warstiens • Warten • Weidum • Wergea • Wytgaard • Wurdum | ||
Buorskippen: Abbenwier • Aldskou (foar in part) • Angwier • Baarderbuorren • Bartlehiem (foar in part) • Buerstermûne (foar in part) • Domwier • Finsterbuorren • Fjouwerhûs • Fûns • Goattum • Hesens • De Him • Hoek • It Hoflân • Hoptille • Marwert • Midsbuorren • Naarderbuorren • Noardein • Poelhuzen • Rewert (foar in part) • Skillaerd • Skrins • Suderbuorren • Suorein • It Tichelwurk • De Trije Romers • Truerd • Tsienserbuorren • Tsjaard • Tsjeintgum • Wammert • Westerbuorren • Wielstersyl • Wieuwens | ||
· · |