Waltastate (Tsjerkwert)
De Waltastate wie in eardere state yn Tsjerkwert, gemeente Wûnseradiel. Fan de stins of state út mooglik ein 15e iuw, is neat werom te finen, der stiet no in pleats.
Tusken 1494 en 1504 is Tjerck fan Walta grytman fan Wûnseradiel. Dêrnei is hy in oantal jierren gjin grytman, mar tusken 1519 - 1533 wol wer. Om 1520 spilet hy in rol yn de roerige jierren, doe't Karel V Fryslân oan him ûnderwurp. Tjerck wurdt opfolge troch syn soan Johan, dy't him lykwols Herema, nei syn mem, neamen giet.
De pakesizzer fan Johan, ek wer in Johan fan Herema, troude mei Wyts fan Cammingha, dochter fan de hear fan It Amelân. Pieter fan Herema, de soan fan Johan en Wyts lit nei syn dea, de state nei oan Watze fan Cammingha, dy't it hûs om 1660 bewenne mei syn frou Rixt fan Donia.
Al gau giet de state wer yn hannen oer fan in oare famylje; as Rixt yn 1681 stjert geane alle Camminghabesittings nei de famylje Schwartzenberg.
Yn 1765 wurdt de state mei arbeiderswenning en mûne ferkocht en om 1800 ôfbrutsen. Op it terrein wurdt dan in pleats setten.
Fan de state is in tekening bewarre bleaun fan Jacobus Stellingwerf út 1723. Hjirop stiet in skildereftich hûs, dat op in omgrêfte terrein liket te stean. De state bestiet út twa fleugels: De iene fleugel is heech en bestiet út ien boulaach, mei grif in ûnderkeldering en wurdt dekt troch in sealdak tusken treptoppen, wylst de oare fleugel breed is en mar ien boulaach hat. Hielendal rjochts is in útboude trepgevel, wylst der yn 'e midden ek noch ien sit. Dizze lêste is datearre 1652 en hat in gevelstien mei alliânsjewapens en ek noch in wapenfries. Dan stiet der ek noch in rûne toer op, mooglik in dowetoer; dit wurdt tocht, meidat der inkele gimmengatten yn it mitselwurk sitte. De state is nei alle gedachten 17e iuwsk, mei inkele âldere delen.
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1494 - 1533 Tjerck fan Walta
- Johan fan Herema
- Johan fan Herema, troud mei Wyts ffan Cammingha
- Pieter fan Herema
- ± 1660 Watze fan Cammingha, troud mei Rixt fan Donia
- - 1681 Rixt fan Donia
- 1681 familie Schwartzenberg
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |