Springe nei ynhâld

Unkel

Ut Wikipedy
Unkel
Pützgasse
Pützgasse
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Neuwied
Sifers
Ynwennertal 4.970 (gemeente) (2021)
Oerflak 8,16 km²
Befolkingsticht. 609 ynw./km²
Hichte 60 m.
Oar
Postkoade 53572
Koördinaten 50° 35' N 7° 12' E
Offisjele webside
Side Unkel
Kaart
Unkel (Rynlân-Palts)
Unkel

Unkel is in stedsje yn de lânkring Neuwied yn it noarden fan Rynlân-Palts. Unkel is ek it haadplak fan de ferbânsgemeente mei deselde namme. It stedsje leit likernôch 20 kilometer súdlik fan Bonn oan de Ryn en foarmet ûnderdiel fan it natoerpark Rhein-Westerwald. By Unkel hearre ek de stedsdielen Scheuren en Heister.

Al mear as 1000 jier wurdt der yn Unkel oan wynbou dien. It klimaat fan de lokaasje oan in bocht yn de Ryn is geunstich en ek de mineraalrike boaiem makket de grûn dêr poer geskikt foar.

It stedsje stiet bekend as Rotweinstadt en bekende politisi as Willy Brandt en Konrad Adenauer of skriuwers lykas Stefan Andres, Ferdinand Freiligrath en Annette von Droste-Hülshoff hawwe der wenne.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd hat in grut tal 17e, 18e en 19e iuwske fakwurkhûzen.

De Sint-Pantaléontsjerke is oarspronklik in romaansk gebou út likernôch 1200. Om 1300 hinne waard it romaanske koer troch in trijesidich iergoatysk koer ferfongen. Mei in ferheging en ferbreding fan de sydskippen yn 1502 waard de tsjerke útboud ta de hjoeddeiske letgoaytske halletsjerke. Yn de tsjerke oerhearsket de rike barokke ynrjochting, mar der is ek in romaansk doopbekken en in 15e-iuwske beskildere Pantaléonskryn. De skryn stiet lykas ek it romaanske doopbekken yn de kapel fan de Fjirtjin Needhelpers. Efter de tsjerke is in kriichsmonumint mei in foarstelling fan it Hillich Grêf.

Oanfal op Unkel (1583)

Yn 1553 krige de stêd muorren mei tuorren. Oan de kant fan de Ryn bleaune de muorren mei twa tuorren bewarre. De tuorren binne net mear lykas dy oarspronklik wiene. De Fronhof-toer waard yn 1803 yn neogoatyske styl ferboud, wylst de finzenistoer om 1700 hinne in nije barokke spits krige. De muorren stiene noch net sa lang doe't Unkel yn de Keulske Kriich yn 1583 belegere waard, mar it belis sûnder al te grutte skea trochstie. Yn de Tritichjierrige Kriich waard Unkel wol slim troffen, fral by in Sweedske oanfal yn it jier 1633.

It eardere Fronhof fan it Keulske stift Sint-Marij-ad-Gradus is yn de kearn midsiuwsk, mar waard yn de 19e iuw bot ferboud.

Yn de stedsdielen Heister en Scheuren steane de Sint-Sebastiaankapel (1753) en de Sint-Joazefkapel (1500). Dêrnjonken hawwe de beide stedsdielen ek noch in tal fakwurkhûzen dy't it besjen wurdich binne.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Unkel fan Wikimedia Commons.