Theodor Kittelsen
Appearance
Theodor Severin Kittelsen (Kragerø, 27 april 1857 – Jeløya, 21 jannewaris 1914) wie in Noarske keunstner. Hy is ferneamd fan syn natuerskilderijen en syn yllustraasjes fan mearkes en sêgen, benammen dy fan trollen.
Styl
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kittelsen syn skilderstyl kin yndield wurde tusken de neoromantyske en naïve keunst. As nasjonaal keunstner wurdt er yn Noarwegen tige respektearre en is er ferneamd, mar hy krijt net in soad ynternasjonaal omtinken en dêrtroch is syn namme faak net opnaam yn registers fan ynternasjonaal erkende skilders en keunstners[1].
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Æolsharpen, 1888. (Lofoten)
-
Pesta i trappen, 1896 ('De pest op 'e trep')
-
Skogtroll, 1906 ('Bosktrol')
-
In jonge op 'e rêch fan in bækhest dat mei him yn 'e rivier springt (op it skilderij Gutt på Hvit Hest)
-
Huldra forsvant ('De Hulder[2] dy't ferdwûn')
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Theodor Kittelsen fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|