Sytse Jansma
- Dizze side giet oer de dichter en filmmakker. Foar de sporter en dielnimmer oan de Olympyske Spullen, sjoch: Sijtse Jansma.
Sytse Jansma (1980) is Frysk en Nederlânsktalich dichter en byldzjend keunstner út Harns. Hy hat trije dichbondels skreaun en ien berneboek. Hy publisearret û.o. yn literêre tydskriften aa De Revisor, De Moanne en de Ensafh. Yn syn poëzij is meartaligens in wichtich tema. Syn wurk wurdt faak beskreaun as eksoatysk, byldryk en eksperimentiel.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Skriuwer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2003 ferskynt der foar it earst in gedicht fan Jansma, nammentlik yn de bondel Myn hert dat trillet my. Yn 2004 folge der in gedicht yn de Dream yn blauwe reinjas. Hy organisearre en presintearre it Literêr Sirkwy, in poadium foar dichters en skriuwers yn Fryslân, fan 2002 oant 2007. Ek wie er fan 2006 oant 2007 mei-presintator fan it literêr radioprogramma It literatuerfabryk by de Ljouwerter lokale omrop Radio Mercurius. Der is ûnderskaat wurk fan him opnommen yn blomlêzings, lykas yn Het goud op de weg en Spiegel van de Friese poëzie. Yn 2008 ferskynde syn debútbondel Wa’t tate seit moat ek whisky sizze by de Friese Pers Boekerij.
Hy foarmet mei Sito Wijngaarden it dichtersduo Jansma & Wijngaarden. It wurk fan Jansma en Wijngaarden kenmerket him troch in grutte gefoelichheid foar de eigen omjouwing. Lytse details wurde mei in ûnderkuolle humor foar it fuotljocht brocht.
Jansma makke diel út fan de redaksje fan it eardere literêre tydskrift Hjir, sûnt 2009 Ensafh. As lid fan Jansma & Wijngaarden wie er auteur foar it ynternettydskrift Doar.
Sytse Jansma hat oant no ta twaris de Rely Jorritsmapriis wûn. Yn 2006 foar it earst mei it gedicht Dat minsk berne waard en yn 2011 mei it gedicht Dagen ferwaaie.
Filmmakker
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neist dat er skriuwer is, is Jansma ek filmmakker. By de debútbondel kaam ek in DVD út. Dêrop steane foardrachten en troch de dichter sels foarlêzen fersen sintraal. De muzyk is makke troch de Rebound Boogie Bent en de tenoarsaksofonist Hans Wijnbergen. Op it Noardlik Film Festival fan 2007 waard de ferfilming fan it fers dat der hjoed in mage iepene waard draaid. Yn 2008 waard syn animaasjefilm in seemansferhaal draaid op ferskate filmfestivals. Dêrnjonken hat omrop NPS cultura de film útstjoerd.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2008 : Wa’t tate seit moat ek whisky sizze
- 2015 : As nomaden yn tinten teplak
- 2016 : Wapper (ko-auteur)
- 2024 : Rozige maanvissen
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2006 : Rely Jorritsmapriis mei it fers Dat minsk berne waard
- 2011 : Rely Jorritsmapriis mei it fers Dagen ferwaaie
- 2012 : Rely Jorritsmapriis mei it fers Oprop oan alle Friezen
- 2021 : Rely Jorritsmapriis foar it gedicht It waad
- 2023 : Rely Jorritsmapriis foar it gedicht In symfoanysk akwarel fan dyn toarst
- 2024 : C. Buddingh'-priis foar de dichtbondel Rozige maanvissen
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |