Springe nei ynhâld

Steve Irwin

Ut Wikipedy
Steve Irwin
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Stephen Robert Irwin
nasjonaliteit Australysk
berne 22 febrewaris 1962
berteplak Essendon (Fiktoaria)
stoarn 4 septimber 2006
stjerplak Batt Reef (Queenslân)
etnisiteit Iersk
wurkpaad
wurksum as dieretúndirekteur, natoerfilmer
medium tillefyzje
bekend fan The Crocodile Hunter
jierren aktyf 19972006
offisjele webside
www.australiazoo.com.au

Steve Irwin (folút: Stephen Robert Irwin; Essendon (Fiktoaria), 22 febrewaris 1962Batt Reef (Queenslân), 4 septimber 2006) wie in Australysk natoerfilmer, presintator, natoerbeskermer, miljeu-aktivist, herpetolooch en dieretúndirekteur fan etnysk Iersk komôf. Hy makke om 2000 hinne ynternasjonaal furoare mei syn natoersearje The Crocodile Hunter, dy't er presintearre mei syn frou Terri. Mei har runde er ek de dieretún Australia Zoo, yn Beerwah, dy't oprjochte wie troch syn âldelju. Irwin kaam yn 2006 hommels te ferstjerren nei't er by de ûnderwetteropnames foar in nije dokumintêresearje yn it hert stutsen wie troch in pylroch.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Irwin waard yn 1962 berne yn Essendon, in foarstêd fan Melbourne, yn 'e Australyske steat Fiktoaria, as de soan fan 'e herpetolooch Bob Irwin en dy syn frou Lyn, dy't ferwûne wylde bisten fersoarge. Doe't er acht jier wie ferfear er yn 1960 mei syn âlden nei Queenslân, dêr't er de legere skoalle ôfmakke en de middelbere skoalle trochrûn. Yn Beerwah, in plak op likernôch 80 km benoarden de Queenslânske haadstêd Brisbane, stifte Irwin syn heit it Queensland Reptile and Fauna Park, en Irwin groeide dêr op middenmank krokkedillen en oare reptilen.

Irwin wie fan bern ôf oan behelle yn it fuorjen en fersoargjen fan 'e bisten, earst by harren thús yn Essendon, en letter yn syn heite dieretún. Foar syn sechsde jierdei krige er in 4 m lange strewelpyton (Morelia amethistina) as húsdier kado, en op syn njoggende wraksele er ûnder tafersjoch fan syn heit foar it earst mei in krokkedil. As tweintiger wurke Irwin as frijwilliger foar it East Coast Crocodile Management-programma, wêrby't er persoanlik mear as hûndert ferskillende probleemkrokkedillen fong. De measten dêrfan waarden op oare plakken wer frijlitten, wylst in stikmannich, dy't om útinoar rinnende redens net rehabilitearre wurde koene, yn syn heite dieretún bedarren. Yn 1991 naam Irwin de lieding oer de dieretún oer, dy't er yn 1992 omneamde ta Australia Zoo.

Irwin syn widdo Terri Irwin.

Yn 1991 kaam Irwin yn 'e kunde mei Terri Raines, in Amerikaanske natoerbeskermster út Eugene (Oregon), dy't in toer makke by Australyske rehabilitaasjesintra foar wylde bisten lâns. Neffens Irwin en Raines wie it foar harren leafde op it earste gesicht. Hja ferloofden har fjouwer moanne letter en trouden op 4 juny 1992. De Irwins krigen letter twa bern, dochter Bindi Sue ("Bindi"), berne op 24 july 1998, en soan Robert Clarence ("Bob"), berne op 1 desimber 2003. Bindi Sue wie ferneamd nei Steve Irwin syn beide favorite bisten, de seekrokkedil Bindi en syn Staffordshire bullterriër Sui, wylst Robert Clarence ferneamd wie nei syn pake, Steve Irwin syn heit.

De Irwins brochten harren houliksreis troch mei it fangen fan probleemkrokkedillen. Ut 'e opnamen dêrfan, makke troch kameraman John Stainton, waard letter de earste ôflevering fan Irwin syn natoerdokumintêresearje The Crocodile Hunter gearstald. Dy kaam yn 1996 op 'e Australyske tillefyzje, en waard yn 1997 foar it earst yn 'e Feriene Steaten útstjoerd. Dêrwei waard de rige troch de stjoerder Animal Planet fierder oer de wrâld ferspraat. The Crocodile Hunter waard in trochslaand súkses yn Austraalje, de Feriene Steaten, Grut-Brittanje, Nederlân en likernôch 130 oare lannen, en berikte wrâldwiid in sjoggerspublyk fan sa'n 500 miljoen minsken. Debet oan it súkses wie net inkeld it spektakulêre ûnderwerp fan 'e rige, mar ek Steve Irwin syn persoanlike styl, mei syn swiere Australysk-Ingelske aksint, syn útskroevene entûsjasme, syn khakikleurige koarte broek en syn catchphrase Crikey (útspr.: ['krɔi̭ki], likernôch: "krôiky"), in lichte en typysk Australysk-Ingelske krêftterm, dy't frij fertaald "ferdikkemy" betsjut.

Irwin fuorret in krokkedil yn Australia Zoo.

Behalven in breed ferskaat oan plakken yn Austraalje besocht Irwin yn The Crocodile Hunter ek ferskate oare dielen fan 'e wrâld, wêrûnder de Himalaya, de rivier de Jangtse yn Sina, it eilân Borneo, East-Timor, noardlik Floarida en it Kruger Nasjonaal Park yn Súd-Afrika. Neitiid makke Irwin noch ferskate oare natoersearjes foar Animal Planet, te witten: Croc Files, The Crocodile Hunter Diaries en New Breed Vets. Foar Bindi the Jungle Girl, in natoerdokumintêresearje presintearre troch syn dochter Bindi, waard nei Irwin syn dea noch âld materiaal recycle en teffens nea earder fertoand argyfmateriaal oer Irwin brûkt.

Under Irwin syn lieding groeide syn mediakarriêre út ta in foarm fan realitytillefyzje, wêrby't ek syn priveelibben en syn wurk foar Australia Zoo beljochte waarden. Hy rjochte de organisaasje International Crocodile Rescue op, en de stifting Steve Irwin Conservation Foundation, dy't letter omneamd waard ta Wildlife Warriors. Yn 2001 hied er in kameoroltsje yn 'e Amerikaansk spylfilm Dr. Dolittle 2, mei yn 'e titelrol Eddie Murphy. Irwin syn iennichste wiere filmrol wie yn The Crocodile Hunter: Collision Course, in Amerikaanske famyljefilm út 2002, dy't útinoar rinnende kritiken krige. Yn dy film besiket Irwin, dy't himsels spilet, foar te kommen dat in groep CIA-aginten, dy't er foar streupers hâldt, in krokkedil fange dy't bûten syn witten om in folchstjoerderke opfretten hat. Fierders wie Irwin yn 2005 as stimakteur belutsen by de Amerikaanske animaasjefilm Happy Feet, wêrfoar't er syn stim liende oan 'e see-oaljefant Trev.

It Crocoseum fan Australia Zoo, dêr't de iepenbiere útfeartstsjinst foar Irwin holden waard.

Troch syn wurk promoate Irwin oanhâldend natoer- en miljeubeskerming en sette er him sûnder wurch te wurden yn foar it behâld fan bedrige bistesoarten. Net ien betwifele syn ynset op dat mêd, hoewol't der bytiden wol in protte krityk wie op 'e metoaden dy't er brûkte. It wie bygelyks Irwin syn wenst om bisten op te pakken sadat er se goed oan 'e kamera sjen litte koe. Fral mei giftige slangen smiet dat gefaarlike sitewaasjes (en dêrmei spektakulêre tillefyzje) op. Yn jannewaris 2004 ûntstie der kontroverse doe't Irwin yn Australia Zoo mei syn ien moanne âlde soan Bob op 'e earm in deade hin út 'e hân fuorre oan 'e 3,8 m lange seekrokkedil Murray. De poppe kaam dêrby sa deunby de krokkedil dat memmen oer de hiele wrâld de grize oer grouwe gie. Mei syn wurk levere Irwin ek in grutte bydrage oan it toerisme yn Austraalje yn it algemien en yn Queenslân yn it bysûnder.

Op 4 septimber 2006 wie Irwin oan it snorkeljen by Batt Reef, yn 'e neite fan Port Douglas, dat ûnderdiel útmakket fan it ferneamde Grutte Barriêrerif foar de kust fan Queenslân. Hy makke dêr opnames foar syn nije dokumintêresearje Ocean's Deadliest ("De Deadlikste [Bisten] fan 'e Oseaan"). Yn boarstheech wetter kaam er dêr in pylroch oer it mad, dy't syn neieroankommen blykber opfette as in oanfal, en Irwin yn in pear tellen tiid in grut tal kearen mei syn stikel yn it boarst stiek. Neffens de iennichste tsjûge fan dat foarfal miende Irwin earst noch dat er yn 'e long rekke wie, mar it die al gau bliken dat syn hert trochboarre wie, en Irwin blette dea ear't er medyske help berikke koe.

It skip de Steve Irwin, fan 'e anty-walfiskfeartorganisaasje Sea Shepherd.

Irwin syn dea is nei alle gedachten it iennichste foarfal fan in deadlike oanfal fan in pylroch dy't ea op 'e fideo fêstlein is. De bylden waarden neitiid besjoen troch de Queenslânske plysje, wêrnei't alle kopyen op fersyk fan 'e djipdrôven ferneatige waarden. Steve Irwin waard op 9 septimber 2006 op it terrein fan Australia Zoo begroeven by in besletten útfearttsjinst en beïerdiging. Op 20 septimber waard der yn it grôtfolle, 5.500 sitplakken tellende Crocoseum fan Australia Zoo in iepenbiere tinktsjinst holden, dy't úteinsette mei in ynlieding troch akteur Russell Crowe en ek in taspraak fan 'e Australyske premier John Howard omfieme.

Ferneamings nei Irwin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei Steve Irwin binne twa bistesoarten ferneamd. Doe't er yn 1997 mei syn heit út te angelfiskjen wie, ûntdiek er in nije soarte skylpodde, dy't letter de Irwinskylpodde of Irwins skylpodde (Elseya irwini) kaam te hjitten. Postúm waard in yn 2009 ek in nij-ûntdutsen Australyske soarte lânslak, de Crikey steveirwini nei him ferneamd. Nei Irwin syn dea waard fierders ek ien fan 'e skippen fan 'e fanatike anty-walfiskfeartorganisaasje Sea Shepherd omneamd ta de Steve Irwin.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.