Springe nei ynhâld

Spûkdieren

Ut Wikipedy
Spûkdieren
Filipynsk spûkdier (Tarsius (cephalopachus) syrichta)
Filipynsk spûkdier (Tarsius (cephalopachus) syrichta)
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: primaten (Primates)
ûnderskift: drûchnoazigen (Haplorhini)
tuskenskift: spûkdiereftigen (Tarsiiformes)
famylje; spûkdieren (Tarsiidae)
J.E. Gray, 1825

De spûkdieren (Tarsiidae) binne in famylje yn it tuskenskift fan de spûkdiereftigen (Tarsiiformes). Alhoewol de fersprieding yn it ferline, nei de fossilen, grutter west hat, is de famylje op it stuit beheind ta eilannen yn Súdeast-Aazje.

Spûkdieren hawe in lichem fan sa'n tolve sm. Dêr komt dan noch in sturt by dy't op himsels al hast 25 sm lang wêze kin. Oars as de lange sturt fan in grypsturtaap, kin in spûkdier de lange sturt net brûke om te grypen. Mei sterke efterpoaten, kinne hja meters fier ljeppe, en de sturt is der foar it lykwicht.

De spûkdieren hawwe grutte eagen. Lykwols kinne hja de eagen net fan rjochting feroarje. Dêr tsjinoer hawwe je ekstra sterke nekspieren, dy't it mûchlik meitsje en draai gâns de holle, om nei in oare kant te sjen. Dy kinne sa'n feroaring oan, dat it bist de kop nei rjochtefterút draaie kin.

De wiere spûkdieren libje op Selebes. It binne de lytste: folwoeksen net mear as 10 sm. Dêr tsjinoer binne der dêr gauris sân ûnderskate soarten.

De westlike spûkdieren libje op Borneo en parten fan Sumatra as ien soarte. Der binne wol wat lytse ferskillen tusken de eilannen, mar net genôch om harren as mear as ien soarte te sjen.

De skouspûkdieren libje op de Filipinen. It is tinklik ien soarte, mar it is dreech om dat út te meitsjen, ek al binne it grutte bisten, nei mjitten fan spûkdieren. De dieren op de Filipinen kinne wol 15 sm grut wurde, mar, lykas de namme oanjout, de dieren binne tige skou. Hja binne nachtdieren, en binne sa dreech te finen, dat it oan't no ta net wis is at it ien soarte is, as mear, as mei mear ûndersoarten.

De hjoedeiske spûkdieren hearre ta ien fan trije skaaien. Dernjonken binne der in twa as trije soarten dy't noch net beskreaun binne, en wurde twa soarten yn fossilen beskreaun, dêr't it plak yn de klassifikaasje net wis fan is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • As boarne is meast [1] brûkt.