Springe nei ynhâld

Slow architecture

Ut Wikipedy

Slow Architecture is in arsjitektuerstyl of arsjitektueropfetting dêr't de gearhing mei it neistlizzend en de omkriten in wichtige rol spilet.

Slow Architecture is ek it starich en mei ferdrach bouwen, yn tsjinstelling mei it yn ien kear setten fan in gebou. Sa'n wize fan bouwen kin neffens de foarstanders ek jild besparje.

It gebrûkmeitsjen fan de mooglikheden en kwaliteiten fan besteande struktueren moat it nije gebou in sterkere bân mei de wenkrite en mienskip jaan. It besteande is it resultaat fan in spul fan in protte faktoaren, dy't mei-inoar in proses libben hâlde dêr't it hjoeddeistige it gefolch fan is.

Gebrûk meitsje fan de kontekst jout ek in kâns om pleatslike boutradysjes en unike bylden (fan doarp, stêd, lânskip) te behâlden. Net om te konservearjen, mar krekt om fuortgong yn in kontinu proses te ferankerjen.