Springe nei ynhâld

Sint-Gertrudistsjerke (Peins)

Ut Wikipedy
Sint-Gertrudistsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
plak Peins
adres Doarpsstrjitte
koördinaten 53° 12' N 5° 35' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Gertrudis fan Nijvel
Arsjitektuer
boujier 1200
boustyl Iergoatysk, romaanske resten
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 15862 [1]
Webside
PKN Ried-Skingen
Kaart
Sint-Gertrudistsjerke (Fryslân)
Sint-Gertrudistsjerke

De Sint-Gertrudistsjerke is in tsjerkegebou fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken yn Peins.

De tsjerke (± 1300) wie yn de katolike tiid oan de hillige Gertrudis wijd. De ienbeukige tsjerke mei resten fan dowestien hat in trijesidige koarsluting. Yn 1902 is de sealtektoer ôfbrutsen. Fan dy stienen is in nije westgevel boud mei in houten geveltoer. Yn de toer hinget in yn 1654 getten klok fan klokkejitter Jurrien Balthasar.

De tsjerke is in ryksmonumint en is eigendom fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken.

Van Dam-oargel

It hjoeddeiske oargel boude L. van Dam en Zonen yn 1867 foar de tsjerke, wylst de oargelkas yn 1828 oarspronklik boud waard foar de Frjentsjerter Fermanje. Van Dam brûkte foar de bou fan it doe nije oargel piipwurk fan it âldere oargel, dat Jan Harmens yn 1700 foar de tsjerke boude.

It oargel hat 7 registers en ien manuaal en in oanhongen pedaal.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et.al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, deel 6. Zeist: Rijksdienst voor de Monumintesoarch / Swol: Waanders. ISBN 90 400 9476 4
  • Stichting Alde Fryske Tsjerken Peins, tsjerkeynfo
  1. Ryksmonuminten