Springe nei ynhâld

Shakopee (Minnesota)

Ut Wikipedy
Shakopee
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Minnesota
County Scott County
Sifers
Ynwennertal 38.744 (2012)
Oerflak 75,9 km² (ynkl. wetter)
72,6 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 511,1 / km²
Stêdekloft Minneapolis-St. Paul
Hichte 234 m
Oar
Stifting 1854
Tiidsône UTC -6
Simmertiid UTC -5
Koördinaten 44°47′50″N 93°31′35″W
Offisjele webside
www.ci.shakopee.mn.us
Kaart
De lizzing fan Shakopee yn Scott County en
yn 'e steat Minnesota.

Shakopee (útspr.: ['ʃɑ:kǝpi:]) is in stêd yn it súdlike part fan 'e Amerikaanske steat Minnesota. It leit oan 'e súdigge fan 'e rivier de Minnesota, en is it haadplak fan Scott County. Shakopee is ferneamd nei trije achttjinde- en njoggentjinde-iuwske opperhaden fan 'e Dakota-Yndianen, dy't allegearre fan Šakpe (útspr.: ['ʃakpe]) hieten. Neffens in offisjele skatting út 2012 (op grûn fan 'e gegevens fan 'e folkstelling fan 2010) lei it ynwennertal fan 'e stêd doe op krapoan 39.000 minsken. Mei buorstêden foarmet Shakopee it súdwestlike part fan 'e agglomeraasje fan Minneapolis-St. Paul, in stêdekloft dy't goed 3,4 miljoen ynwenners hat.

Grêfheuvels by de rivier de Minnesota lâns bewize dat de krite fan Shakopee teminsten al 2.000 jier bewenne is. Yn 'e santjinde iuw, doe't de earste blanke ûntdekkingsreizgers it gebiet oandiene, libben der ferskate troepen Dakota-Yndianen fan 'e Mdewakanton-substamme. Under it Ferdrach fan Traverse des Sioux, út 1851, stiene de Dakota lân ôf oan blanke kolonisten. Datselde jiers waard op dat lân noch in hannelspost iepene troch in Thomas A. Holmes. Trije jier letter, yn 1854, waard op dat plak de delsetting Shakopee stifte, dy't al fluch oanwoeks en yn 1857 de status fan stêd krige. Troch de driging fan in oarloch mei de Dakota (dy't yn 1862 ek wier-wier útbriek) teagen fan 1860 ôf in protte lju wer fuort, sadat Shakopee yn 1861 syn stedsstatus ferlear. Pas yn 1870 wûn it dy werom, al ferlear it dêrby syn westlike útein, dy't selsstannich fierder gie as Jackson Township.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Shakopee 6,8% âlder as 65 jier en 30,2% jonger as 18 jier. Fierders bestie 27,4% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst neffens âldere gegevens, fan 'e folkstelling fan 2000, doe 3,5% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 69,2% blanken; 10,3% Aziaten; 7,8% Latino's; 4,3% swarten; 1,2% Yndianen; 7,2% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.