Robert Hughes (kritikus)
Appearance
Robert Hughes (kritikus) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Robert Studley Forrest Hughes | |
nasjonaliteit | Australysk | |
berne | 28 july 1938 | |
berteplak | Sydney | |
stoarn | 6 augustus 2012 | |
stjerplak | New York | |
wurkpaad | ||
berop/amt | skriuwer, telefyzjedokumintêremakker | |
aktyf as | keunstkritikus |
Robert Studley Forrest Hughes, AO (Sydney, 28 july 1938 - New York, 6 augustus 2012) wie in yn Austraalje berne keunstkritikus, skriuwer en telefyzjedokumintêremakker.
Hughes waard wrâldferneamd mei syn boek The Fatal Shore oer de skiednis fan Austraalje. Hughes ruile Austraalje foar Europa yn 1964, wenne yn skoft yn Itaalje ear't er him nei wenjen sette yn Londen (1965). Hy skreau dêr ûnder oaren foar The Spectator, The Daily Telegraph, The Times en The Observer. Fan 1970 ôf oant syn dea wenne en wurke er yn New York, dêr't er ûnder oaren tsientallen jierren keunstresensint foar Time Magazine wie.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Donald Friend, 1965
- The Art of Australia, 1966
- Heaven and Hell in Western Art, 1968
- The Fatal Shore, 1987 - Nederlânske oersetting: De fatale kust.
- Lucian Freud Paintings, 1989
- Nothing if Not Critical: Selected Essays on Art and Artists, 1991
- The Shock of the New: Art and the Century of Change, 1991
- Barcelona, 1992
- Culture of Complaint, 1993
- American Visions: The Epic History of Art in America, 1998
- A Jerk on One End: Reflections of a Mediocre Fisherman, 1998
- Barcelona: the Great Enchantress, 2001
- Goya, 2004
- Things I Didn’t Know: A Memoir, 2006
- Atelier Margritte, 2008. Nederlânsk: Atelier Margritte.
- Rome: A Cultural, Visual and Personal History, 2011. Nederlânsk: De zeven levens van Rome.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Anderson, Patricia, Robert Hughes: The Australian Years, Pandora Press, 2009. ISBN 978-0-9579142-2-3
- Britain, Ian, "Once An Australian: Journeys with Barry Humphries, Clive James, Germaine Greer and Robert Hughes", Oxford University Press, 1997 ISBN 0195537424